Boadskipje mei Epictetus

‘Wat in freeslik lijen, de Jumbo op Peaskemoandei. Ik sil it dy fertelle: de auto koe ik al net kwyt, der wiene hast gjin karkes, en scanners noch minder, ik moast slalomje om alle grouwe minsken en eamelkonten fan bern hinne, foar de scankassa moast ik wol trije minuten wachtsje en by de ûnûntkombere stekproef die ek noch ris bliken, mei fjouwer wachtsjenden achter my, dat ik ien fan de bettere flessen reade wyn net scanne hie. Skjin ferjitten, fansels.

Doe’t ik thús kaam hie de frou myn min sin fuortdaliks yn ’e rekken, dat dy leave hat foar my de boadskippen oan de kant dien en tee setten, wylst ik langút op de bank, ûnder it kankerjen troch en folslein weromlutsen yn it segryn fan myn frustraasjes, yn de VPRO-Gids blêde om úteinlik op side 38 in advertinsje tsjin te kommen fan de ISVW, de Ynternasjonale Skoalle foar Wiisbegearte yn Leusden. Nêst in kollum fan A.L. Snijders oer it sjen nei it wrotten fan bargen as libbensferfolling lies ik fan in kursus oer Epictetus en de keunst fan it stoïsynsk wêzen.

Dy Epictetus, moatst witte, wie in Romeinske filosoof fan om en by 100 nei Kristus hinne. “De stoïsynske filosofy jout de mooglikheid om mear te genietsjen, om dy rêstich, gelokkich en frij te fielen.” Hoe is it mooglik, net? Hjir hie ik, du moment suprême, foar mar 769 Euro ynklusyf lesboek, in útwei foar myn segrinich bestean. Sokssawat is gjin tafal, dat is lotbeskikking, al sis ik it sels. En de frou ek bliid.

Ik nei dy kursus en sa waard ik in stoïsyn yn wêzen. Ik sil it dy útlizze, mar dan moatst wol eefkes de kop derby hâlde. Moatst sa tinke, it tinken bepaalt de emoasje, net oarsom. Dêr begjint it mei. Der binne hieltyd omstannichheden dêr’st neat oan dwaan kinst, wêr’st gjin ynfloed op hast. Israel en de Palestynen. De polityk yn De Haach. It minne waar. De drokte yn de winkel. It is de drokte net, och heden nee, it is it myn drokmeitsjen oer dy drokte. Snapst? Al dy minsken yn de Jumbo, dat is in feit, in gegeven, dat is sa as it is. It giet der om wat ik der fan tink, hoe’t ik der mei omgean. Dat bepaalt hoe’t ik my fiel. Want dat kin ik wol regelje: hoe’t ik it belibje wol. Ik ha op dy kursus leard om te stopjen mei it yn noed sitten oer saken dêr’t ik gjin ynfloed op ha. Ik moat net wolle, en net begeare wat bûten myn macht leit. Dat is neffens Epictetus de iennige wei nei gelok. Moai net? En logysk, dochs?

No ha ik fan Peaske oant Pinkster boadskippe mei Epictetus en ik moat dy sizze dat it in stik better gie. Ik ergere my folle minder, ik seach hoe moai de blomkoal der by lei en hoe ferrekte djoer alles is. En dêr kin ik dus neat oan dwaan, dat ik betelje gewoan. En dochs hè, ik mocht dan wat rêstiger en wat frijer nei myn omjouwing ta wurden wêze, mar, frege ik my ôf, wie ik eksistensjeel no werklik gelokkiger, genoat ik no echt safolle mear?

Ik hie it dêr ferline wike mei de frou oer. Bytiden prate wy wol ris mei-inoar. “Do sitst net yn de flow,” sei se, “do beredenearrest alles noch tefolle. Moast alle bykommende saken folle mear loslitte en hielendal opgean yn de aksje sels fan it boadskipjen. As dat echt mei hiel dyn lichem en siele dochst, dan soest samar yn in flow komme kinne.” Se hat yn it ûnderwiis sitten, dan witst it wol: alles trije kear útlizze en altiten lear- en kearndoelen foar oaren ûntwikkelje. Eefkes letter kaam se mei it boek fan de psycholooch dy’t dat hiele flowwêzen op de kaart setten hat. De kop der wer eefkes by, dat is in keardel mei de namme fan Mihaly Csikszentmihalyi. Stjerrende wier. Mar in boek, jonge! Ik ha it op myn jongeskeamer yn ien kear útlêzen. Machtich! De psychology fan de optimale ûnderfining, kin it noch moaier?

Dat de lêste tiid ha ik, nêst Epictetus, ek boadskippe mei Csikszentmihalyi. In aardichheid! Ik nim alle tiid yn de winkel, praat mei klanten, grapke hjir, grapke dêr, ken alle meiwurkers. It giet dat it slydjaget. Yn no time ha ik myn karke fol. Mar it moaiste is dat se by my gjin stekproef mear dogge by de kassa. Ik ha de kursus der al wer út.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *