‘Douze points’ foar Iran

‘The worst president, ever! Dy Trump hat de kloaten ferstân fan ynternasjonale polityk. Hy set de frede op it spul, is in grut gefaar foar de minskheid en boppedat draait er foar dy sneue Iraniërs de klok in flinke slach tebek.’ Auke wie lilk, mar prate nei myn oardiel wol mei ferstân fan saken om’t hy krekt werom wie fan fakânsje yn Iran. En as jo reizgje dan ha jo wat te fertellen. ‘En in ferline dat dy Iranieërs hawwe. Wat in skiednis! Hast noch noait sa’n treflik archeologysk museum sjoen as yn Teheran. In elk hat dêr mear kultuer en beskaving yn de lytse finger as dy Trump yn syn heule bealch.’

Auke en ik sieten tiisdei oan in tafeltsje yn in hoeke fan ús stamkroech mei in pilske, fjouwer oaren fan ús ploechje hongen mei de earmtakken op de bar tsjin Jouke oer de earste heale finale fan it songfestival te bekommentariearjen. Lokkich hie Jouke, sûnder al tefolle protest, op myn fersyk it lûd fan dy herje wat deldraaid. Der wie in hin oan it keakelen op de telefyzje. Dat makke foar Auke blykber net safolle út, dy hie it gemoed fol fan syn reis nei Iran.
‘Se hawwe dêr wol sa skjin genôch fan dat klerikale soadsje. Dy lju snakje nei frijheid en ferlichting as nachtflinters nei ljocht en waarmte. It binne krekt échte minsken, dy Iraniërs. En no hiene se it einliks in bytsje makliker en nofliker, de lêste tiid, komt dy ymbesile Trump der wer troch hinne fytsen.’
‘It is Trump net allinne, fansels,’ sei ik, om wat te sizzen te hawwen en út de fêste oertsjûging dat wy eins alles en eltsenien, sels Trump, nuansearje moatte. ‘Dy Trump is ek mar it setbaaske fan gruttere machten, ek al tinkt er sels dat er de grutste is. Of hat.’
Auke bûge him wat foaroer nei my ta. No wie der in frommes mei swiere boarsten en in soad falske noaten te genietsjen, teminsten neffens ús maten oan de bar. ‘En fan wa binne dy ayatollahs dan de setbaas? Fan Mohammed?’ Dêr hie er my. Ik ferjit hieltyd dat ik foarsichtich wêze moat as it giet oer religy, temear om’t ik der gjin ferstân fan ha.
‘Och,’ sei er, ‘it is wol sok alleraardichst folk, foaral de froulju dêr. De iene is noch kreazer as de oare. Witst net watst sjochst, mei de fleurichste haaddoeken ferskuorrend nonsjalant achter oer it swarte hier hinne, de opmakke lippen, dy blierkjende eagen. Trump soe wolle dat er dêr wenne. Hy soe se omraak yn it krús pakke en dêrnei de froulju yn kwestje in pear ton streekrjocht út de kontbûse betelje. Ek in foarm fan ûntwikkelingshelp, moast mar tinke, hiel wat oars as in grouwe muorre der omhinne. Dy man rint allegeduerigen rûn mei in rocket yn syn pocket.’
Der dûnsten twa mannen tegearre op it toaniel, Jouke seach it mei grutte eagen oan. Auke dronk it lêste flutsje út syn fluitsje.
‘Mei blierkjende eagen?’, frege ik, want Auke is oer it algemien net sa lyrysk en dy botte Me#Too opmerking tocht ik better te negearjen. Auke seach earst nei de mannen op it skerm, doe nei Jouke.
‘No ja, ik ha begrepen dat sa’n frijgesel as ik, ryp, ryk en rynsk, dêr in boppeslach meitsje kin. Ik sil der nije wike wer hinne, foar it te let is.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *