Moardskriuwer

Gjin ynspiraasje, gjin betrouwen yn eigen feardigens mear, no al skjin syn nocht fan it skriuwen. It is like folle as neat wat er op papier set. De minsken skite op wat er skriuwt, se witte net iens dát er wat skriuwt. Wêrom? Om’t de rest fan de minskheid opsletten sit yn in perfide sportferdwazing en oars fergrieme de lju harren wol oan de rûnombywêzige ferslachjouwing fan saken as it DNA-nijs fan in jonkje en de syktocht nei de mooglike moardner yn in útoarde fan de Vogezen. Nee, it is klear dat ús skriuwer sa gau mooglik de sportmisdiekant op moat, as er wol dat in libbene siel him noch lêst.

Ris sjen, hoe moat er dit oanpakke? It slachtoffer moat mar in âld en begrutlik frommeske wêze, ien dy’t alle dagen nei de tsjerke giet om te bidden en de kêrskandlers te wriuwen. In ferskuorrend sympatike, eardere sportfrou, dy’t de beppe fan ús allegearre wêze kin. Litte wy har Fokje fan Sibbel neame. FokjeSibbel fan Langsweagen, dat bekket wol aardich en och, it hoecht ek net alle kearen te alliterearjen. Us FokjeSibbel hinne-en-werre swimmendewei foar de oarloch yn ien wike de alvestêdetocht, mar kweade wettergeasten woene derop út dat der in Aldfryske toverdrank yn Sibbeltsje har liifmoer sitten hie. Dizze minne dopingbeskuldiging hat Fokje it hiele libben dwers sitten. Samar in detail om fierder út te wurkjen (der moat ek aardich wat âldfrinzich agrarysk Frysksinnigens yn sitte, net ferjitte!).

Ah, it wapen. Pak him beet, dat moat de bibel wêze, noch better de kassette fan Kader Abdollah syn Koran en De Boodschapper, dat leit stevich yn de hân, mept lekker fuort en stiet dochs mar te skimmeljen ûnder yn de boekekast. Sa wurdt it fansels in hjoeddeiske literêre thriller, dizze skriuwer docht it net foar minder. Watsei, dit wurdt in nij sjenre, de literêr-teologyske multikulti thriller. Behoarlik deryn poeierje, want Allah, hy jout en ferjout. Foar de ynflústere yllústere ferslachjouwers fan Omrop Fryslân moat it in ferdomd fotosjenyk bluodderich skouspul wêze as se Fokje fan Sibbeltsje aanstendaliks live yn har deabealgersspultsje fine. En genôch bloed op it loshingjend fleis dat ek de hûnen fan de Telegraaf wat te fretten rûke.

De moardner, wa sil dat wêze meie? In Peter R de Vries-type mei as motyf dat er de lêste tiid temin op de telefyzje west hat? Ja, hy moast wer eefkes syn nijswearde opskodzje. Peter R. de Vries, dy’t letter better bekend wurde sil as P.R. de V., blykt in wiere biiskrêfter. Dat is in persoan dy’t mei in skala oan oerlibbingstechniken him yn it krimineel miljeu steande wit te hâlden.

De tipjouwer is de krúsjale faktor, sûnder de koöperaasje fan it publyk kin de plysje ommers noch gjin mol fange. Dit moat fansels in sûnder helm berne Holleeder-yndividu op in brommer wêze, dy’t revâns nimt op dy glûpendgeile P.R. de V.

Och, hat de skriuwer net alles yn de hân? Hy is de God fan ’t plot. Alle kanten kin er út, de moaiste sinnen sil er skriuwe, alle Fryske útjouwers sille flybkje om myn manuskript. 30.000 Euro subsydzje fan it Letterenfonds, op syn minst! Earst swart op wyt graach, want dizze skriuwer docht it net foar minder.
Yes, ik ha mysels út de nederklits skreaun. No sil it wiere skriuwen begjinne!

Kader Abdolah: De Koran; De Boodschapper; De Geus BV, ISBN 978 90 445 0913 7 

De foeterkont yn my

‘Is it de âlde dei? Sis it mar. In soad, en by tiden alles wat my net nei it sin is, fyn ik hoe langer hoe mear in saak fan neat. Hielendal neat! En dat lit ik tsjintwurdich hearre ek. Dêr móat ik dan wat fan sizze, witst wol? It liket oft der alle dagen mear spul en gedoch my allemachtich tsjinstiet en oangriist. Ik neam mar wat: iepenloft festivals, rapmuzyk, krimineel nijs, djoere moade, design dweperichheid, poehaskoppers, megalomane sensaasjeprojekten. Sa kin ik noch oeren trochgean. Wol ik dêr wat fan witte? Nee, dêr wol ik skjin neat fan witte! Soademiterje op mei dy trochnaaide boel.’
‘No, sa kin it wol wer, net? Sels ha ik snein nei Ljouwert ta west, en net allinne om der oer meiprate te kinnen.’
‘Dy reuzen en de minskemassa? Brek my de bek net iepen, man. Dat is dochs klearebare opium foar it fet en tierich folk, wol sa ôfgryslik jier nul! It hat folslein neat om de hakken! Oppoetst kommersjele heechdragendheid, foar twa miljoen daalders en noch in pear stoeren. Sirkus Semana Santa op syn Frysk. Watsei, der siet neffens my gjin sprút Frysk by. Moatst wol in hiel leech en minnich libben ha datsto foar dizze populistyske poppekast mei sa’n flutferhaal it hiele keleare ein nei Ljouwert ta giest. Moai datst op it ein gjin kant mear op koest op in grôtfol stasjon fol nearzich nocht en bedoarne wille.’
‘Do sitst te swetsen as in hin sûnder kop. Der binne in hiel soad minsken, read my lips: IN HIEL SOAD, dy’t dit moai fine, dy’t dit wurdearje kinne, hjir bewûndering en respekt foar hawwe, dy’t hjir bysûnder bliid mei binne. En do moatst sa nedich alles ôfbrekke sûnder ferstân fan saken? Moast ris sjen hoefolle Friezen der oan mei dien hawwe. Dy’t har de neilen fan de teannen skrept hawwe. Swim de âlveststêdetocht sels mar ris yn trije dagen en prottelje dan pas. Meist der wat fan fine, jawis, mar do moatst net út dyn ivoaren toer wei der sa ferskriklik delheljend oer sitte te âljen, grumpy old man.’
‘No ja, sa tink ik der oer! En dêr mei ik wat fan sizze, of net dan? Wy wenje yn in frij lân, wy wol. Noch wol.’
‘No krije wy dát wer! Do hast in probleem, keardel. Witst wat dyn tekoart is? Dyn synisme. Synysk wêze, jonge, is de dea yn de doofpot. Wêrom makkest it dysels sa swier? Genietsje man, genietsje fan de wrâld om dy hinne, ek al is it dyn wrâld bytiden net mear. Der binne dochs genôch saken wêrt’sto bliid fan wurdst? Ik neam mar wat: dyn e-bike, âlde keunst, it moarntiidsljocht, frou, freonen en oare Friezen, bern en pakesizzers, piele mei taal en boeken, Verdi, Bach, Beethoven, As With Rosy fan Lorraine Lieberson. Sil ik sa noch oeren trochgean? Nije dingen, bygelyks! Eartiids woesto fan alles leare, woest fan alles witte. Wêr is dyn ferwûndering bleaun? Begjin no ris mei dysels. Wat hast leard yn dyn libben? Datst dy stilhâlde moatst oer alles datsto net kenst en sykje it út. Moatst it sels ûnderfine, dyn eigen wurden! Fierder sile op eigen kompas, blikstiender. Ast sa graach segrinich en lilk wêze wolst, krimmenearje dan foaral oer dysels, op dyn spoekerich bultsje yn dyn suterich bubbeltsje. Wês earst mar ris lilk op dyn yntellektuele maklikens, dyn skiterige ynberne loaiens, dyn brimstich koartsichtich elitêr betterwitten. Want dat is it, foeterje is belies jaan, de makkelikste wei. Foeterje is de eagen yn de bûse hâlde en de flakte besjen út in optyske yllúzje. Foeterje is in trip foar egosintryske leechharsens.’
‘No moatst eefkes nei dysels sjen, keutelmaatske splintersiker! Teminsten, ást noch wat sjochst mei dy spjalte balke yn de eagen.’

O sa nochteren, dy Friezen

Se lei te wachtsjen op de dea, mei beide bern om har hinne. Sa meager wie se, sa smel en brekber. Se soe kremearre wurde kinne op in teeljochtsje, seine wy tsjin elkoar. Wat wie se eartiids bang foar alles wat oars wie en frjemd en har ûnferwachts yn ’e mjitte kaam. Deabenaud hie se west foar it tsjuster en de tonger en foaral foar it fjûr.

Wy holden har hân fêst en lieten har soms mei in sûchreidsje wetter drinke. Sa sieten wy by har, fol treurige leafde en earbied en mei in hurde brok yn ’e kiel.

Doe flústere se wat, ik koe it noch krekt fernimme. Doch it ljocht mar út, sei se. En dat wie it.

Damje op de Elyzeeske fjilden

‘Jannes, ik sit op de Fryske Akademy foar Sjoernalistyk en myn earste opdracht foar it fak Nepnijs is om in sporter te befreegjen. Maklik begjinne, sei Abe, ús dosint. Myn earste fraach moat dan wol wêze hoe’t it dy foldocht, dêr yn de himel.’
‘No ja, hjir is noch hyltyd gjin bier, mar nei mear as tweintich jier is it himeljen sels foar my wol wat better wurden.’
‘Hoe dat sa, wurdst tsjintwurdich sponsore troch dy Boalserter brouwerij, Us Heit?’
‘Nee, dat net, mar koartlyn kaam ik einlings yn de sânde himel en dat is yn dizze omkriten wol moai de heechste rating. Yn de earste seis komst allinnich mar silligen tsjin dy’t mei harren siel ûnder de earm rinne. Mar hjir yn de hichte sitte myn sielsibben: BN’ers fan de telefyzje, helden, ikoanen, ferrinnewearre goaden en in hiel soad hillige silligen. Of sillige hilligen, dêr wol ik ôf wêze.’
‘Hoe hast dat foarinoar krigen, dy promoasje?’
‘Ien of oare malloat hat in enkête útskreaun oer wa’t de grutste cultheld is yn de Nederlânske sportskiednis.’
‘Dat wie myn dosint. Hy hat publikaasjeplicht, dan moat er wat. En de winner fan dy enkête wie… Jannes van der Wal fan Tsjalbert!’
‘Mei grutte foarsprong!’
‘En hoe fielt soks?… Jannes? Hoe fielt soks??… Eehhh, Jannes? Joust de rún noch wol ris in raam?… De rún! De rún, Jannes. Hast dy noch wol ris in raam jûn?… Damje, witst wol?… Dammest noch, damnit!!… Jannes???…’
‘Nim my net kwea-ôf, by in gefoelsfraach klap ik hyltyd ticht. No bin ik wer by de les. Ja hear, ik damje noch withoefaak. Oan de ein fan myn libben hie ik oars skjin myn nocht fan it damjen, al dy ferrekte remizes. Ik ha doe noch in skoftsje oan it bridgen west, mar ik koe net twastimmich sjonge yn in spantsje en der wiene ek fierstente folle tutsjemuois mei botoxboarsten om my hinne. Mar doe dat skaken, ja, dêr hie ik ek wol in soad nocht oan.’
‘Damjen én skaken, Jannes, akkordearret dat wat mei elkoar?’
‘No, moatst sa tinke, damjen is arbeidzjen, skaken is in aardichheidsje. Damjen is folksk, skaken feodaal. Damjen is folle dreger.
‘Krijst noait genôch fan dat damjen en skaken dêrboppe?’
‘Och man, hâld op. It is alle dagen wer feest. Ik kaam lêsten Philidor noch tsjin, oare kant de Elyzeeske fjilden. Machtich moai dêr. Yn Redbads tiid waarden dat de ivige jachtfjilden neamd, mar ja, jachtsjen en streupen binne al sûnt goadeheugenis yn de ban rekke. Rink van der Velde, dy âld murdejeier, hat noch in petysje skreaun dat it net raarder wurde moast. Mar dat hat gjin fertuten dien by de Baas. En hy kin skriuwe, dy Rink.’
‘Koe.’
‘Kin! Sjoch, dû kinst wol op sa’n akademy sitte en in stúdzje meitsje fan it eartiids en notiids oer al it ûngeregeld sportguod, mar hjir sit it sjesa dat alles yninoar oerfloeit. Hjir is gjin folsleine doe-dantiid: de tiid hâldt hjir ivich skoft. Wy dogge hjir alles tagelyk en mei inoarren en troch inoarren hinne. Ik spylje mei Philidor: hy skaakt, ik damje en it makket gjin sprút út.’
‘Jannes, ik wol dit fraachpetear ta in ein bringe en dy noch ien ding freegje. Us heit is stoarn en dy mocht wol sa ferhipte graach damje. Ast him tsjinkomst, soest dan ris in kear mei him damje wolle?’
‘Fansels, jong. En witst wat? Yn de himel binne gjin winners en ferliezers. Hjir twifelest nea net, kinst gjin fouten meitsje, de iene is net better as de oare. Jim heit kin by ús op it heechste nivo in grut tal prachtige partijen tagelyk spylje dy’t withoelang duorje kinne en it is hyltyd remize. It giet hjir om it wêzen, om duorsumens, net om it wurden of de moaiskyn fan it bedroch. Skriuw dêr mar ris oer.’

Wêrom lêze jo…?

‘Wêr giet dat boek oer?’ frege it famke fan in jier of fyftjin, nêst my yn it fleantúch op wei nei Skiphol. Wy sieten tegearre al in setsje noflik Frysk te praten, it iis wie brutsen en no hie se genôch moed fette om my wat te freegjen. Sels hie se in Nicci French boek by har. Machtich moai en spannend, hie se my ferteld, mar se moast de kop der wol byhâlde en dat foel de ôfrûne wike net ta, op fakânsje mei har hiele famylje yn Spanje. Ik liet it omslach fan myn boek sjen, Go set a Watchman, fan Harper Lee.

‘It giet oer in jonge frou dy’t in poas wurke hat yn New York, mar no werom nei hûs en heit ta giet, yn it djippe suden fan Alabama. It boek spilet him lang lyn ôf, de fyftiger jierren. De frou is modern en liberaal fan opfettingen, mar hat heit, Atticus Finch hjit er, in advokaat, is in typysk blanke rasist fan dy tiid, aardich konservativer en hiel wat bekrompener as se tocht hie. Dêr hat se no, as min ofte mear frijfochten jongedame, gâns muoite mei.
Ik moat dy sizze dat ik mei dit boek de kop der ek behoarlik byhâlde moat. Dizze fakânsje bin ik der trije kear oan begûn en sjoch, ik bin noch lang net op de helte. Ik fyn it boek ûnlykwichtich en betiizjend, rommelich.’
‘Rommelich? Wêrom lêze jo it dan?’ Dat wie in goede fraach.

‘Dizze frou hat mar twa boeken skreaun. Har oare boek wie hartstikke goed. Dat is sels ien fan de wichtichste boeken yn de Amerikaanske literatuer en yn de skiednis fan rassediskriminaasje dêr. Ik wol dit boek lêze om’t sy wat te meitsjen hat mei myn skoaltiid, doe’t ik sawat like âld wie as dy.’
Ynienen fielde ik my in âldman dy’t neat oars kin as eamelje oer in foarby libben. Krekt as dit knappe famke dat nedich hie. Mar ik koe my net mear stilhâlde. It wie wat.

‘Twadde of tredde klasse Mulo, om 1967 hinne, wy hiene in wurkwike yn it foarmingssintrum fan de Woodbrookers yn Koartehimmen. Fan dy wike kin ik my noch twa dingen heuge: wy sieten yn in kring en de foarmingslieder rigele by it begjin al ús efternammen oan inoar om der in yntrodusearjend ferhaaltsje fan te meitsjen én wy seagen de film To kill A Mockingbird. In hiel ferneamde film nei it oare boek fan dizze Harper Lee. Dy film hat doe in ferpletterjende yndruk op my makke. Ik woe echt dêrnei de wrâld yn om dy te rêden, earme stumpers helpe, ek advokaat wurde of ûntwikkelingshelp dwaan, alle ûnrjocht te liif gean.

Harper Lee hat earst dit boek skreaun, Go set a Watchman, yn 1956 of sa. De útjouwer fûn it doetiids net goed genôch en advisearre har om it as basis foar in oar boek te brûken. Dat is úteinlik To kill a Mockingbird wurden, mei diels deselde karakters tweintich jier jonger en ek deselde tematyk, mar in folslein oar boek, safolle deegliker en dramatysker. Se hat der mear as tweintich jier oer dien om dat boek te skriuwen, se wraksele mei elk wurd en alle sinnen. Der wurdt wol beweard dat it boek net troch har, mar troch har buorjonge en skoalfreon Truman Capote skreaun is, al sa’n ikoan yn de Amerikaanske literatuer. Ik soe it net witte en it is eins fan gjin belang.

Dy heit, dy Attica Finch, is yn dit boek, dat pas in pear jier lyn publisearre is, in rasist. Mar troch dat oare boek, To Kill a Mockingbird, waard er yn de sechtiger jierren in symboal fan it nije, it frije Amearika as suksesfol advokaat fan in swarte jongen dy’t sûnder grûn beskuldige wurdt fan mishanneling en ferkrêfting fan in blank famke. Earst, yn it iene boek, in held om’t er earlik en ynteger is, en dan yn it twadde boek -dat it earst skreaun is-, in rasist om’t er nettsjinsteande himsels in produkt bleau fan syn tiid en fermidden. Sjochst mar wer, neat is wat it liket. Kinne wy ús wier frijmeitsje fan dat wat ús fêsthâldt? En wolle wy dat? Dat is wat ik sykje yn dit boek.

Witst, ik lês om de wrâld te begripen. En och, ik skriuw ek wolris wat, dat is in bytsje besykje om myn libben noch in stim te jaan. Skriuwsto wol ris?’

Harper Lee: Go set a Watchman, HarperCollins, ISBN  978 0 06 240985 0

Hear HJIR in fraachpetear mei Harper Lee (1964)

Vladimir Vojnovitsj: kom yn de kunde mei soldaat Ivan Tsjonkin

Hjoed is bekend makke dat de skriuwer en Sovjet-dissidint Vladimir Vojnovitsj (85) stoarn is. Hy waard foaral bekend troch syn roman: De merkwurdige wederwarichheden fan soldaat Ivan Tsjonkin.  Dizze lytse oersetting hie ik noch op de planke lizzen.

Achtber lêzer!

Jo hawwe fansels al yn de rekken dat de op ôfswaaien steande militêr Ivan Tsjonkin lyts fan stik en tsjilskonkich wie en boppe-al foarsjoen fan twa reade flapearen. ‘Wat in figuer fan neat,’ hear ik jo ferheard útroppen, ‘moat dat in foarbyld wêze foar ús jongerein? Wêr hat de skriuwer sa’n held tusken oanheltekens weihelle?’ En ik, de skriuwer, fiel my yn de pinne setten en betrape, want ik moat bekenne dat ik him nearne wei helle ha. Ik ha him út de tomme sûge, net om him ta foarbyld te stellen mar om’t ik tafallich neat betters te dwaan hie. ‘Stel dat dit sa is,’ sille jo kritysk freegje, ‘hoe komt de skriuwer derby om sa’n ien te betinken? Foar itselde hie er ommers by de werklikheid te riede gean kinnen en beskriuw in echt stoere soldaat, kant fan liif en lea, in foarbyld fan dissipline, paratens en polityk bewustwêzen.’ Dat soe fansels kind hawwe, mar it mocht net sa wêze. Alle modelsoldaten wiene al fersein, en ik moast it dwaan mei Tsjonkin. Earst siet ik dêr tige mei, mar nei ferrin fan tiid skikte ik my yn myn lot. In held út in boek is krekt in bern. It is eat dat jo krije, en dêrmei út. Jo kiperje him net ta it raam út. Oaren sille ornaris bettere en skrandere berntsjes hawwe, jo hâlde no ien kear it meast fan jo eigen bern, omreden dat it fan josels is.

Tsjonkin syn foarôfgeande biografy befette net folle mominten dy’t wichtich genôch binne om jo dêrmei lêstich te fallen, mar ik kom der wierskynlik net ûnderút om -al wie it mar yn in pear wurden- wat te ferheljen oer syn ôfkomst en libbenspaad oant no ta.

No, hawar, yn in doarpke oan de Wolga libbe guon jierren lyn in Marjana Tsjonkina, in deagewoan boerewiif en widdofrou. Har man wie sneuvele yn it jier njoggentsjinfjirtjin, yn de ymperialistyske oarloch, dy’t lykas bekend, dêrnei oergie yn de boargeroarloch en noch in hiele set duorre. Yn dy tiid, doe’t de striid yn de omkriten fan Tsaritsyn wie, lei it doarpke dêr’t Marjana wenne krekt op de krusing fan militêre rûten. No ris lutsen de Readen der trochhinne, oare kear de Witen, en it romme en lege hûs fan Marjana foel by beide partijen mar wat yn de smaak. Op in kear wie yn it hûs fan Marjana in wike lang in faandrich Golitsyn ynkertiere dy’t hiel yn de fierte eat mei it Russysk keningslaach te meitsjen hie. Nei’t hy wer ôfreizge wie hie er it doarp nei alle gedachten rillegau ferjitten, mar it doarp him net. Doe’t Marjana in jier letter (gjinien hie de aginda byholden) in soan te wrâld brocht, waard der grute dat de kening sels hjir de hân yn hie. Al wie ek de pleatslike hoeder Serjoga ien fan de fertochten, mar dizze wiisde de beskuldiging mei klam fan de hân.

Marjana neamde har soan Ivan en joech him as heitenamme Wasiljewitsj mei, nei har sneuvele twadde helte. De earste seis jier, dy’t er net mear heuge koe, libbe Ivan in earmoedich bestean. Syn mem wie net sterk, liet de húshâlding sloere en koe amper de toutsjes yn hannen hâlde. Se ferdronk yn de rivier. Yn it begjin fan de winter wosk se yn de Wolga en wie sûnt dy tiid nearne mear te finen. Pas fan dy tiid ôf koe Ivan saken oer himsels en de wrâld te binnen bringe.

Ivan bleau net poer allinne efter. Hy waard leafdefol opnommen troch de buorlju dy’t ek Tsjonkin hjitte, faaks famylje fan him. Dy hiene sels gjin bern en hiene it al yn harren omgean litten om ien te adoptearjen út in weeshûs doe’t dizze kâns oanwaaien kaam. Se stutsen Ivan nij yn de klean en lieten him doe’t er wat grutter wie hiel wat putsjes dwaan, hea keare, yn de kelder jirpels sortearje, soksoarte karweitsjes. Dat kaam harren djoer te stean.

Op in stuit moasten se yn it doarp sykje nei koelakken mar koene der gjinien fine. De opdracht wie dat se der bûge of barste teminsten ien fine moasten, al wie it mar om in foarbyld te stellen. Doe ûntdekten se de Tsjonkins dy’t oarmans wurk, ja sels berne-arbeid exploitearren. De Tsjonkins waarden deportearre en Ivan yn in bernetehûs opburgen, dêr’t se him twa jier lang om ’e nocht de grûnbegjinsels fan wiskunde besochten by te bringen. Ynearsten liet er dat bûchsum oer him hinne komme, mar doe’t de sturtdielings oan bar wiene hie er skjin syn nocht en flechte werom nei syn bernedoarp. Wilens wie er al in hiele knaap, yn alle gefallen sterk genôch om in hynder in haam oan te lizzen. Hy krige in baantsje yn de molkfabryk, dêr’t se yndachtich syn hege ôfkomst pligen te sizzen: ‘Kening, túchje de skimmel op, jo moatte te dongriden.’

Sa waard er net neamd yn it leger, om’t se dêr syn bynamme net koenen en syn uterlik neat keninkliks ferriede. Doe’t bataljonskommandant Pachomov Tsjonkin foar it earst seach, sei er sûnder wifkjen: ‘Nei de stâl.’ Dêr wie gjin spiker tusken te krijen, yn de hynstestâl wie Ivan hielendal yn syn elemint. Sûnt dy tiid koene jo him dei út dei yn branhout en jirpels nei de keuken riden sjen. Hy learde hem dêr fluch omstean en it duorre net lang of hy him de wichtichste tsjinstwetten eigen makke, lykas: ‘De tsjinst ropt – de soldaat draait him om,’ ‘hastich dy stadich, der kin noch in tsjin-tsjinstoarder komme,’ sokssawat.

Alhoewol’t Ivan yn syn hiele tsjinsttiid gjin inkeld oplieding krige en net in monteur of motorordonnans waard lykas syn maten, soe er mei dit bestean folslein tefreden west hawwe as syn libben net fergalle waard troch sersjant-majoar Peskov. Hy hoegde net mei op oefening, hoechde gjin flierren te skrobjen yn de kazerne en wie frijstelle fan eksersysjes. Jo koene him komselden yn de kazerne fine, simmerdeis slepte hy gewoanwei yn it hea en winterdeis yn de keuken. Om’t Ivan nau ferbûn wie mei de keuken hie er bliksems goed te iten. Allinnich ien algemiene ferplichting wie er net fan frijsteld – de politike les.

Vladimir Vojnovitsj: De merkwaardige lotgevallen van soldaat Ivan Tsjonkin, Meulenhoff, ISBN 9029037091

De moaiskyn fan oarder en regel

Wie it net Vestdijk dy’t skreaun hat dat it hiele libben eins yrrasjoneel en paradoksaal is? By my manifestearret dat it meast yn tiden fan iensumens en ferfeling. Te waarm om bûten te wêzen, gjin nocht om langer yn bêd te lizzen, de frou in pear dagen fan hûs, de iPad leech, alle boeken lêzen, de byb ticht, gjin wordfeudsjes te lizzen en dochs wat dwaan wolle: it wie tiid om myn boekekasten ris goed ûnder hannen te nimmen.

Dy’t fan yn de wenkeamer fûn ik noch aardich op de regel. Dêr stean fansels de moaiste en de djoerste boeken fan de literatuerste skriuwers, it besjen mear as wurdich en yn in oarder dy’t my noch nei it sin wie. Boppe, yn myn jongeskeamer, hie ik de boeken sûnt de lêste depresje taal by taal op hichte en kleur fan de kaften stean. Dat wie ienris foar my it summum fan symmetrysk nocht en estetyske wille, mar de lêste pear dagen like my dit alles te berneftich. Nee, boppe moast ik sûnder útstel alle boeken sjenre-leas alfabetysk oarderje, yn wêzen ek in foarm fan gaos, mar yn alle gefallen fan in soarte dat werkenber en rasjoneel is foar dy iene libbene siel dy’t op in dei myn boeksamling bewûnderjend ynspektearje sil.

Ik ha der earjuster hiel wat noflike oeren mei dwaande west. De tiid rekke ik kwyt, ik preau myn toarst net en ik wist dat myn gedachten te’n lêsten wer ris konkreet en klear wiene, sa befetlik en taastber as de boeken dy’t my troch de hannen giene.
Guon boeken skode ik oan de kant om fuort te dwaan, De Vuuraanbidder fan Vestdijk bygelyks: in tekstbrij om yn te fersûpen. En ien boek dat ik kwyt wie fûn ik werom: De Plek fan Annie Ernaux. In pracht fan in boekje, dêr’t ik ea fan leard hie dat der in fluezige grins is tusken karakter en kultuer, tusken bestimming en ôfkomst.

Op it lêst hie ik alle boeken wer werom yn de kast, rommeliger en op it each gaoatysker as earst, mar de strukturele logika like foar no deugdlik genôch foar ny hâldfêst yn it bestean. Juster ha ik ûnderút, mei de fuotten op it buro, tidenlang mei wûnder yn de holle myn boekekasten besjoen. It seit wat, mar wat seit it?

It perspektyf fan in iere moarn

Hy woe net fuortdaliks sjen hoe let it wie, doe’t er yn de klamme nacht in twadde kear it bêd út moast. Earst woe er de tiid ynskatte, rekkene mei de fal fan it ljocht, de lûden fan bûten en hoe lang hy tocht dat er sliepen hie. Meastentiids hie hy er wol aardich de roai oer en dat wie dan wer in opstekker tsjin it Mûnster fan Alzheimer. Fiif oere. Hy siet der in kertierke nêst.

Troch it iepen finster fan de badkeamer hearre hy, fier fuort, it libben fan de moarnsfûgels. It soe opnij in waarme dei wurde. Ik moat nei bûten ta, tocht er ynienen, ik moat daliks it opkommen fan de sinne sjen, de stilte hearre, ien wêze mei de natuer, blinders. No hie er sokke prakkesaasjes wol faker, mar alle kearen wie er te loai en te passyf om der wurk fan te meitsjen. Of it wie it fersliepen of it noflik lizzen op it nije komfortmatras of it wiene syn betingsten oer de frou dy’t net witte soe wêr’t er wie, of, slimmer noch, wêrom er it die. It ôfrûne jier gie er der wol ris yn de iere moarn ôf om te skriuwen. Dêr koe se noch wol begrip foar ha, mar om samar yn it healtsjuster it hûs út te fleanen wie in hiel oar sjapiter, alteast sa ynterpretearre hy, yn it foar, de mooglike opfetting fan de frou. Sokssawat soe er mei har beprate moatte, wist er. Earst mar ris tee sette.

Teletekst hie as wichtichste nijs dat Trump him in bytsje fersprutsen hie, dêr yn Helsinky. Dy ynkompetinte keardel hie Alzheimer, koe net misse. Fierder wiene der dizze kear mar trije nije Wordfeudsjes, fan Bessy fansels. Hy wie der gau mei klear, wylst er wachte op it sieden fan it teewetter. Syn eigen kop tee liet er yn de keuken stean om ôf te kuoljen, dy fan de frou naam er mei nei boppen ta.
Doe’t er de earste kear by har slepte fertelde se him dat se in hiel lichte sliepster wie: it skiten fan in mich op de finsterbank makke har noch wekker. Mar dat wie in fjirtich jier lyn. Hy wist, nei al dy jierren, presiis wannear’t se slepte of net, it stadich en lûd sykheljen sei him no genôch.

Har tinne pyama lei kreas opteard nêst it kjessen. Se lei op har side nei it raam ta, der foel ljochtskynsel op har nekke en bleate rjochter skouder. Hoedsum pleatste hy it kopke op it bêdtafeltsje. Hy liet it yn him omgean en tútsje har hier, mar safier kaam it net om’t er fielde dat hy prûste moast. Wol fergeemje noch ta, dat hie er no alle kearen as er wat eroatysk yn gedachten hie. Hy koe noch krekt de noas tichtknipe. Hy rûn nei syn kant fan it bêd ta. Bist der fan ’e moarn mar betiid by, sei de frou en se hearde sa wekker as de wacht. Hy fertelde dat er earst fan doel wie om en wachtsje yn de tún op de sinne, mar dat er no net sa goed mear wist wat er moast. Dat fernaam ik, sei se, mar ik wit it wol. Se kearde har nei him ta, slûch it dekbêd iepen en skonk him de romte tusken har boarsten.

Brekshit

‘You from Holland?’ Ik hie krekt frege of er ek boeken hie fan Leslie Thomas, de skriuwer fan it boek dat ik yn tiden fan mislik-en-minnichheid it leafst lêze wol –The adventures of Goodnight and Loving-, of de eigener fan de Tiny Book Store yn Rye hearde al wêr’t ik wei kaam. Nee, ek hy hie neat fan Thomas op foarrie, mar wol wat oars en driuw my in lyts blau boekje yn de hannen: Alice in Brexitland, fan ‘Leavis Carroll’. ‘Very funny, dit moatte jo lêze’. En sa kaam oan it ein fan trije wiken fakânsje yn Ingelân it petear noch ien lêste kear op Brexit (einstân: 17 minsken anti, trije pro).

‘It’s easy as pie: as in populist, in Wilders by jimme of Boris Johnson by ús of sa’n muckhead fan in Trump down in the boondocks ‘ja’ seit, dan is ‘nee’ it iennichst goede antwurd. Kin net misse. Dêr’t in Trump rjochtsôf wol, dan is it klear dat wy fansels links ôf moatte. Dat is mei dy brekshiteers by ús ek sa. Harren motiven binne ynjûn troch in skiterige eangst foar it ûnbekende, foar it nije, se wolle werom nei in wrâld dy’t der yn tiden al net mear is en noait werom komme sil.’

Beware the Eurocrat, old mate!
His tape of red, his greedy paws
He’ll make all your bananas straight
So say, ‘Up yours, Delors!’

He’ll bind you with his Krautish rules
His kilos and his human rights
In fact, he and his frog’s-leg fools
Cause all of Blighty’s blights

He’s why a horde of Turks and Poles
Steal our jobs from Pete and Trevor
He’s why your team just missed that goal
And why we have this weather

The fact you’re sad and unemployed
Your kids don’t want to see you
The time you had those haemorrhoids
It’s all cos of the EU

O, British bloke! Despite all that
You’ve one trick still inside your sleeve
For you can slay the Eurocrat
Just cast your vote for Leave

Thus at the top of every lung
We’ll tell the world to go to hell
Why should we learn another tongue
Or even ours, that well?

And then we’ll breath pure British air
As Blighty shines in all her charm
And if an Aussie billionaire
Should profit, where’s the harm?

‘Se libje yn in imazjinêre wrâld fan splendid isolation, fan ferkommere illúzjes, fan brutsen idealen, fan weromsjen yn begrutsjen, fan bygone days, fan in behyplik nasjonalisme dêr’t se fan tinke dat it hâldfêst en stevichheid jout, but in reality it’s as mucky as a fucking piggery in autumn.’

Ik koe der gjin wurd tusken krije. En hy wie net de earste anti-Brexiteer dy’t him sels foarby rûn yn frustraasjes en emoasjes. Hy fertelle my dat yn de earste trije moannen nei it referindum hy de helte minder klanten út Europa yn de winkel hân hie, hoe’t er hope dat op it ein dy hiele damned Brexit net troch gean soe en dat er oars mar yn Amsterdam in boekwinkeltsje begjinne soe. Wy, Dutchmen, hiene teminsten noch it ferstân om net mei te dwaan oan dy bloody World Cup Madness dêr yn Ruslân.

Op de boat fan Dover mei Dúntsjerk ha ik in twa hiele noflike oeren lêzen yn Alice in Brexitland, oer Alice who jumped down the Brexit-hole wêr’t se yn in Tea-Party fersyld rekket en Trumpty Dumpty tsjin komt, mar
Alice was finding the company of this loud-mouthed Egg-man far from pleasant. She felt an urge to return to Brexitland, whose strangeness was at least familiar. To do that, she would need to locate the Cheshire Cat.
‘Have you seen a pussy?’ she asked.
‘If I had,’ the Egg replied, ‘I would’ve grabbed it, believe me.’

Leavis Carroll/Lucien Young
Alice in Brexitland
Ebury Press, London 2017
ISBN: 9781 7850 369 65

Notysjes út Ingelân (2)

Stratford upon Avon sa tichtby, dêr moast ik wol hinne. It stedsje stelde net folle foar, tefolle Shakespeare, tefolle minsken en tefolle lege winkels. Mar it lei romantysk oan de rivier, hie wat âlde hûzen en in pear winkels mei twaddehânske boeken. Yn de Chaucer Head Bookshop kocht ik Shakespeare fan Bill Bryson. Bryson is de Amerikaanske Geert Mak en skriuwt ek oer fan alles en noch wat, mar mei mear ûnearbiedigens en grapmakkerij. ‘Brilliantly funny and gently insightful’, stie op de omslach. Ik wie ferkocht.

Pas thús seach ik dat der in aansichtkaart fan Ibytsa yn it boek siet. Gjin adres en ek gjin namme fan in ôftstjoerder. In John wurdt frege of er in famylje kent, yn Londen of omkriten, dy’t in jier lang in Frânske au-pair hûzje kin. John, sa hjitte ek de heit fan William Shakespeare, in apart karakter mar dêr siet Shakespeare syn wrâld fol mei. John Shakespeare wie mofmakker en leararbeider, in populêr man en tige respektearre, dy’t úteinlik in soart fan boargemaster waard. Oant er tsjinslach krige yn saken en jildhannel en in stik of tsien skuldeaskers efter de broek krige. Hy sei abrupt al syn politike taken op en naaide derút. Der wurdt sein dat er in skoft yn Portugal as skuonmakker of yn Spanje as taskemakker wurke hat, mar dat is nea bewizen.

William Shakepeare troude novimber 1582 yn a big hurry syn Anne Hathaway, doe’t er achttjin jier âld wie en sy al seisentweintich jier. En trije moanne swier. Yn maaie 1583 waard der in dochter berne, yn febrewaris 1585 in twilling en dêrnei is er sân jier bûten byld. De jierren tusken 1585 en 1592 binne bekend as ‘the lost years’. Der binne gjin bewizen fan wêr’t er wie en wat er die, hielendal neat. Mar no witte wy it. Yn 1586 komt dy ûnbekende Fransêze as au pair foar syn trije lytse bern by William Shakepeare yn hûs en William wit net wat er sjocht. Dy simmer ferlit William hûs, frou en bern om mei har fansels nei Frankryk te gean.
With duty and desire we follow you
Shakespeare: A midsummer Night’s Dream (act 1, scene 1)

They shoot horses, don’t they?
Dizze wike yn de Cotswolds wenje wy yn in cottage op in horsefarm. Moarns om seis oere trippeltrappelje de hynders, alle tweintich, oer de stiennen ûnder ús sliepkeamerrút oan de hân fan pear flinke fammen, deselde froulju dy’t de bisten jûns om njoggen oere ek wer nei it lân taliede. Dit dogge dy stakkers sân dagen yn de wike as frijwillichsters, út leafde, ‘because we love our ponies’.

Great Britain 1 vs Europe 8
Ik ha ien fûn! In frou dy’t oertsjûgjend pro-Brexit is. Har argumint? Al dy sigeuners dy’t troch de EU it lân ynkomme en mar net wurkje wolle. ‘Mar tinke jo net dat dizze oplossing kwealiker is as it probleem?’ Nee, dat wie net sa, de takomst soe it rillegau útwize. ‘Too many bloody foreigners around here!’