De giele geuzen

Giel! Giel! Giel! Dit is it begjin! Hiel Fryslân giel! No! Hjoed! Moarn as it moat, hjoed as it kin! Giel! Giel! Hiel Fryslân giel!

Wy, fan de giele heskes, sille moarn de strjitte op! Fan Moddergat oant Makkingea, fan de Kompenije oant Kimswert, alle alve stêden lâns! Hearre jimme dat, magistrale lamsekken en plússittende patrisiërs, ynstitúsjonele stjonkerts, selsbefruchtsjende bilbonkende bline bestjoerders, trochtrape egomaniakken en megalomane selsferrikers? Us folk earst!

Wy hawwe skjin ús nocht fan alle hege prizen, fan temin wenningen, fan tefolle folksferlakkerij, fan jimme politisy yn ivoaren tuorren, fan foaral Rutte mei syn samling tevlon maskers, skjin ús nocht fan alles dat trochleard is, djoer en rjochtferkeard is, fan elitêre kultuer en alledeiske jildfergriemerij. Moarn de strjitte op! Sûnder geweld, jawis, mar as de plysje deryn slaat, no, dan rame wy ek derop yn! Kneppelfreed! Knep-pel-freed!

De wrâld moat better! De macht werom by it gewoane folk. Gjin ynkommelingen. Gjin Afrikaantsjes, gjin flechtlingen, gjin earmoedlijers. Gjin wenningen foar al dat frjemdfolk. Wy wolle ús pinsjoen mei 65, leaver noch mei 60! Wolfeartbestindinge pinsjoenen wolle wy. Wy hawwe der bliksem lang genôch foar bealge. It iepenbier ferfier moat fergees! Soarch foar de sûnens moat fergees! Wy wolle Swarte Pyt en wy wolle kompensaasjes. Kompensaasje foar Kok syn sosjalistyske kwartsjes, fan de Dútsers dy’t op âlde pake syn Fongerfyts der útnaaiden, fan de Frânsen mei harren egalitêr fretternisme en wy wolle, nee, wy easkje kompensaasje fan de Spanjolen wat dy ús tachtich jier lang oandien hawwe! Soademiterje op mei skjinpraatsjende ekskuzen: jild wolle wy sjen! Gieltsjes! Giel-tsjes!

Wy hawwe skjin ús nocht fan de klauwen en de kloeren en de krimmenele akkefysjes fan alle bankiers en hotemetoten, fan de korrupsje, fan it húskeguod, fan it nepnijs yn de kranten en de agitaasjes op it sjoernaal. Wy hawwe skjin ús nocht fan fassistyske antismookferboden en trochslaande miljeubefoarderlike maatregels fan skoalmasterige skjinswilers. Gjin turbines yn ús achtertún! Rêd de Grinzers, stopje mei ierdgaswinning. Wy wolle it griene gers werom yn ús grandioaze Fryske greiden en gjin ferplichte faksinaasjes. Kómpensaasjes! Kóm-pen-saas-jes!

It Europa fan hjoed is it Dútslân fan de tritiger jierren. Sjogge jimme it faai teken dan net, blyndoekjeboartsjende molwrotters? Sjogge jim it opleine fallisemint net fan de demokrasy, hearen skytsikers? Wy wolle klearrichheid! Gjin polderjend geëamel, wissichheid! In sterke man, dat wolle wy! Abe foar presidint! En witte jimme wa’t wy binne? Wy binne twa op de trije Friezen! Twa op de trije! In grouwe mearderheid! En mei it oare treddepart ferheegje wy de diken. Wat dogge wy mei de boekelêzers, mei de proazafretters, mei de lektuerkritisi? Bedobje dy melodramatyske hannel en oars op ‘e brânsteapel!

Moarn de strjitten op! Tsien oere sammelje by Us Mem yn Ljouwert. Flaggestokken mei! En ferjit de bivakmûtsen net. Paulusma seit dat it dizze winter troch alles hinne âlderwetsk ferskuorrend kâld wêze sil! Wy wolle wer in Alvestêdetocht! Moarn as it moat, hjoed as it kin!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *