De Damster Feart

De Damster Feart by Brugge

Wat kinst as kryst kado jaan oan in freon dy’t swier depressyf is en gjin kontakt mear mei de rest fan de wrâld ha wol? Utsein brieven en kaarten en sinjalen datst oan him tinkst en hoe dan ek kontakt hâlde wolst, like my yn novimber ferline jier boppesteande poster wol wat.

Twa jier lyn riden hy en ik nammentlik tegearre boppe Brugge rjochting Sieusk-Flaanderen mei oan alle kanten rjochte rigels beammen dêr’t er o sa graach foto’s fan meitsje woe. Wat fûn er dy beammerigen moai en wat wie dat yn syn eagen typysk ‘lowcountry’. ‘Manmade structural beauty’, sei er en hy neamde Mondriaan en hie it oer Van Gogh en seach yn de wolken boppe al dat moais it wurk fan Vermeer en fan Jan Steen.

De foto/poster, fan it paad lâns de Damster Feart (©Murdo Macleod, mear ynfo), ha ik op 30 novimber besteld op it webstee fan The Guardian, mar mei de krystdagen hiene se op it adres yn New York noch neat krigen. Doe bin ik begûn te mailen en te beljen. Om in lang ferhaal koart te meitsjen, oan de iene kant jouwe de Ingelsken inoar de skuld. The Guardian mailde my dat se de poster fuortdaliks op de post dien hawwe, it bedriuw dat de sinding regele hat sei my dat The Guardian pas begjin jannewaris by har de poster besteld hat en dat se it pakketsje op fjouwer jannewaris fuortstjoerd hawwe.

The Guardian, 16 jan. 2019 18:38: I’m extremely sorry for the delays you’ve experienced with this matter. I have tracked your parcel and it now shows as in-transit with the American authorities, seems it was held up in customs for some time, we sent this out in early December and it’s hard to know what’s happened since that time during shipping.

Oan de oare kant binne ek de Amerikanen net folle better. Dêr is de oerheid foar in part yn it slot slein troch in megalomane miljonêr dy’t tinkt dat syn lân troch earmoedlijers bedrige wurdt en dêrom bûge of barste in muorre om it lân nedich fynt. It hat in hiele wike duorre foar’t de poster yn- en útklearre wie.

USPS: January 4, 2019, 8:49 pm Acceptance UNITED KINGDOM
USPS: January 7, 2019, 4:52 pm Inbound Into Customs
USPS: January 15, 2019, 9:16 am Outbound Out of Customs
USPS: January 18, 2019, 2:09 pm In Transit to Next Facility: Your package is moving within the USPS network and is on track to be delivered to its final destination.
USPS: January 19, 2019, 10:04 am Delivered Adress xxx

Fan ’e jûn, moandei 20 jannewaris om itenstiid hinne, krige ik in telefoantsje út New York. Myn freon hat ôfrûn nacht in oerdoasis slieppillen ynnommen en leit yn kritike tastân yn it sikehûs. Hy hat de foto juster noch sjoen.

It ljochtsjend puntsje dêr oan de hoarizon, oan it ein fan it paad. Ik tocht dat er dat as teken foar in mooglik bettere takomst sjen soe. Mar it kin ek samar wêze dat myn freon, in djip gelovige man, it beskôge hat as it winkend ljocht fan syn Hear. Myn ferhalen helje my yn.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *