De flecht fan Victor

Yn de nacht fan moandei 19 novimber 2001 ride trije mannen om healwei tolven yn in alve jier âlde fiifbaks Seat Marbella Special út de útsloerde arbeidersbuert Villaverde fan Madrid rjochting it noardwesten. Yn de kofferbak lizze trije pistoalen, twa Kalashnikovs, in rêchsek mei ûnder mear in flesse Katalaanske Campo de Borja fan de wynkoöperaasje út harren bertedoarp, in stikmannich stevige touwen, in kilo semtex en noch wat oar guod dat dy nacht miskien fan pas komme kin.

De Guardia Civil moat yn alle gefallen mijd wurde en dus reizgje de mannen binnentroch oer de M600, om nei trije kertier foarby Pino Alto de tsjustere driigjende bergen fan de Sierra de Guadarrama yn te riden. Nei nochris trije kertier komme se oan by it stedsje dêr’t se wêze moatte en dat se al jierren en jierren haatsje as de pest. Se ride de Escorial foarby en parkeare de auto op twa strjitten fan it tsjerkje. De âldste fan de mannen, in Pintano fansels en net de earste de bêste, nimt de semtex en twa doazen yn ’e hannen, de beide oaren pakke de gewearen en it is de sjauffeur dy’t kontrolearret oft syn flesse reade wyn wol in skriuwdop hat.

Se hawwe twa kilometer te rinnen oer in boskpaad dat it doarp útslingeret de bergen yn lâns in ferfallen bodega. De pista forestal bringt de trije mannen yn in lyts oerke achter de Valle de los Caidos, it pompeuze grêfgebou fan Francisco Paulino Hermenegildo Teódulo Franco y Bahamonde Salgado Pardo, yn libben in lyts keardeltsje mei in falsetstemme dy’t him sels neamde El Caudillo de España por la Gracia de Dios, sis mar de Spaanske diktator foar it libben yn namme fan God de Almachtige. (Ien kear hat Franco Hitler moete, yn in treinkompartimint op it stasjon fan Josse de Haan syn Frânske grinsdoarp Hendaye, oan de Golf fan Biskaye. Hoe faak soe Josse wol net op dat stasjon west hawwe? Ek Hitler koe Franco net luchtsje.)

De trije mannen rinne om de rots mei it hege krús hinne en komme út oan de achterkant fan it monumint. De jongste fan de manlju, hy dy’t ek wol Pedro el Conquistador de las Fachadas neamd wurdt, begjint oan it beklimmen fan de ferduld glêde wytmoarmeren achtergevel. Folle earder as se ferwachtsje rôlet der in tou nei ûnderen ta en kin Pintano sels lâns it meast rjochtse kezyn nei boppen ta klimme. De tredde man, in keardel dy’t faaks net folle seit mar de tûkste skerpsjitter is en in poerbêste sjauffeur, bliuwt ûnder om de saakjes goed yn de gaten te hâlden.

Pintano en Pablo rinne linksom lâns de râne fan it dak nei de foarkant fan it monumint. Boppe de yngong, op in brede richel twa meter ûnder harren, stiet it mânskbreed byld fan Maria dy’t Jezus fan it krús ôf hoeden delleit. No komt it foar Pintano der op oan. Hy hellet de semtex út in trommel en hat trije minuten nedich om it tiidsmeganisme te befêstigjen. As er dêrmei klear is lit Pedro him oan in tou ôfsakje om it eksplosyf te klamjen tusken it rjochterboarst fan Maria en it heal lizzend linker boppeliif fan Jezus.

De eksploazje is set op seis oere yn de moarn, as der fêst noch gjin minsken by of yn it monumint binne ta gelegenheid fan de ienentweintichste stjerdei fan de Generalissimo. De trije mannen hawwe no twa oeren en in kertier de tiid om fuort te kommen. Dat slagget mei glâns. Se ride yn de gammele Seat sûnder fierder gedonder nei it noarden ta, nei in bûtenwyk fan Segovia om by lânslju earst de nacht en dan de dei út te sitten.

Yn de nacht fan tiisdei op woansdei ride se it hiele ein op hûs oan nei Katalonië, mar dan witte se al dat de oanslach finaal mislearre is. Pedro seit it dat it godlik foarbeskikt wie, Pintano tinkt dat it net oars kin of dat der koartsluting sitten hat yn it tiidmeganisme. De tredde man, de stille sjauffeur, hat ûnderweis net folle te fertellen. Hy moat tinke oan de lege wynflesse mei it kleurich etiket dy’t er ferjitten hat yn syn rêchsek mei it Estelada Blava flachje te dwaan.

******

Miskien gie it sa, de oanlieding foar De Flecht fan Viktor, Jan Schokker syn nijste boek. It sil ús bruorrebân wêze fansels, mar ik soe sizze dat Jan syn lêste boek bysûnder nijsgjirrich is. De Flecht fan Victor is al mei al syn seisde yn de foar Fryske begripen fertroude Ale Alema-rige en neffens my ien fan syn bêste. Mei de jierren wurdt it skriuwen fan myn broer yn alle earlikheid der net minder op. Miskien sit der net sa folle fan syn aparte humor yn as yn syn earste boeken, mar dêr stiet tsjinoer dat dit lêste boek wrachtsjes in wrâldske djipgong hat en bytiden skerpe observaasjes.

Dus, fernim hoe’t Ale Alema him de kop klaut oer wat der no wer yn syn Bontebokster achtertún te skaffen is. Lês wêrom en hoe’t dy Victor Pintano hielendal út Katalonië jierren letter yn Fryslân bedarret, nim kennis fan frjemde politike ûntjouwingen út in fier ferline en kom wer ris te witten hoe’t in strider him wol út de fjochterij tebekklauwe kin mar dat de ivige kriich oer wat yn fredesnamme rjochtfeardichheid wêze moat noait in kear út de oprjochte strider te slaan is. Krekt ast der it minst op berekkene bist sille de emoasjes en it ûnberekkenbere hert dyn freedsum en noflik bestean yn minder as in suchtsje opblaze. Der komt nea in ein oan. Oan myn twillingbroer syn Ale Alema-rige yn earsten lokkich ek net.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *