De ferbylding oan de macht – Václav Havel

‘Wy libje yn in besmet fermidden. Wy waarden moreel bedjerre om’t wy omstean leare moasten dingen te sizzen dy’t wy net mienden. Wy learden nergens mear yn te leauwen, wy learden om inoarren te negearjen en om allinne foar ússels te wêzen. Konsepten as leafde, freonskip, meilibjen, nederigens of ferjouwing ferlearen djipte en diminsje; foar in soad fan ús fertsjinwurdigen se allinne mar psychologyske eigenskippen of liken se op mispleatste ideeën út eardere tiden, dy’t wat bespotlik wiene yn it tiidrek fan kompjûters en romteskippen.
Mar inkelden fan ús wiene by steat lûdop te roppen dat de hearskjende machten net almachtich wêze mochten, dat de spesjale buorkerijen dy’t ekologysk suver iten fan topkwaliteit inkeld en allinnich foar de machthawwers produsearren, harren produkten fansels nei de skoallen en nei bernetehûzen en nei de sikehuzen stjoere moatte soenen. It foargeande rezjym – wapene mei arrogânsje en in yntolerante ideology – brocht de minske werom ta in produksje-ienheid en de natuer ta in produksjemiddel. Sa wie dat rezjym troch alles hinne tsjin har eigen wêzen en ûnderling ferbân en fertrouwen. De foarige machthawwers feroaren tûke en autonome minsken, dy’t yn harren eigen lân betûft oan it wurk wiene, yn de bouten en moeren fan ien of oare meunsterlike, grutte, lawaaiïge en stjonkende masine, wêrfan de wurking foar gjinien dúdlik wie. It koe net oars as dizze masine ferslite stadich mar wis himsels en al syn bouten en moeren.’

‘As ik it haw oer in besmet morele sfear, dan haw ik it net oer de hearen dy’t organysk griente ieten en net troch de ruten nei bûten seagen. Ik haw it oer ús allegearre. Wy allegearre wiene wend rekke oan it totalitêr systeem en akseptearren dat as in fêststeand feit en holden it sadwaande yn stân. Oars sein, wy hawwe allegearre – mar fansels de ien mear of minder as de oare – ferantwurdlikheid foar dy totalitêre masine; gjinien fan ús is der inkeld mar it slachtoffer fan: wy binne allegearre har meiskeppers.
Wêrom sis ik dit? It soe tige ûnreedlik wêze it treurich erfskip fan de ôfrûne fjirtich jier te sjen as wat ûneigens, dat ien of oare fier famyljelid ús neilitten hat. It is krektoarsom, wy moatte dit erfskip oangean as in sûnde dy’t wysels, tsjin ússels, begean hawwe. As we it sá oangean, dan sille wy begripe dat it ús eigen ferantwurdlikheid is, en allinne dy fan ús, om der werklik wat oan te dwaan. Wy kinne de foargeande hearskers net oeral de skuld fan jaan, net allinnich om’t dat net wier wêze soe, mar ek om’t it de plicht weinimme kinne soe dêr’t elk fan ús hjoed de dei mei konfrontearre wurdt, nammentlik de plicht ûnôfhinklik te hanneljen, frij, reedlik en fluch. Litte wy ússels net foar de gek hâlde: de bêste regearing yn de wrâld, it bêste parlemint en de bêste presidint kinne op harsels net folle berikke. En it soe ek ferkeard wêze allinne fan harren in totaal remeedzje te ferwachtsjen. Frijheid en demokrasy betsjut partisipaasje, en dus ferantwurdlikens fan ús allegearre.
As wy dit beseffe, dan sille alle ferskrikkingen dy’t de nije Tsjecho-Slowaakse demokrasy erfd hat net mear sa freeslik lykje. As wy dit beseffe, keart de hope werom yn ús herten.
Yn it besykjen saken fan algemien belang rjocht te setten, hawwe wy eat om op te lynjen. De ôfrûne perioade – en benammen de lêste seis wiken fan ús freedsume revolúsje – waard it enoarme minsklike, morele en spirituele potinsjeel en de boargerkultuer dúdlik, dy’t slomme ûnder it optwongen masker fan apaty. As der immen kategoarysk bewearde dat wy dit of dat wy dat wiene, brocht ik der hieltyd tsjin yn dat de maatskippy tige mysterieus is en dat it net ferstannich is allinne it gesicht te fertrouwen dat it sjen lit. Ik bin bliid dat ik it net verkeard hie.’

‘Oeral op ’e ierde freegje minsken harren ôf wêr’t dy makke, fernedere, skeptyske en skynber synyske boargers fan Tsjecho-Slowakije de bjusterbaarlike krêft fûn hawwe om binnen in pear wike en op in fatsoenlike en freedsume manier it totalitêre jûk ôf te skodzjen. En litte wy ússels ôffreegje: wêr helle de jonge minsken, dy’t nea in oar systeem kend hawwe, harren langst nei frijheid wei, harren leafde nei frij tinken, harren politike ideeën, harren boargermoed en boargerwiisheid? Hoe koe it wêze dat de âlders – deselde generaasje dy’t as ferlern besjoen waard – harren sa fûl by de jongerein joegen? Hoe is it mooglik dat safolle minsken fuortdaliks wisten wat se dwaan moasten en dat gjinien fan harren rie of ynstruksjes nedich hie?…
Masaryk basearre syn polityk op moraliteit. Lit ús de kommende tiid op in nije wize besykje dit politike konsept wer foarm en ynhâld te jaan. Dat wy ússels en oaren leare dat polityk in útdrukking of in langstme is dat der ta docht foar it gelok fan de mienskip, yn stee fan in ferlet om te bedriigjen of te skeinen. Dat wy ússels en oaren leare dat polityk net allinne de keunst fan it mooglike wêze kin, foaral as dit de keunst ynhâldt fan spekulaasjes, berekkening, yntriges, geheime ôfspraken en pragmatyske manoeuvres, mar dat it sels de keunst fan it ûnmooglike wêze kin, nammentlik de keunst om ússels en de wrâld te ferbetterjen.’

‘Der komme no nije ferkiezingen oan, mei in echte ferkiezingskampanje. Litte wy net tastean dat dizze striid it oant no ta skoane oansicht fan ús sêftmoedige revolúsje wer ûngedien makket. Litte wy net tastean dat de sympaty fan de wrâld, dy’t wy sa fluch krigen hawwe, net krekt sa hurd wer ferlern giet, om’t wy ús ferlieze yn skermutselingen om de macht. It is op dit stuit net echt wichtich welke partij, club of groep de ferkiezingen aansens winne sil. Wat wol wichtich is: dat de winners yn it morele, boargerlike, politike en profesjonele de bêsten fan ús wêze sille, likefolle wat harren politike foarkar binne. It takomstich belied en it prestiizje fan ús steat sil ôfhingje fan de persoanlikheden dêr’t wy op stimme en dy’t wy letter kieze as ús ôffurdige.’

‘As lêste soe ik sizze wolle dat ik in presidint wêze wol dy’t minder prate en mear dwaan sil. In presidint dy’t net allinnich troch de ruten nei bûten sjocht, mar dy yn it foarste plak altiten oanwêzich wêze sil ûnder syn meiboargers en ek nei harren harket.
Jo meie freegje nei it soarte republyk dêr’t ik fan dream. Lit my dêr it folgjende op antwurdzje: ik dream fan in ûnôfhinklike, frije en demokratyske republyk, in republyk dy’t ekonomysk bloeit en ek sosjaal rjochtfeardich is; koart sein in minsklike republyk, dy’t yn tsjinst stiet fan it yndividu en dy’t dêrom de hope yn him hat dat de yndividu de republyk tsjinje sil. Fan in republyk fan breed ûntwikkele minsken, om’t it sûnder harren ûnmooglik is ús problemen op te lossen op sawol minsklik, ekonomysk, ekologysk, sosjaal of polityk mêd.
Myn earbiedwurdige foargonger begûn syn earste taspraak mei in sitaat fan de grutte Tsjechyske learaar Komenius. Stean my ta myn earste taspraak ôf te rûnjen mei myn eigen omskriuwing fan deselde ferklearring: minsken, jo regear is by jo weromkommen!’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *