‘Dat gaat er zuinig langs…’

Fan 1813 ôf fyn ik yn ús stambeam de iene nei de oare turfmakker. Sa wiene de sân soannen fan myn oeroeroerpake allegearre turfgravers.
Ik kom hjir op om ’t it dizze dagen hûnderttritich jier lyn is dat yn Appelskea de earste organissearre staking yn Nederlân wie, 22 maart 1888. Sa’n trijehûndert baggellju hawwe doe fjouwer dagen it wurk dellein. De maresjesee stie klear mar die neat. It wie in grut sokses, de measte easken fan de stakers waarden tastean.

Yn de turfmakkerij hiene de feanbazen alle macht yn hannen. Underinoar bepaalden se de hichte fan de leanen om konkurrinsje foar te wêzen. De bazen ferhierden de hutten dêr’t de arbeiders yn wennen, wiene eigener fan de winkels dêr’t de lju ferplicht djoer boadskipje moasten en se wiene ek noch de fergunninghâlders fan alle kroegen. Meastentiids waard alles administratyf ferrekkene en krige in arbeider gjin stoer op de hân.
Wêrom wie de staking sa’n grut sokses? Omdat de feanbazen skitende benaud wiene dat der in revolúsje komme soe. In pear dagen earder, op 20 maart, wie nammentlik Domela Nieuwenhuis, de foarman fan de sosjalistyske beweging, yn it oanbuorjend Skoatterlân keazen ta lid fan de Twadde Keamer.
Nei it sokses fan de staking en ûnder druk fan it sosjalisme waard der út De Haach wei folksenkêtes holden om de wurkomstannichheden en it lean yn de feanterijs, de fabriken en de wurkplakken yn kaart te bringen.

It ferhoar yn february 1892 foar de Steatskommisje Arbeidsenkête fan myn oer-oerpake Jan Alberts Schokker, âld 64 jier, turfmakker yn de gemeente Weststellingwerf ûnder Mildaam.
De foarsitter: By wien zijt gij als turfmaker werkzaam?
Antwurd: By Albert Otter.
F: Waar ligt de veenderij, waarin gij werkt?
A: Dicht bij mijn huis.
F: Hebt gij als turfmaker het grootste gedeelte van het jaar werk?
A: Nee, ongeveer van Mei tot November.
F: Hebt gij ’s winters nog wat te doen?
A: Neen.
F: Kunt gij dan geen ander werk vinden?
A: Daarvoor zijn wij niet grootgebracht.
F: Heeft de baas ’s winters geen los werk?
A: Neen.
F: Gij werkt zeker in den drukken tijd iederen dag, behalve ’s Zondags?
A: In het voorjaar wordt er ook wel eens ’s Zondagsmorgens gewerkt, doch
niet lang.
F: Is dit, omdat er ’s Zaterdags gebaggeld is?
A: Ja, anders bederft het.
F: Komt dit dikwijls voor?
A: In het voorjaar meest alle Zondagen.
F: Zou het werk zoo geregeld kunnen worden, dat gij des Zondags niet
gehoefde te werken?
A: Ja, wanneer er des Zaterdags niet gewerkt wordt.
De hear Van Alphen: Gij kunt toch de slik laten liggen om ze des Maandags
verder te bewerken?
A: Dan scheurt ze.
F: Maar gij kunt ze toch wel weer in orde krijgen?
A: Ja, maar dat kost dan veel meer moeite.
De foarsitter: Met wien werkt gij?
A: Met mijne vrouw.
F: Hebt gij geen kinderen?
A: Een zoon die getrouwd is.
F: Hoeveel roeden kunt gij met uwe vrouw in het jaar maken?
A: Krap 300. (in roede is 4×4 meter)
F: Werkt uwe vrouw altijd mede, of alleen te hooi en te gras?
A: Den geheelen zomer omtrent.
F: Hoeveel maakt gij wel in het jaar buiten vrije woning en zomerbrand?
A: Zoowat 300 gld.
F: Kunt gij daar behoorlijk van rondkomen?
A: Nu, het heeft er wel aan.
F: Hoe wordt gij betaald? Wordt bij het einde van het werk met u
afgerekend?
A: Ja, met herfstmis.
F: Hoe gaat het tot dien tijd?
A: Dan ga ik halen naar dat ik noodig heb.
F: Hebt gij eene goede woning?
A: Ja, tamelijk; het is één vertrek met een houten vloer.
F: Is dat vertrek redelijk ruim?
A: Ja, voor ons beiden is dat ruim genoeg.
F: Hebt gij goed drinkwater?
A: Ja, ik woon vlak tegen de Tjonger.
F: Als gij met den baas afrekent, blijft er dan nog wat over?
A: Een beetje.
F: Genoeg om den winter door te komen?
A: Ja, dat gaat er zuinig langs; als elk ’s winters werk had, ging het beter.
De hear Van Alphen: Als gij ’s winters geen werk hebt, duurt de tijd dan niet
schrikkelijk lang? Moet gij dan maar te bed blijven?
A: Dan houd ik mij bezig met kousen breien en zoo.
F: Heeft uwe vrouw ook zwaar werk?
A: Voor de vrouw is het het zwaarst.
F: Gij snijdt, nietwaar?
A: De vrouw ook.
De hear Van Alphen: De vrouw moet zeker alleen maar nasnijden; is de specie
nog al taai, zoodat gij zwaar moet trappen?
A: Ja.
De foarsitter: Is uwe vrouw ongeveer even oud als gij?
A: Zij is vier jonger jonger.
F: Is zij nog goed gezond?
A: Ja, zij is goed gezond.
F: Is het werken in de turf voor eene vrouw niet ongezond?
A: Neen.
F: Maar gij vindt het voor haar wel wat zwaar?
A: Ja.

Syn frou, Bontje Lap, stoar in heal jier letter. Syn ienige soan, Albert Schokker, ek turfmakker, hie tsien bern: twa fan syn soanen waarden maresjesee.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *