Bleate Bertus

Op it krúspunt Lisse yn moat ik der om hinne ride en dêrom kin ik net om him hinne: it stânbyld dat yn de folksmûle Blote Bertus hjit. It is in brûnzen byld fan in bleate man dy’t him oprjochtet mei de earmen yn in ôfwarrende hâlding boppe de holle. ‘Met steun van de almachtige, 1940-1945’ stiet der skreaun. It byld moat ûnder mear symboal stean foar it nije Nederlân nei de ellinde fan de besettingsjierren. Alle kearen as wy de pakesizzers nei hûs ta bringe, lês ik Bertus syn ynskripsje en freegje ik my ôf wat ik hjir fan tinke moat.

It liket my as ûnleauwende ta dat de almachtige per definysje, sine qua non, oeral stipe oan jûn hat, dus ek oan de besetting en al it leed dat oer ús hinne lein hat. Om earst troch dy almachtige yn de penaarje te reitsjen en dêrnei dyselde almachtige tankber te priizgjen dat hy ús dêr wer moai fan ferlost hat, tsja, dat komt op my oer as op syn minst wat dûbeldhertich winkeljen. Mar goed, ik tink dat alle minsken frijwat iensidich yn harren argumintaasjes binne as it giet om it oantoanen fan eigen gelyk.

It leauwen yn in god is foar in grut part psychology, tink ik faak, mar dan is nei alle gedachten it nét leauwen yn in god fansels even safolle psychology. Ik stean my der nochal faak op foar dat ik net byleauwich bin, dat ik net meidoch oan sokke dwaasheden as in libben nei de dea, deselde ûnderbroek oandwaan foar elke wedstriid of te betinken wat ik wie yn in foarich libben. En dochs.

Ik ha in fassinaasje mei katedralen. En foaral mei kleasters. En boppe-al mei it libben fan muontsen. Libbe ik yn de midsiuwen mei alles wat ik op dit stuit bin en wit en wol en kin en belibbe ha, ik soe in muonts wêze. Jawis. Yn in ôfsletten mienskip, yn ferhâlding frij feilich en sa’t it liket oersichtlik, min of mear beskerme tsjin al tefolle kwea fan bûten, de rôvers de wolven de kriichsmannen de pest en de rest, ik soe ferduldich de rituele babbelegûchjes op har berin litte en de metten lauden primen tertsen fespers en seksten akseptearje foar wat se binne om dan dei yn dei út by it bytsje kearsljocht op kâlde hurde houten banken prékonsumptyf al myn sûnden, en benammen myn grut takomstich skuld, yn te damjen troch de moaiste manuskripten, de tsjokste aflaten, de langste testaminten en de âldste apokrive geskriften op gesach fan de baas letter foar letter sekuer en sa moai mooglik op te sieren en te fermannichfâldigjen.

Alles is psychology. Alles is werom te bringen ta wat wy as minsken betinke kinne. Dat hat altyd sa west en sa sil it hieltyd bliuwe. Dat is it moaie en tagelyk ek it benearjende: wy binne ús eigen god. Foar’t safier der in god is, dan hat elkenien in eigen god en alle goaden tegearre binne it mienskiplik gewisse. Dêr moatte en kinne wy it mei dwaan. Sa befetsje ik teminsten dizze wrâld mei Bleate Bertus. Op de krúspunten yn myn libben, mei de pakesizzers yn de Maxi-Cosi op de achterbank, stiet der in Bleate Bertus om my yn it sin te bringen wêr’t de wei nei lyts lok leit. Alles is psychology.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *