Der sit noch foar in kwartsje yn

Ik mei graach mei breakoarstkes it lêste bytsje út in jampot skrabje. In tube toskeguod knip ik middentroch om beide helten mei de boarstel te behimmeljen en in pak yochert skuor ik fierder iepen om mei de flesselikker der noch in heale itensleppel út te lûken. Want, sei ús heit eartiids, der sit noch foar in kwartsje yn. En ja, lege flessen wyn skodzje ik in pear tellen ûnderstboppe op en del om de finale drup op te fangen. Grûnsop foar de goddeleazen, heit!

Hy wie timmerman, kaam út in deeglik staach fan turfmakkers en arbeiders en moast neat hawwe fan tsjerken, gesachdragers, rike stjonkerts, kâlde drokte en jild fergriemen. It hânfet fan in emalje panlid lime hy wer fêst, in gat yn in goedkeap plestik wasktobke slute hy wetterticht mei rinkjes en skroeven en tritich jier lyn al fûn hy it sûnde fan it jild en foaral syn tiid fan libben om foar ús mem in nije keuken te timmerjen.

Ik sjoch him noch jûns al fêst de jirpels jaskjen, út ien lange skyl en flinterfyn. Ik sjoch him de tún dongjen: kroadzje, bultsje, sljochtsje, hakje en rigel nei rigel omkeare. Ik sjoch him stiennen bikjen, hoe’t er stadichoan in hiele haal die. Ik sjoch him, doe’t er krekt pensjonearre wie, wike út wike yn fan It Wâld nei Langsweagen fytsen om it hûs fan myn broer te fertimmerjen. Dêr hie er wol nocht oan. Of hy tocht dat it fansels syn âlderplicht wie.

Us heit hat, foar’t safier it my heucht, nea planút sokssawat sein as dat ik myn bêst dwaan moat yn it libben, of op skoalle. Of dat ik goed en aardich wêze moat foar oaren of dat ik better dit of leaver dat… Hy sei net sa’n soad. Syn libbenslessen wiene ferpakt yn wat en foaral hoe’t er it die: hy koe it kalm en mei bestek oerlizze, wie skitende krekt en sekuer en dêr mei ik in foarbyld oan nimme.

Twa jier lyn, healwei syn hûndertste libbensjier, beglûpe de dea him ferskuorrende fluch fan it fuottenein op. It wie yn in oardel dei besljochte. Hoe faak net hat er sein dat er gjin hûndert wurde woe, al dat gedoch mei in boargemaster en mei in brief fan de keninginne. No’t ús mem in jier lyn ek ferstoarn is en de fiskus yn de gaten krigen hat dat der neat te heljen falt wurdt it tiid om de erven bankrekken op te heffen. De bern ferpartsje it lêste kwartsje.

Een gedachte over “Der sit noch foar in kwartsje yn

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *