De dream en it oerskot

De tsiis hawwe de opstannelingen al sis mar konfiskearre, mar fan Us Mem  moatte se ôfbliuwe. Dy is foar ús. It pompeblêd ek. It soe wat wêze sis, dat Us mem besmotske wurde soe mei dat tongbrekkerssechje fan dy Fryske Frijers oer it apefrysk skriuwen fan tsjintwurdich. Nee, dan wit ús Gijs fan de Geitefok wol hoe’t wy betiids Us Mem it bêste weitôgje en yn feilichheid bringe kinne. Komt it no eefkes moai út dat Eberhard krekt fan ’e wike in setsje plysje-unifoarms út de waskerij smokkele hat. Ha, de plannen binne suver al úttocht foar’t wy begjinne te prakkesearjen. Sjoch, sa binne wy, fan it boargeraksjefront MEI-INOAR IEN! Der fuortdaliks boppe-op, dy oeribele Friezen klinysk dúdlik meitsje dat wy hjir yn Fryslân ôfskieding fan Hollân gewoanwei net hawwe kinne, dat opstappe en der útnaaie net heve sil. Kinne sy mei dat nepreferendum wol twahûnderttûzen domdryste jaknikkers hawwe, der steane mear as trijehûnderttûzen ferstannige nee-skuodders efter ús. Ik wol mar sizze.

Gijs seit dat wy moarntemoarn al Us Mem fan de sokkel liftsje moatte, want no hawwe dy grutmakke galgelapers noch de hannen fol oan it iepen lizzen fan de mienskip. Se witte op dit stuit net fan foaren hoe’t se fan efteren de stêd yn en út komme  kinne en dêrom ride se út frustraasje de hiele dei yn rûntsjes om dy hege blokkedoaze hinne. Om sân oere sette ús seis plysjemannen de strjitte ôf, in minút letter komt dan de takelwein, fjouwer man seagje de poaten troch, we takelje it bist de laadwein op, swier lânbouplestik deroer en foar achten ride we al op Frentsjer oan. Sa maklik as wat, wit Gijs. Ik sis dat ik my wol mei ús Pompeblêd dwaande hâlde sil, want foar sokssawat hawwe wy net sa sear autoritêr gesach en betonseagen nedich, mar militêre krektens, stielen senuwen en in soad sûn ferstân. En fan dat alles haw ik genôch, as âld-kommando. No of nea, sa’n spultsje is it!

It Pompeblêd. Wy hawwe it hjir oer it wichtichste skilderij út it Frysk Keunst-barren en dat hinget yn Museum Belvedêre. Fansels, wêr oars. Yn brûklien fan it Geldersk Museum yn Arnhim, dat foar tweintich jier of sa ticht is, fanwegen al wer in ferbouwing. Jan Mankes. In mistich pompeblêd op glêd spegeljend wetter lâns de Wâldsterwei, tritich by tweintich sintimeter. Machtich moai. In ikoanysk skilderij, Thom sei it sels. Huub ek.

It doek út it museum stelle is wier it slimste net. Ik wit krekt wêr’t it hinget, ast der foar yn komst rjochtsôf, efter de kantine. Om tsien oere moarns fyts ik mei in oprolle handoek foar it boarst, efter in masker fan Frau Merkel en ûnder in prûk á la Maxima har skoanmem op myn optearfyts fan It Wâld ôf derhinne, pak in tydskrift yn de kantine en lis stikemwei in bomke mei tiidûntstekking tusken de stuollen en it tafeltsje ûnder it kleed oer de lessener tsjin it gerdyn. Ik stean by it skilderijtsje as it klapt en wylst de pear minsken dy’t by my yn de buert steane ferheard de kant fan de kantine oprinne, snij ik mei myn hobbymeske it doek út de list. Dy’t se hâlde meie, de jaknikkers. Ik rôlje it doekje op en sko it de foarkant fan myn broek yn. By myn rjochterskonk del want Frau Merkel is hjoed-de-dei út needsaaklikens tydlik foar it meastepart linksdragend. Ik rin mei wat oaren nei de kantine ta en wy fernuverje ús mei-inoar oer de rebûlje. Nei in minút of wat tape ik op it húske it doek stevich fêst op it boppeskonk, stap de doar út en fyts fleurich it Wâld wer yn. By de Overtún geane masker en prûk ôf, it fytske lis ik yn de kofferbak en mei de handoek fei ik wat swit, in bytsje mar, fan it antlit. Nee, dat is it slimste net. Mar oer wat der dêrnei yn myn dream bart bin ik net al te wis.

Ik moat de autoradio oansetten hawwe want der komt my in frouljuslûd tusken de earen dy’t in ûnneifolchber tirade hâldt tsjin alles wat net doocht. Allemachtich, wat doocht der fan alles net yn it wâljen fan de wrâld! Oerheden dy’t algeduerigen ûnrjochtmjittige besluten nimme, machthawwers dy’t net oansprekber wêze wolle, bestjoer dat boargers belet om fûnemintele rjochten op te easkjen en beliedsregels dy’t soargje foar te min draachflak foar yndividueel rjochtfeardigens en tefolle foar de drûge ienheidswoarst fan de Europeeske machokultuer.

Ik moat nuver hinne-en-wer draaid hawwe want eefkes letter bin ik op de Knipe, dêr’t de Kompanjonsfeart besiedde is mei wol njoggentich swannen dy’t lytse krânskes om de nekke drage en fan dêrwei bin ik samar yn de Haske dêr’t it optilt fan hurdfytsers op de A-sân dy’t poëzij meitsje út mankelike konflikten mei it minsklike en ik ryd hast it Nannewiid yn want ik sjoch wite famkeflamkes dy’t foar my lâns ûnder it stalt troch swimme en wat dûnset yn Weidum blau ljocht nuver foar myn eagen en wat is it allemachtich stil op de Wiuwerter terp sûnder hispels jongfolk. Yn Frentser fertelt Gijs my dat de Sjibbolet Brigade fan Sis Tsiis spitigernôch ús frachtweintsje oerfallen hat en dat se Us Mem út de wei moffele hawwe, nei alle gedachten nei De Veenhoop ta, it skoanskeane arkje fan Rink yn.

Wat draaist dochs alderferskriklikst, seit myn sydsulver. Ast húskeneed hast, gean! Sa kin ik fan myn libbensnachten net sliepe. Op de pot til ik nei in minút of fiif myn rjochterbil op om te sjen of der noch wat útkomt. Wat ik sjoch is it oerskot fan it pompeblêd yn it ljochtgiel fan it wetter. Krekt wat se sei, hjir doocht fan alles net.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *