De wrâld neffens Ritsjart Gier

Op de hermani kalea, in plein skean foar de biblioteek oer tusken âldstêd en strân, sjoch ik de twa mannen krekt te let. Sy stappe al op my ôf en der is gjin ûntkommen mear oan. De foarste, in jongkeardel mei pikswart hier en in geef gebit, hat de mikrofoan yn de hannen dêr’t teledonosti op stiet en syn maat, krekt achter him, meager, lang en noch folle gever, hat de kamera op de skouder. De man mei de mikrofoan seit wat tsjin my dêr’t ik mei myn fyftich oeren Spaanske les bepaald gjin wiis út wurde kin, dat ik fertel him yn myn bêste Ingelsk dat ik jammer genôch syn taal net praat. Great, gnysket er, dan binne jo krekt de persoan dy’t wy ha moatte.

I like your hat, seit er. Gracias, sis ik floeiend en sûnder aksent, mar nim myn huodsje dochs mar ôf om wat minder opfallend de toerist út te hingjen. You know, you look like Ritsjart Gier, seit dan de sjarmeur yn him, as er it each leit op myn Duisenbergsk griis hier boppe in royale fakânsjeburd fan oardel wike. Ik sjoch him ien tel strak oan en besef dat hjir in unike kâns leit op claim to fame. I AM Richard Gere, sis ik strak en selsbewust, what the hell you want, want ik ha wolris heard dat echte filmsterren bepaald gjin maklike minsken binne. Utsein ús Rutger silger fansels.

En dan hat er in hiel ferhaal dat der op delkomt dat hy my in fraach yn it Spaansk stelle wol en it iennige dat ik sizze moat is I dont speak Spanish, it leafst mei wat teätrale gebearen. Soks is my wol tafertroud, mar wêr giet dy fraach dan oer? Dy hat te meitsjen mei de hurrycane dêr yn it suden fan de Feriene Steaten en dat Trump live op de telefyzje as betûft kommandeur in chief yn eigen persoan mei in filtstift sa syn eigen draai joech oan de mooglike koers fan dy nea earder fertoande bjusterbaarlike mûnsterstoarm fan ûntsachlike proporsjes. En wêrom freegje jo my dat, wol ik witte, want ik bin dan seisensechstich mar net fan juster. No, seit de man, dan set ik jo antwurd fuortdaliks oer yn in hiel ferhaal yn’t Spaansk dêr’t út bliken docht dan wat jo yn dy pear Ingelske wurden te sizzen hawwe hielendal itselde is as ús nuansearre miening oer dy Trump. Dit moat dan blykber foar Spaanske satire trochgean, mar ik kin it wol wurdearje yn myn nije hoedanichheid as Richard Gere en oars wol yn myn âlde as libbenslange broer fan in skriuwer dy’t alle dagen yn en út de humor stapt.

Ik set it huodsje wer op de kop, it giet oan, amper in pear tellen letter is alles al wer foarby en sit ik by te kommen mei in café con leche op it terras tsien meter fierder. De beide mannen hawwe blykber troch myn fraachpetear goud yn ’e hannen, dy binne al yn gjin fjilden en wegen mear te bekennen. Hie ik no mar frege wannear en hoe let de útstjoering is. Ik pak it mobyltsje derby en googelje de wrâld fan Teledonosti, mar kin der fan gjin kant wiis út wurde en sykje dan Richard Gere mar op. Gere blykt net inkeld treflik maatskiplik belutsen te wêzen, hy wurdt ek unanym beskôge as de meast tiidleaze seksy filmstjer. Dit moat ik de frou fertelle. Ik ha noch in heal oere foar’t se wierskinlik mei in pear folle tassen út El Corte Inglés stappe sil, dat ik meitsje de twa boppeste knoopkes fan it boesgroentsje los, ploai myn blausiden sjaaltsje wat gleoner om ‘e knikkert, bestel by la mesera in flinke toeter sangría, sakje ûnderút op de stoel en mei it huodsje djip oer de eagen nim ik yn myn nije identiteit de wrâld waar sa’t dy hjir hjoed anonym oan my foarby giet. Dy wrâld is in binde, mar Donostia in prachtstêd!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *