By de dea del

Otto wie hjoed wat stiltsjes en hy is al net sa’n prater. Wylst de oaren fan ús groepke hurdfytsers by de BBC tsjûge wiene fan wat Theresa May yn it teäter fan it Legerhûs oer de Brekshit te ferkundigjen hie, frege ik Otto oan ús stamkroechtafeltsje of der mooglik wat bysûnders wie. Hy knikke ja en kearde him ôf fan ús telefyzjematen. It wetter stie him yn de eagen, doe’t er syn glês Spa Read omheech hâlde.

‘Op it libben, Lomme. Earjuster hiene wy samar de ambulânse foar de doar. Witst, de frou en ik, wy tochten beide dat wy beide sa goed binne as it mar kin. Ik mei myn fytsen en it omskarreljen yn de tún, sy mei har kuierjen en de gymnastyk en har yoga. Gjin klachten, helder sûn, noch mar seisensechtich, fleurich libjend de takomst yn, soest sizze. Forget it, ferdomme. Se wie al wat dwyl de lêste dagen en ynienen lei se oer de flier. Samar. Yn de keuken. Allemachtich! Klam op de foarholle, pine yn’t liif, koartamich, amper oansprekber. Ik wist it fuortdaliks, dit is net goed. Ik 112 belje. En dat duorre mar, en dat duorre mar. In kertier, bliksem, in hiel kertier foar’t se der wiene. Se hawwe dit mei har dien en se hawwe dat mei har dien, ik ha it allegearre net sa meikrigen. Mei de sirene is se nei it sikehûs rekke. Ik der achter oan mei ús eigen autootsje. Dan giet der fan alles troch dy hinne, kin ik dy sizze. Ik wie yn gedachten al dwaande mei wa in roukaart hawwe moast. Nuver net? Wat seit dat oer my? Of myn leafde foar har? Doe’t ik myn Pytsje lang om let werom fûn hie op de fiifde ferdjipping hearde ik har op de keamer achter it gerdyn rêstich praten mei in ferpleechster. No ja, se libbe dus noch. Uteinlik foel it o sa mei en ik ha har fan ’e moarn wer meinommen nei hûs ta. Mar dit ha ik der wol fan oerholden: it moat oars. Ik moat better. Wat hie ik in ferlet fan har, dizze lêste pear dagen. Doe’t ik sa allinnich wie en sa stumperich ûnbekwaam yn myn helpleazens. Hoe sit it, Lomme, komt leafde fuort út pine yn it liif foar it allinnich wêzen? Ik wol mysels net better meitsje as ik bin, ik ha Pytsje nedich. Wit ik no. En ik mei hoopje dat se my nedich hat. Hoe faak lit ik leafde sjen? Dit moat oars jonge, dit moat better. Ik bin al begûn mei in fleske Spa Read te bestellen en gjin pilske. En no stop ik mei ouwehoeren. Ik moat nei myn Pytsje werom. Doch de jonges dêr de groetnis en sis mar dat ik thús wat út ein sette moat.’

 

2 gedachten over “By de dea del

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *