De tsjettel hymne fan de presidint

 

Dizze dei bringt hjoed de gloarje
fan myn opkomst as jim hear
Dizze dei bringt nije tiden
mei folop kânsen foar gewin
Ik sil rjochtens foar jim fjochtsje
mei al it geweld fan myn regear
Ik sil weitsje oer al jim minsken,
alle froulju en myn gesin

Refrein*):
Ikke Ikke allemachtich
twitter twitter tweetle dum
Ikke Ikke allemachtich
twitter twitter tweetle dum
En de wierheid wurdt myn wet

Dizze man jout al syn krêften
foar in takomst fol fan ear
Dizze man jout syn gemachten
foar in sterk en nij begjin
Ik sil alle grinzen beskermje
mei de loop fan ’t frije gewear
Ik sil stride foar al jim winsken,
al myn saken en myn gewin

Refrein:
Ikke Ikke allemachtich
twitter twitter tweetle dum
Ikke Ikke allemachtich
twitter twitter tweetle dum
En myn wierheid wurdt de wet

*)Ynspiraasje: The Battle Hymne of the Republic:

Mine eyes have seen the glory of the coming of the Lord:
He is trampling out the vintage where the grapes of wrath are stored;
He hath loosed the fateful lightning of His terrible swift sword:
His truth is marching on.
Glory, glory, hallelujah!
Glory, glory, hallelujah!
Glory, glory, hallelujah!
His truth is marching on.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *