Ballade fan in Fryske fioelspiler

Foar Fried van Swieten fan Aldskoat
is muzyk in djoerabel avontoer.
As fioelist fan it klassike soart
spilet er fusion mei fûle passyfjoer.

Benammen Bach mei Gershwin
bringt Fried mei bûtenfryske swing.
Wrâldferneamd en mear as dat
as er spilet tusken Riis en Moddergat.

Dy Fried van Swieten fan Aldskoat
woe graach nei it Festifal fan ‘t Wâld
om te spyljen foar syn sulverfloat
en te spyljen ek út selsbehâld.

Mar it Wâldster machtregear
fan it artistyk muzykbehear
hat leaver Laverman of Kennedy,
want Kulturele Minsken kenne dy.

Foar Fried van Swieten fan Aldskoat,
krekt sa goed en net sa retedjoer,
krekt sa goed en hast in doarpsgenoat,
bliuwt fertsjinjen gâns in poepetoer.

Nei ’t konsert fan Nigel yn de Overtún
gjalpet Fried foar it Fryske folkstribún
‘BIS!’, en dat wie in boppe-bêste noat
fan Fried van Swieten fan Aldskoat.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *