Arbeitseinsatz: Op hûs oan

Nei in razzia op 17 novimber 1944 yn de NOP (dêr’t ús heit timmerman wie yn de nijbou fan pleatsen-LS) op transport nei Dútslân. We komme terjochte yn Elbergen, fuort by Lingen. Fiif moanne lang Tankfallen grave en dêrnei yn de omkriten wat omswervingen fanwegen bombardeminten. Ein maart krije wy te hearren dat wy nei Leer ôfsette moatte en nei hûs, seinen se. Dat giet net troch. We moasten earst noch nei Hezel – in tsien km fan Leer – beamstammen sjouwe. Dat duorre 10 dagen, mar doe wie it dochs safier. Om in oere of 7 jûns krigen wy ús papieren werom en brocht in Dútser ús oer de Eemsbrêge. Hy gie werom, wy moasten ús fierder mar rêde. No, dat soe wol gean.

Wy wiene mei sa’n hûndert man rjochting Nijskâns, mar it waard hieltyd drokker op strjitte, want út de kant fan Grins wei kaam ús in stream fan flechtlingen temjitte, allegear NSB-ers. Op weinen, karren, fytsen en rinnendewei giene sy allegearre it Heimat yn. Nachts om ien oere kamen wy by de grins. De foarman fan ús groep hie in list mei nammen en moast eefkes nei binnen ta, dêrnei eefkes telle en wy wiene de grins oer en wer yn Nederlân.

No fierder rjochting Beerta. It is hartstikke tsjuster en moast op de dyk rinnen bliuwe fanwegen de ienmansgatten yn de berm. Op in gegeven momint komme wy by in krusing, hokfoar kant moatte wy op? Der stiet in rjochtingoanwizer, mar it is te tsjuster om wat te lêzen. Ljocht hiene wy net en wy wisten amper mear hoe’t in lúsjefer der útseach. Dat mei-inoar ien optille en ja dy kant op. Wy hiene sa ûnderwilen al wol sa’n 30 km rûn mei al ús hawwen en hâlden by ús. Einlings, dêr is in oerkaping mei striepakken en omtrint de hiele groep dûkt der yn. It binne der safolle dat wy mei ús trijen mar trochrinne. In ein fierder fine wy ûnderdak yn sa’n grutte foarrieskuorre by in boer. As wy yn it tsjuster troch de skuorre rinne stroffelje wy oer eat. Wy hearre geflok, dat wy binne hjir net de earsten.

De oare deis om in oer of tsien trekke wy fierder en komme yn it doarp Beerta. Net te leauwen mar foar alle huzen stean de minsken te pankoekbakken en se koene noch wol foarút want ús groep wie net de iennige. Der wiene Belgen en Russen en noch mear. Gjinien mocht fierder yn de rjochting fan Winschoten want dêr sieten de Dútsers noch. Wy moasten de kant op fan Finsterwolde, dêr waarden wy ûnderbrocht yn boereskuorren dy’t dêrfoar ynrjochte wiene en ek foar it iten waard soarge. It is dan 13 april. De sneons bliuwe wy hjir ek noch, mar snein 15 april, om 12 oere sjogge wy de flagge op in toer fan Winschoten wapperje. Sneintemoarns hawwe 3 Ingelske fleantugen in brêge ûnder fjoer nommen en doe binne de lêste Dútsers flechte.

Yn Winschoten hawwe wy de befrijing meimakke. Der wie in enoarm feest, mar wy woene graach fierder mar krigen gjin kâns dêrta. In elk hie wol famylje of kunde yn Dútslân, en om’t wy dêr mei ús plunje omsjouden, hiene se it wol troch dat wy út Dútslân kamen. En mar freegje, binne jimme dy en dy ek tsjinkommen, of dy en dy. We koene se net wizer meitsje, mar dat dearde net, wy moasten by harren yn ’e hûs. Se hiene foar dizze dei echte tee bewarre en dêr moasten wy ek fan mei drinke. Wer wat fierderop krigen wy bôle mei foar ûnderweis. Op it lêst wiene wy de stêd lokkich wer út en mar wer rinne, de kant út fan Alde en Nije Pekela. Yn ien fan dizze doarpen fûnen wy ûnderdak by in lytsboerke yn de skuorre.

En dan de oare dei mar wer fierder en mar rinne en mar slepe mei dy plunje. We woene graach opsjitte, mar ien fan de twa siet gjin skot yn en bleau hieltiten achter. Hiene wy no mar in karre of sokssawat. In pear froulju by in wenning freegje wy at sy ek wat hawwe. Nee, mar dy boer dêr yn de fierte hat in karre makke litten foar it gefal se flechtsje moasten. It is in lang keal ein, mar as wy te’n lêsten by dy boer oankomme wol hy ús net syn karre jaan. Wy kinne wol in âlde bernewein meikrije, mar dy wol er graach wol werom ha. Dat sizze wy him ta.

It is noch in hiel ein nei Gieten, mar krekt foar Gieten komt ús in frachtwein temjitte, sa’n ien mei in plat bakje. Jammer, gie er mar deselde kant op as wy. Mar nei in minút of tsien komt er ús fan achteren op. As hy by ús is, stoppet er en kinne wy meiride fan Gieten oant Rolde ta, sa’n 10 km. Dat sjit op.

En dan mar wer rinne. Oer Assen nei Smilde. Dêr oernachtsje wy wer by in boerke yn de skuorre. Oare deis wer fierder en komme dan by de ôfslach nei Appelskea. Dêr nimme wy ôfskied fan Henk, hy moat nei Enschede. As wy yn Appelskea komme geane wy nei kunde fan my. Dêr kinne wy wat rêste. De bernewein bliuwt hjir yn de skuorre stean. Myn maat moat nei Noardwâlde en wol him net meinimme. Ik gean nei de ûnderwizer, hy wenne eartiids by ús yn it doarp. Fan him kin ik in fyts liene. Sa kom ik presys nei fiif moanne wer thús.

P.S. Sa’n 2 moanne letter, doe’t alles wer wat op ’e regel wie, ha ik de bernewein weromstjoerd.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *