De moaiskyn fan oarder en regel

Wie it net Vestdijk dy’t skreaun hat dat it hiele libben eins yrrasjoneel en paradoksaal is? By my manifestearret dat it meast yn tiden fan iensumens en ferfeling. Te waarm om bûten te wêzen, gjin nocht om langer yn bêd te lizzen, de frou in pear dagen fan hûs, de iPad leech, alle boeken lêzen, de byb ticht, gjin wordfeudsjes te lizzen en dochs wat dwaan wolle: it wie tiid om myn boekekasten ris goed ûnder hannen te nimmen.

Dy’t fan yn de wenkeamer fûn ik noch aardich op de regel. Dêr stean fansels de moaiste en de djoerste boeken fan de literatuerste skriuwers, it besjen mear as wurdich en yn in oarder dy’t my noch nei it sin wie. Boppe, yn myn jongeskeamer, hie ik de boeken sûnt de lêste depresje taal by taal op hichte en kleur fan de kaften stean. Dat wie ienris foar my it summum fan symmetrysk nocht en estetyske wille, mar de lêste pear dagen like my dit alles te berneftich. Nee, boppe moast ik sûnder útstel alle boeken sjenre-leas alfabetysk oarderje, yn wêzen ek in foarm fan gaos, mar yn alle gefallen fan in soarte dat werkenber en rasjoneel is foar dy iene libbene siel dy’t op in dei myn boeksamling bewûnderjend ynspektearje sil.

Ik ha der earjuster hiel wat noflike oeren mei dwaande west. De tiid rekke ik kwyt, ik preau myn toarst net en ik wist dat myn gedachten te’n lêsten wer ris konkreet en klear wiene, sa befetlik en taastber as de boeken dy’t my troch de hannen giene.
Guon boeken skode ik oan de kant om fuort te dwaan, De Vuuraanbidder fan Vestdijk bygelyks: in tekstbrij om yn te fersûpen. En ien boek dat ik kwyt wie fûn ik werom: De Plek fan Annie Ernaux. In pracht fan in boekje, dêr’t ik ea fan leard hie dat der in fluezige grins is tusken karakter en kultuer, tusken bestimming en ôfkomst.

Op it lêst hie ik alle boeken wer werom yn de kast, rommeliger en op it each gaoatysker as earst, mar de strukturele logika like foar no deugdlik genôch foar ny hâldfêst yn it bestean. Juster ha ik ûnderút, mei de fuotten op it buro, tidenlang mei wûnder yn de holle myn boekekasten besjoen. It seit wat, mar wat seit it?

2 gedachten over “De moaiskyn fan oarder en regel

  1. In jier of tweintich lyn. Us famke hie in foarlês wedstriid wûn. Dolf Verroen kaam by ús thús de priis oerhannige. Doe’t er yn ‘e keamer kaam rûn der fuort nei de boekenkast. In mourre 8 meter lang en 3 heech. Hy bliuw der sa’n fiif minuten nei sjen.
    Ik frege him. ‘Kunt u aan de boeken ook zien wat voor mensen wij zijn?
    Hy seech nochris nei de boeken en andere:’Ja, maar daar laat ik mij liever niet over uit….
    Moaie saak…
    Mar, sy sizze wolris, lit my jo tún sjen en ik wit wat foar man jo binne.
    Jild dat ek net foar de boekenkast?

    ( Neist berneboeken skriuwe hat Dolf Verroen ek Frânstalige boeken van George Simenon oersetten nei it Nederlânsk. Ek Maigret boekjes)

    1. Krekt, sa is it… Moaie saak… Prachtich!
      By ús thús soarget Ina foar de tún en hat der prizen mei wûn, mar myn boeksamling, dêr’t ik sa grutsk op bin, is en bliuwt myn eigen stille wille.
      Dank foar dyn reaksje, Eddy!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *