De ferbylding oan de macht – Don Quichot

‘Lit dy net troch kueren liede. Litte de triennen fan de earmen begrutsjen by dy fine, mar net mear rjocht dwaan as it pleitsjen fan de riken.
As it kin, steapelje net alle strangens fan de wet op de misdiediger, want de rop fan in strange rjochter is net better as dy fan in rjochter dy’t meilydsum is. Ast bytiden de roede fan rjochtfeardigens bûgest, dan moat it net wêze om de presintsjes, mar út barmhertichheid.
Lit dyn drift dy net ferbline yn in oar syn saak, want dyn dwalingen sille meastentiids net te ferhelpen wêze, en binne sy dat wol, dan sil dy ta skea wêze fan dyn goede namme en sels fan dyn besittingen.
Dy’tst kastije moatst mei dieden, tamtearje him net mei wurden.
Beskôgje de beskuldige dy’t ûnder dyn rjochtsgebiet falt as in ûngelokkich minske. As it mooglik is, toan dysels yn sokke gefallen ynskiklik en ferdraachsum, want foarsjen fan genede is mear ferheven as hanthavenje fan rjocht.
Asto dizze lessen en foarskriften folgest, Sancho, dan sille al dyn dagen ferlinge wurde en dyn rom sil ta yn ivichheid duorje.’

De hartoch en hartoginne wiene wol sa bliid en optein oer hoe’t se Sancho de ôfrûne nacht te fiter nommen hiene, doe’t er blyndoeke op it houten hynder siet – saneamd op wei nei it him taseine eilân -, dat se besleaten om noch eefkes troch te gean mei grapjeien. Se ynstruearren earst harren tsjinners en fazallen yn it stedsje fierderop en dêrnei fertelde de hartoch Sancho dat er him no fluch klearmeitsje moast om gûverneur te wurden, want de bewenners fan it eilân longeren al like bot nei him as nei reinwetter yn maaie.
Doe’t Don Quichot hearre wat der op tou setten waard en hoe hastich wol net Sancho nei syn gûverneurskip ôfreizgje soe, naam er him mei ynstimming fan de hartoch mei nei syn keamer om syn skyldfeint rie te jaan hoe’t er yn dat amt stean moast.

‘Uneinich tank ik de himel, freon Sancho, dat it lok dy tsjinnet noch foar’t dy mei my is. In soad minsken spanne gear, falle lestich, bidde en smeke ier of let, skoaie, eamelje en driigje en berikke net dat dêr’t se sa nei stribje; en in oarenien komt en, sûnder te witten hoe en wat, him falt samar it begearde amt ta. Do, fierhinne de grutste okse dy’t ik ken, bist samar ynienen gûverneur fan in eilân, krekt as wie it neat, sûnder betiid fan ’t bêd te kommen, sûnder ienige ynspanning of muoite en alhiel sûnder beroering fan de hillige azem fan it doarmjend ridderskip.
Dit alles sis ik dy, Sancho, meidatst dizze krigen geunst net oan dyn eigen fertsjinsten taskriuwst, mar tank seist oan de himel en myn doarmjend ridderskip. Asto no klear bist om dit te leauwen, wês dan, myn soan, opmerksum op dyn hear en master, dy’t dyn liedsman wêze sil.’

‘Tenearsten myn soan, moatst God freezje. Twads moatst dyn eagen fêstigje op dat watsto bist, besykje dysels te kennen. Dy selskennis sil as gefolch hawwe datst dy net opblaast as in kikkert dy’t syn likens meitsje wol fan de okse; want ik wit datst eartiids de wylde bargen hoede hast.’
‘Dat is sa,’ antwurde Pancho, ‘mar dat wie doe as feintsje; doe’t ik in bytsje man wurden wie wiene it de guozzen dy’t ik hoede en gjin bargen. Mar ik mei stjerre, as dit wat te krijen hat mei myn oankommend gûverneurskip, net elk dy’t regearret hat blaubloed.’
‘Krekt,‘ ferfette Don Quichot, ‘en dêrom moatte persoanen fan net-adellik komôf de deftigens fan it hege amt dat se besette útdrage mei oannimlikheid. Pronkje, Sancho, mei de nederigens fan dyn ôfkomst en ferjit nea te fertellen datst fan boerebloed bist, want as se sjogge datst dy der net foar skammest sil net ien dy útskelle. Moatst dy klearmeitsje om folle mear in nederich en braaf man te wêzen dan in hofeardige sûnder. Untelber binne dejinge dy’t út de ûnderein weikomme en opklommen binne ta in pauslike of keizerlike weardichheid. Sjoch Sancho, bloed is erve mar deugd is bemachtige en jildt foar dy persoan allinne.’

‘Wat it bestjoeren fan dyn persoantsje en it hûs oanbelanget, myn bêste Sancho, it earste wat ik dy oplis is datst tige skjin op dysels bist en datst dyn nagels knipst.
Rin net mei losse klean en iepen gulp, want sloardige klaaiïng ferriedt in suterige siel.
Berekkenje ferstannich dat wat dyn amt dy opleverje kinne soe en dyn tsjinstfolk, asto dy hast, moatst fatsoenlik mar sunichjes betelje.
Yt gjin knyflok of sipels, want dan rûke se dyn doarpsheid.
Rin stadich en praat dimmen, mar net sa as it liket datst nei dysels harkest, want elke oanstellerij is mâl.
Moatst middeis net folle ite en jûns noch minder, want de sûnens fan it lichem wurdt makke yn de wurkpleats fan de mage.
Bliuw yn de mjitte mei it drinken en betink dat te folle wyn noch geheimen bewarret, noch wurd hâldt.
En boppe-al, Sancho, moatst yn dyn petearen net safolle sprekwurden en siswizen brûke. Do skuorrest se der sa faak mei de hierren by dat it gauris mear ûnsin liket as wiisheid.’’
‘Dat kin God betterje, ‘antwurde Sancho, ‘want ik ken mear sprekwurden as boeken en der hingje my, as ik praat, safolle tagelyk foar yn de mûle dat se mei-inoar fjochtsje om derút te kommen.’
‘Tink derom,’ sei Don Quichot, ‘asto net goed regearrest, sil de skuld dines wêze en de skande mines. Myn treast is dat ik dy, yn alle earnst en sa goed as ik kin, myn bêste rie no jûn haw.
God sil dy liede, Sancho, en dy bestjoere yn dyn bestjoer en Hy sil my de eangst benimme dy’t my bybliuwe sil asto der mei it hiele eilân ûnderstrûpst. Dat soe ik oars tefoaren komme kinne troch de hartoch te fertellen dat it grouwe mantsje datsto bist inkeld bestiet út in sekfol sprekwurden en siswizen.’
‘Ho Hear,’ sei Sancho, ‘as Jo tinke dat ik net geskikt bin foar it gûverneurskip dan giet it hielendal oer, want ik sil as Sancho mei brea en sipels like goed yn myn ûnderhâld foarsjen, as mei patrizen en kapoenen yn myn gûverneurskip. En as Jo fan betinken binne dat de divel my helje moat om it gûverneurskip, dan wol ik leaver as Sancho nei de himel ta dan as gûverneur nei de hel.’
‘Allemachtich, Sancho, sei Don Quichot, ‘inkeld om dizze lêste wurden oardielje ik datsto gûverneur wêze moatte soe oer wol tûzen eilannen. Do bist in man mei karakter, wat mear is as alle wittenskippen byinoar.’

(Miguel de Cervantes Saavedra: Don Quichot de la Mancha, haadstik 60 – Gûverneur oer tûzen eilannen)

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *