De ûndraachlike lêsten fan it kwea / in krystferhaal

De mannen bewearden dat it foar de kristenen yn dit wetterkâlde lân in bysûndere jûn wie, gjin better dei as krekt hjoed om de kaffirs yn dizze ferklomme stêd te konfrontearjen mei de krêft fan de koran.

Ofrûne dagen hiene Samir har man, de sweagers en dy eange omke oerenlang op har ynpraten. De lange sangere mar troch oer it fereffenjen fan skulden en it rjocht op wraak. Har man en de dikke fertelden oer famyljetrou as ûnwrikber semint foar harren lânseigen ienigens. De omke ferkundige mei flibe om ’e mûle oanhâldend Allah syn beloften op ivichduorjende hearlikheden. Dan wie der ek noch in tredde sweager, de knappe. Dy swaaide mei in pistoal en hie losse hannen.
Juster hie de omke de jonge frou ferteld dat Samir útreizge wie nei har bertelân om har âlders de hals troch te snijen as se net die wat de mannen woene. Hy liet har in foto sjen fan har ferwezen âlders, sittend foar har man dy’t in slaaibile yn de hannen hat. It trochboarre har siel. Se fielde har as in jerboa yn de fal, murf slein.

De bomgurdle hat se ien kear earder droegen, doe’t se in dry run diene mei fan moal ferswiere pûdsjes op it plak dêr’t no de eksplosiven sitte. In oere lyn hawwe de mannen har de gurdle foar de twadde kear ombûn, mar no mei it riemlear ûnskiedber fêstlime. Dêrnei plakten se de gurdle mei meters brún ferpakkingstape ek noch ris stiif op har lichem fêst. Mei allinnich har beha oan en in slipke hie se har smoarch en beklieme field doe’t se stil stean bliuwe moast foar de mannen mei burden. De dikke hie slikjende bewegingen mei de tonge makke, mar de omke hie dat fernommen en skopte him flokkend de keamer út. Fûl fan ferbylding fertelde de lange oer de heale kilo 94,3% semtex dat yn de gurdle ferpakt siet, mar sokssawat hat gjin inkele betsjutting foar de frou. De swiere bomgurdle beknypt har bûk, de metalen gaspen drukke yn har hûd. Se hat gjin flau idee wêr’t de ûntstekking sit of it tiidmekanisme, dêr’t se dochs neat mear oan feroarje kin. Bûgen is net mooglik, de omke hat de skuon oan har fuotten skowe moatten. Se rint rjochtop en sa stiif dat it liket dat se op alle dagen rint, wylst se noch mar yn har trettjinde wike sit.

Nêst de omke rint se nei de bushalte, krekt de hoeke om. Se fielt in wynfleach om ’e nekke. Mei kâlde fingers lûkt se de toukes fan de kapusjon stiver oan en bynt dy fêst, ek al hat se dêrfoar gjin tastimming. De bus komt fuortdaliks, de mannen rekkenje soks hiel sekuer út. De omke keast de sitplakken út, de jonge frou moat by it glêsramt sitte. Der is romte genôch, wêrom se efterút ride moatte is har net dúdlik. Se set har sa stiif as in planke del en sakket ûnderút om har efkes te fertrêdzjen. Op de ferhege sitplak efter yn de bus sit ien fan de trije jonge mannen, de knappe. Mei in gniis sjocht hy har oan, wylst er in greep docht nei syn linker binnenbûse. Se wit dat er dêr syn pistoal draacht, eat dat er in pear oere lyn har hiel dúdlik makke hat. Ik jou dy sa’n klap datst de bliksem fiele kinst hie er sein en sloech har doe, krekt nei’t de omke de keamer útrûn wie, achteleas mei de kolf yn it gesicht.
De jonge frou ûntwykt syn blik en dikeret nei bûten. De ljochtsjes yn de stêd sjocht se amper. Se leunt tsjin de sydkant fan de bus en slút har eagen. Der komt in golf fan panyk oer har hinne en se moat djip sykhelje om har hertslach wat te bedimjen.

Wat in feest wie it doe’t se op har njoggende yn in keamer fol froulju foar de earste kear de alder-aldermoaiste fan de trije holdoeken ombûn krige, dy’t se earder dy dei mei har mem yn in souk op de medina útsykje mocht hie. Har mem, har beide âldere susters en de muoikes oan memme kant hiene har dy dei net mear behannele as it lytste famke. Dy dei streamde har wrâld oer fan wille en waarmens: yn de dideldeintsjes fan har dreamen wie de takomst harres.

Bûten sûzje de ljochtbondels fan de strjitlampen ien foar ien foarby. Sa no en dan sjocht se de healmoanne leech boppe de dakken. De spanning ebbet efkes minder, mar as se tinkt oan de nachtmerje dêr’t se yn bedarre is, komme har eangsten skerper werom. De gurdle drukt op har blaas. Se moat wetter kwyt, der komt in mislikens op en se is bang dat se kokhalzje moat. Yn har rjochterskonk sit in dea gefoel. De bus stoppet by it tsjerkeplein, de knappe stapt it earst út. De omke helpt har mei de treeplanke en nimt har bûten efkes apart om har op de tiid te wizen. Alle horloazjes hawwe de mannen op de sekonde lyk setten. Se hat noch trettsjin minuten.

Tagelyk mei in protte oaren stekt se tusken har omke en de knappe yn de drokke strjitte en it plein oer. Se besiket nearne oan te tinken, mar de gefoelleaze skonke en it maachsoer dat nei boppe komt ferhinderje dat. De omke rint in pear meter foar har út, de neef in pear meter efter har. Op de twadde hoeke stiet de dikke mei syn scooter. Se betinkt dat dy idioat fan no ôf oan neffens plan allinnich mar rûntsjes om de tsjerke ride sil.
It swit stiet har op de foarholle, har hannen trilje. Nei twa minuten stiet se foar de tsjerke. Sûnder te wachtsjen skeuvelet se, fuortdreaun troch de mannichte, de foartsjerke yn. De jonge frou hat hjir earder west, se wit hoe’t der by leit. De omke folget har. Noch njoggen minuten.

Se moat neffens opdracht tichtby de preekstoel sitte, net stean bliuwe lâns de sydkant. De measte stuollen binne al beset, útsein midden yn in rij. Foar de sittende minsken lâns rint se der fansiden nei ta. Se fielt har obstrewearre en har bûk sit har yn ’e wei. Op de stoel rjochts fan har spilet in famke fan in jier of sân in game op in mobyltsje. It bern hat in krystmûtse op en in lolly yn ’e mûle. Noch sân minuten. Dit is it, tinkt de jonge frou. Dit is it, dit wie it en mear sil der nea wêze. Yn de namme fan Allah dy’t leaf is. Allah dy’t grut is. Allah dy’t ferjout. Se rillet, kin it net befetsje. Har hertslach bûnzet troch de holle, se kriget triennen yn ’e eagen. Dan moat se spuie, mar se kin har amper foaroer bûge. It famke nêst har sjocht de frou mei grutte eagen oan en jout de jonge frou mei de dikke bûk sûnder wat te sizzen har Nijntje bûsdoekje. Allah ferjout. Allah dy’t leaf is.

De mannichte lampkes yn dy ûnbegryplike beam dêrjinsen ferfoarmje ta ien bonke ljocht.Troch har triennen hinne sjocht se yn dat ljocht earst it blinken fan de dea en dan it golle laitsjen fan it famke mei de moaie holdoek. En it famke winkt har.

De jonge frou stiet kreunend op en rint muoisumer as niis foar de rige minsken lâns werom nei it sydpaad. Der is gjin omke. Se rint fierder de tsjerke yn en iepenet de earste de bêste doar dy’t se tsjinkomt. Bewust sjocht se net op har horloazje. In jonkje yn in wyt gewaad. Toilet? Toilet? Hy wiist nei efter. Se rint hastich fierder. No sjocht se wol. Noch oardel minút. Troch in heech rút skynt de moanne. Se iepenet in swiere syddoar. De kjeld slacht har temjitte. Se sjocht om har hinne. Op it tsjerkhôf in grutte beam. Se út ’en draaft der hinne. Oan wjerskanten twa grauwe grêfstiennen. Efter de earste lit se har ûntheistere op ’e side falle. Dan heart se in gjalp. Se doart noch har eagen te iepenjen. Efter it oare grêf sit de knappe op ’e knibbels. Hy hat syn pistoal yn ’e hân. Sjit dan, gûlt se, sjit dan! De frou slacht har hannen foar ’t antlit en flústeret Allah is…

Wat God en de divel kinne, dat kin Allah ek. Yn de flits fan ferstjerren etst er trije kear in siel op in sânkerrel.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *