De Grutte Oarloch en soldaat Hielke Hylkema fan Idaard

Lêst novimber rûn ik mei myn Amerikaanske maat op The Somme American Military Cemetery yn Bony, boppe Saint Quentin yn in treasteleas earmoedich Noard-Frankryk en seach tafallich, net fier fan de yngong, de grêfstien fan in Hielke Hylkema, neffens de ynskripsje korporaal yn it 16th Infantery Bataljon, First Division, ôfkomstich út Illinois en sneuvele op 3 juny 1918. Hielke Hylkema, sa’n namme falt op fansels.

No is it sa dat der op alle Amerikaanske militêre begraafplakken, dei út dei yn, in yntendant is dy’t de besikers ynformaasje jaan kin oer de soldaten dy’t dêr lizze en de omstannichheden wêrûnder se sneuvele binne. Oer de beide Amerikanen dêr’t myn freon yn ynteressearre wie hie de yntendant binnen it heal oere foto’s, nammen fan âlden en wit al net mear. Ik frege, út in dizich fiel fan Fryske solidêrens, wat er te witten komme koe oer dy Hielke Hylkema. It ienige dat er my yn dat petear dy deis fertelle koe wie dat Hylkema nei alle gedachten net berne wie yn Amearika (om’t er gjin middle initial hie), mar hy sei ta sa gau mooglik kontakt mei my op te nimmen: it wie syn eare tenei dat er op dat stuit net mear ynformaasje opdûke koe.

Twa wike letter in mailtsje. It bytsje dat er nei fierder sneupen fûn hie wie: 1. dat Hylkema gjin korporaal west hie mar in ‘private’ (soldaat) en 2. dat er om 1899 hinne berne wie yn ‘Idaard or Idaerd’. Hy linkte my nei in soad ynformaasje oer de First Division en it 16th Bataljon, -wêr’t Hylkema fochten hat en wêr’t er sneuvele wie-, mar oer de persoan Hielke Hylkema, dy soldaat fan Idaard, hielendal neat.

De First Division wie ein juny 1917 ien fan de earste Amerikaanske difyzjes dy’t yn Frankryk oankaam. It bataljon (in difyzje hat sa’n 25 bataljonnen) fan Hylkema waard daliks nei oankomst útkeazen om de Amerikaanske flagge te presintearjen op in spesjale 4th of July defilee yn Parys, sa bliid wiene de Frânsmannen dat de Amerikanen no ek meidiene yn de striid. Dus noch mar kâld ien wike yn Europa en Hylkema marsjearre al oer de Champs-Elysées. Om oan it ein fan dy fiif kilometer lang optocht te hearen hoe’t syn oerbefelhawwer, generaal John J. Pershing, by it grêf fan markys De La Fayette, de held fan de Amerikaanske Revolúsje, grutsk en teatraal ferklearret dat de Amerikanen arrivearre binne om it heitelân fan harren held te befrijden fan de fijân: ‘La Fayette, we are here!

Op trije novimber 1917 siet Hylkema syn bataljon by Bathlémont yn in frij rêstich sjitfuorgensektor as de Dútsers midden yn de nacht ûnfertocht in útfal dogge. Sa waard syn bataljon (dat bestie út in pear hûndert man) ek it earste Amerikaanske rezjimint dy’t feitlik fjochtet yn de Grutte Oarloch. Dy nacht ek sneuvele de earste Amerikanen.

Op 25 april 1918 wurdt syn difyzje, al mei al no sa’n 27.000 man sterk, stasjonearre by it buorskip Cantigny (100 ynwenners; winkeltsje, bakker, kafee), 115 kilometer lyk noard fan Parys. It leit flink wat heger as de neiste omkriten en is dus goed te ferdigenjen troch de Dútsers. De Amerikanen stean ûnder operasjoneel befel fan de Ingelsken, brûke foar it grutste part Ingelske wapens en dogge foaral mei om einliks ris ‘echte’ gefjochtsûnderfining op te dwaan.

De slach om Cantigny begjint op 28 maaie, moarns om kertier foar fiven, mei in bombardemint op de Dútske stellingen. In oere letter tsjogge foar it earst yn dizze oarloch Amerikaanske soldaten op yn in offinsive aksje. In heal oere letter al is de slach wûn, mei noch gjin 100 man dea oan Amerikaanske kant, folle minder as ferwacht. Oer in breedte fan 2 kilometer hawwe se 250 oant 550 meter op de Dútsers ferovere. Om 8.30 oere begjinne de Dútsers mei de counterattacks, mar de Amerikanen witte dan en ek de kommende dagen har ferovere terrein te behâlden. Hylkema syn bataljon leit earst yn reserve en losset pas op de tritichste maaie in oar bataljon ôf. Trije dagen letter sneuvelet Hielke Hylkema.

Yn dy slach om Cantigny, om dy pear fjouwerkante kilometers, sneuvelje yn totaal 199 Amerikanen (killed in action) en binne der 1400 soldaten dy’t ferwûne binne. De sneuvele Amerikanen wurde earst provisoarysk in pear hûndert meter efter it front begroeven. In pear moanne letter, nei de wapenstilstân, sille de stoflike oerskotten opgroeven wurde om yn in grutter fersammelbegraafplak fierderop op’e nij beïerdige te wurden. Yn jier letter wurdt Hielke Hylkema foar in tredde kear opgroeven om yn Bony, sa’n 60 kilometer nei it noardeasten ta, in definityf rêstplak te krijen.

Wa wie dy Hielke Hylkema? Hoe is er stoarn? Sûnt de dei dat ik foar it earst syn grêf seach spoeket dy namme my mar yn de holle om. Ik soe wolle dat der in tûke sneuper is dy’t mear ynformaasje oer him fine kin, it is my net slagge.

As ik de foto’s, films en musea sjoch, as ik de boeken, kranten, ferhalen en gedichten lês, as ik dêr yn Frankryk en ek yn Belgje omhinne de monuminten rin en oer de hôven strún, as ik fernim hoe’t yn de ferskriklike oarloch der oan ta gien is, mei úteinlik sa’n 19 miljoen minsken sneuvele ûnder omstannichheden dy’t myn foarstellingsfermogen faaks te boppe geane, dan is oan it ein alles wat ik langje op bêd gean en wol sa allemachtich leaf te hawwen dat de minsklikheid troch alle diminsjes hinne wer wat waarmte en sêftens kriget.

It is oars hiel goed mooglik dat Hielke Hylkema net sneuvele is troch in Dútske aksje mar dat er krepearre troch de Spaanske gryp, dy’t fan jannewaris 1918 oant desimber 1918 oeral op de wrâld hearske en 50 oant 100 miljoen slachtoffers easke. Mar it makket fansels neat út hoe’t dy earme stakker stoarn is.

Sifers binne sifers. Ik bin fan doel en nim de tiid om in blomke en wat ierde út Idaard del te lizzen op syn grêf, snein trije juny dit jier. Dêrnei moatte Hylkema en ik inoar mar yn frede litte.

It grêf fan Hylkema: links fan de flagge, foarste rigel, fiifde fan rjochts.

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *