alzheimer algoritme

ik sjoch him net en hear him net. op flústerfuotten dwaalt er yn my om foar my út de trep op. boppe rôlet hy swier myn holle as in granaatapel oer de badkûperâne en oer de  fliertegels, om sa myn pitsjes fan it ferstân los te weakjen. ik sykje it wêzen fan dyn bestean, seit er, ik leavje dy en ik fret dy op. Wat oerbliuwt is inkeld de essinsje fan dyn libben. Mear as sykheljen hast mei de tiid net nedich.

Juster soarch oerlis foar J. Hy wennet allinnich yn in doarpke oare kant Drachten, wy binne de iennichst neiste famylje. Koartlyn krige hy te hearren dat er Alzheimer hat. Juster in soad ôfspraken makke. Sawat it heale doarp wie der. De iene buorman sil de administraasje dwaan, de oare de sinteraasje. De tredde de boadskippen en de fjirde sil húshimmelje. De fiifde, seisde en sânde sille geregeldwei efkes lânskomme foar in praatsje of in buorrel. De geriatryske ferpleechkundige fan de soarch dy’t ek yn it doarp wennet, hat de regy, tafeltsje-dekje is besteld, it alarmsysteem oanfrege, it bêd kin as it moat sa nei ûnder ta, alle wiken nije blommen op tafel en by moai waar moarns om tsienen hinne mei in buorman in kuierke troch de buorren. Wy hâlde him wol yn de gaten, hear. Wy binne in soarchsum doarp, dit dogge wy gewoan.

Ashiemstra, seit J. hy set my wol de foet yn de nekke net? mar brekke sil er my net. ast noch ien witst foar de fyts? sykje mar in keaper foar de auto, en nee, in nij mobyltsje wol ik net. dêr kin ik dochs net mei út de fuotten. as ik no mar op ’e tiid de papieren foar de belêsting binnen ha, foar ien april net? of is foar ien maaie, ik wit it sakrekt net mear. is dat no Ashiemstra wat my sa yn de wei sit?

Doe’t wy justerjûn thúskamen leine der nije berjochten út Amearika op my: freon D. is wer werom yn communicado modus. Ik ferhelje oer de krookjes en hoe’t snieklokjes yn it Frysk ek wol neakene earskes neamd wurde, oer ús kursus Spaansk en oer de alzheimerperikels yn de famylje. Fan ’e moarn docht bliken dat er my yn de nacht in lange mail stjoerd hat oer Artifical Intelligence en hoe’t de algoritmen fan tsjintwurdich o sa maklik ferriederlik nij proaza meitsje kin. Ik sil him daliks weromskriuwe. Dat wy dy Google algoritmes dan mar moai ynjektearje moatte mei it bloed fan Ashiemstra syn granaatapels.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *