De raket yn it jiskefet

‘Wêr wiesto op sneon 29 oktober 1983?’ frege Rabber Roatsje my, doe’t er amper de winterjas ophongen hie.                                              

‘1983? Doe wenne ik yn Amearika.’                                                           

‘Dan wiesto de iennige Fries dy’t dy deis net oan it demonstrearjen wie tsjin de krúsraketten op it Maliefjild yn De Haach. Komitee Krúsraketten Nee, seit dy dat wat?’                                                   

‘Jawis wol. IKV, Sienie en Mient-Jan, ik ha der letter as PSP-stimmer wol wat fan meikrigen, ja.’        

‘En bist wat op de hichte fan de hjoeddeiske geopolitike ûntjouwingen?’

‘Man, op myn âlde dei bin ik stjerrende benaud dat ik it Breaking News misse sil. Ik iepenje de hiele dei troch nijs-apps, fan Teletekst en FoxNews oant en mei De Knilles Teleks en It Nijs. Gjin aksje yn de Benelúks of ik wit der alles fan.’

Rabber Roatsje hie ik yn tiden net mear sjoen mar juster stie er wer ris foar de doar. Rabber is in âld maat fan my, wy kenne inoar al fan de legere skoalle. Op de earste dei fan de earste klasse tocht er dat ‘ferdomme’ myn efternamme wie, mar nei’t ik myn twillingbroer op him ôfstjoerd hie waarden wy de bêste freonen en hat er as magiër my de hiele skoaltiid troch holpen om in eigen territoarium ôf te beakenjen.

‘No, ast sa op de hichte bist, dan witsto ek dat dyn grutte freon Trump it INF-ferdrach opsizze wol, omdat Ruslân wol deeglik ûnderwilens nije raketten ûntwerpt en ek dat Sina, dat bûten dit ferdrach falt, yn de lijte en dus yn alle frijheid ûnbehindere noch folle gefaarliker nukleêre krúsflechtwapens ûntwikkelt. Hjirneffens wiene dy krimmenele krúsraketten fan 1983 mar fjoerwurk foar âld en nij, boartersguod dus.’

‘Sil wol, asto it seist.’

‘Sil wol, sil wol? Do slûgert, foar de safolleste kear stiest wer ris foar de loaie lamliddigens fan bekrompen neo-liberale Gutbürgerlichkeit. Wolst fan alles witte, jawis, mar der wat mei dwaan, ho mar! Aksje man, aksje! Nim in foarbyld oan alle skoalbern dy’t fan ‘e wike skoaltsjeskûlje op it Maliefjild. Aansens, foar Petrus syn poarte, moast rekkenskip jaan. Net oer watsto ea sa goed trochtocht hast of sa ferrekte nommel fan doel wiest of oer dy twa keninginnekwartsjes dy’tst alle kearen troch de fingers yn de kollektebus fan dy kreaze buorfrou slûpe litst, mar watsto yn dyn suterich libben dei út dei yn no werklik fan belang dien hast.’

‘Ja, dominy.’

‘Dan ha ik ferlossing foar dy.’

Rabber Roatsje iepene syn tas en helle der in map út mei foto’s.

‘Kinst pre-postuum dyn ynaktiviteit foar dizze kear pro-aktivearje, want moatst witte, wy fan it Direktoraat-Generaal Beskerming Befolking fan it Ministearje fan Pakepong en Polderjen, Ofdieling Meisizzenskip en Duorsumens, ferwachtsje oer in jier of sa dat jimme slûgerts wekker wurde sille, oars soargje wy dêr wol foar, en dat jimme dan de oandrift fiele om op ’e nij massaal op it Maliefjild te protestearjen tsjin de raketten dy’t op ús o sa smûk en beskaafd Europa ôfsteld binne, lit se fan Ruslân komme, of lit se fan Sina wêze, Noard-Koreä of it Grutte Brekshitte Brittanje of foar myn part fan Trump, dy dei, ik wik it dy, dy iene dei silst dêr op it Maliefjild stean mei hûnderttûzen oare begiene boargers om te razen tsjin de raketten en de flagge op syn heechst te spikerjen foar en yn namme fan dyn sûkertútsjes fan pakesizzers. Mar hokker flagge?’

Rabber toande my seis ûntwerpen fan flaggen.

‘Kinst net langer beweare dat wy as oerheid net op fan alles tariede binne. Wy hawwe it nije jonkje fan de D’66 al sa fier dat er in miening hat. No meisto it sizze. Número uno is de gouwe-ouwe ban-de-bom flagge. Wat retro, mar dat is de âlderein fan hjoed-de-dei op it lêst ek. Número dos is in swarte deakop mei dêr ûnder krúslings twa raketten. Ek sa retro as de pest ast my fregest, mar dizze hat RaRa RasPoetin, ús Goatysk ôfdielingshaad it leafst. Fierders hawwe wy dizze noch, de troanje en it fingerke fan Einstein, mar it kin ek Erasmus wêze, mei de tekst I NEED YOU; de fjirde is in raket boppe in tsjerkhôf fan ûntwoartele grêven yn in tsjuster dystopysk lânskip. En wat fynst hjir fan, in leech klaslokaal op tongersdei mei learlingen dy’t stean te flagjen op, jawol, it Maliefjild en de tekst DE TAKOMST IS UZES, NO! En dan de lêste, in raket yn in jiskefet, mei in kaart fan de Europeeske Uny as eftergrûn en de tekst EUROPACE. Meist fan alles oer alle seis de ûntwerpen sizze, mar de lêste fyn ik sels fierwei de bêste.’

‘Krekt.’

‘Dan binne wy it wer iens. Hie ik al tocht. Hast noch in spatsje konjak foar dizze tsjinner fan it heurige en it fleurige? Ik moat op Dokkum oan om Willem fan de Flaggesintrale in moaie mega-oarder oan it gat te smarren. Hawwe sy dêr yn dy kontreien kommen tiid einliks wer ris wat jild yn de bûse en ûnderwylst lit It Regear moai de hiele mienskip yn de drege tiden dy’t boppe ús hingje de flagge wapperje foar de EU. Wy fan de befolkingsbeskerming hawwe graach foar it Gesundes Volksempfinden yn Nederlân in bang meitsjende potinte fijân mei in mânske rocket yn syn pocket.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *