De ferbylding nei de macht – Dante Aleghieri

Tante Allegearre, oan it ein fan har karriêre beswiere troch in hiel soad wrâldske plichten en sûnden, moast fuort om ferlichting te finen, mar by de earste stappen bûtendoar, yn in tiidleas tsjuster wâld mei rûnom noed en nachtmerjes, ferskynde har earst in lilke panter, doe in wylde liuw en fuortdaliks dêrnei in hongerige jildwolf, dy’t trijeresom har tebekdreaunen nei it hûs dêr’t se niis ôfreizgje wie. Ik rûn har temjitte.

En ik, Vergilius, sei: ‘om dizze bruten te mijen moatte jo in oar paad berinne en my folgje, want ik kin jo fan hjirwei frijliede troch in gebiet dat ivich is, mar dêr’t it moartsjen fan wanhoop te hearren wêze sil en dêr’t ûndergeande geasten ôfgryslyk raze en roppe en skreauwe oan de himel, biddend en smekend foar in twadde dea om út it lijen ferlosse te wurden, yn de falske hope dat se by einbeslút harren noch by de loksilligen jaan kinne.’
Dochs gie de reis oan, want gelokkich is sy dy’t leare wol de ûnûntwynbere ûnderlinge gearhing fan alles yn te sjen.

Lit alle hope farre, jo dy’t hjir yn giet: mar wy rûnen lâns elkenien dy’t gjin ferlichting kend hawwe; wy rûnen troch in fan suchten triljende lucht lâns al de sloppelingen, al de jaknikkers en de flaaibekken, lâns de fuortsjoggers, de kriemerigen, de striemannen, de koartsichtige narsisten en al dy’t harren troch driften en begearten oermeunstere lieten; lâns alle opstokelers en al de ûntkenners rûnen wy, lâns de lefferts, de ikmannen, de ferrifelers, de opportunisten en de profiteurs, dy’t alle kearen wer ferdronken yn streamen fan siedend bloed. Wy rûnen dy hiele stjonkdobbe troch.

Wy seagen poerneaken lijers, beroerdelingen en libbende liken, oan ien tried wei stutsen troch mûnstermiggen en wapsen, it bloed opsûge troch wjirmen sa grou as ankertou, wy seagen in smoarge brij fan liven, drôchbylden yn dridze, gûlende skepsels yn in gribus fan fiersaaiende flammen, finzen geasten yn ivichduorjende merakelse tamtaasjes, wy hearden fan alle kanten sûnder ophâlden it kreunjen en it tsjirmjen en it skrille gjalpen fan smerte, wy seagen deadske slykpoelen en gleonhjitte flakten mei traach marteljende en ûnúteachbere flammenreinen, wy seagen sljochtsinnigen en mishipte wanskepsels dy’t as beesten wiene. Alles te gryslik om te beskriuwen.

Noch fierder rûnen wy, fierder en djipper de delgong yn, troch de kring mei de ferkrêfters fan rjocht en minsklikheid, de kringen troch mei de ferbline ambisjeuzen, de ligers en bedrigers, de machtsmisbrûkers, de ferlieders en de ferrierders, de tirannen en de diktators út alle tiden, de minskesmokkelers en de slavedriuwers, de korrupten en de hypokriten, de ûneinich protte falske riejouwers en twadrachtsaaiers en boalen en rasisten en psychopaten, om úteinlik, yn de lêste en djipste en fjoerigste hellekring ûnder it direkte tafersjoch fan Lusifer, de wrâld oan de meast trochtrape smychten te finen: de fanatisy en de terroristen fan dizze tiid. Dêrnei seagen wy de stjerren.

Tante, mear sis ik jo net en mear antwurdzje ik net, want no begjint foar jo it beklimmen fan de lotteringberch, dêr’t jo fan josels wer suver te doele komme kin.
Frou Merkel glimke fyntsjes en sette doe, ferbliid en yn it folste fertrouwen dat se slagje sil, de earste stap de himelshichte yn.
En ik, Vergilius, tocht: fata viam invenient. It needlot sil in útwei fine.

3 gedachtes over “De ferbylding nei de macht – Dante Aleghieri

    1. Betanke foar jo reaksje! Ja, wis waard der rûn, wy moatte it net slimmer meitsje as it is. Dante Alighieri reizget, as haadpersoan en ferteller, yn syn ferbylding in wike lang troch de trije parten fan it hjirneimels. It earste part is de hel, it part dat ik in bytsje beskriuw. De lotteringberch en it paradys komme dêrnei. Allinne it paradys is in fergeastlike foarstelling, dêr gjin konkrete lichems en sintúglike waarnimmingen, dêr gjin kuierjen mar in soart sweevjen.
      De hel koe er allinne beskriuwe as in njoer gebiet yn termen fan de ferskrikkings sa as de minsken dy doetiids (om it jier 1300 hinne) as fisioenen foar eagen hienen, dat wol dus sizze sa fysyk mooglik. Hy beskriuwt de hel as konsentryske sirkels lâns steile rotswanden. Alles wie te berinnen, mits er ien hie dy’t wist wêr’t er lâns moast. En syn liedsman yn de hel wie Vergilius (dy siel koe sels, lyk as al syn tiidgenoaten, it paradys net yn om’t er leefde foar Jesus Kristus syn tiid en koe dus fan syn libbensdagen net ferlost wurden wêze…). Och, it is sa’n moai boek!
      En it is ferbylding, dan is alles mooglik fansels. Hy rint, mar hy faart oars ek. Oer de styxx en sa. Op Google Ofbylding binne aardich wat plaatsjes om in yndruk te krijen fan hoe’t wy de hel fan Dante foarstelle kinne.

  1. Tanke hear Schokker.
    Ik ha Ynferno wol lêzen. Al is’t in aardich skoft lyn. Ik wie fan betinken dat Dante mei in boatsje troch de hel farre. Wie ik dus mis. Judas siet it djipst yn ‘e hel. Moatte wy us ôffreegje oft it oars mei Jezus ôfrûn wie as Judas him net ferrieden hie?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *