Edgar Allen Poe: De raven

Dy midsnacht wie mislearre, doe’t ik weak en wurch prakkesearre
Oer mannich need en nuver skrift út in lang fergetten lear;
Wylst ik slomme -de holle knikke-, hearde ik dat it tikke,
Krekt as der ien súntsjes wikke, wikke ien, twa, trije kear.
‘Grif besite’, mompele ik, ‘dy’t tikke twa, trije kear –
Allinne dat, neat net mear.’

Ik wit dúdlik it waar wie skier, it waard al stadichoan âldjier,
Elts doovjend koaltsje op ’e flier smeide in gloadske geastesfear.
Wat lange ik nei de moarntiid; – fergees hie’k socht om ûnbestoarntiid-;
Fûn yn al myn skriften oanstriid, oanstriid fan myn hertesear –
Fan myn faam sa prûs en prachtich, myn Lenore, myn begear –
Neamd hjir sil sy nea net mear.

It smertlik russeljend satyn fan elts glânspearzich gaasgerdyn
Skrille my tebek, ik rille slim fan myn njoer geriddenear;
Dat ik sei, om myn ûnrêst te dimjen, – en herhelle’t steefêst: –
‘’t Is grif besite dat freget bedêst om tagong hylskear –
‘t Is lette besite mei in rekwest om tagong diskear; –
Dat is it, en neat net mear’.

Fuortdaliks naam ik in beslút, stelle it net langer mear út,
‘Nim it my,’ sei ik, ‘net kwea-ôf en ferjouw my, Frouwe of Hear;
Mar moatte Jo witte, ik slomme, koe Jo wikjen net neikomme:
Jo tikjen klonk sa beskromme, sa beskromme yn myn ear,
Ik hearde Jo amper;’ – en iepene de doar yn swiid gebear; –
Tsjuster dêr, en neat net mear.

Djip eage ik de tsjusterte, ik stie dêr bang, ferbjustere,
Dreuteljend, dreamen driuwden my, drege dreamen fol âldsear;
Mar oan de stilte kaam gjin ein, en de tsjusterte wie folslein,
En it ienige wurd sein wie sêftsjes ‘Lenore?’ in kear;
Dat flústere ik, en der wjerklonk ‘Lenore’ noch in kear! –
Inkeld dat, en neat net mear.

Doe’t ik de doar wer oanfiere, yn tûzen noeden ferswiere,
Hearde ik ringen wer in tikjen, wat lûder tikjen ditkear.
‘Wiswier,’ sei ik, ‘wiswier ferwaait der wat tsjin it finsterdaklear:
Mar wat is it dan dat swaait, dit mystearje moat ik oer gear –
Lit myn hert no kalm bekomme, moat dit mystearje tekear; –
‘T is de wyn, en neat net mear.’

Ik ferskode de fitraazje en doe stappe mei feart en faasje,
It hûs yn in steatlik raven út stoere tiden fan alear;
Hy wie neat net ûnderdienich, neat net driigjend of ûnienich;
Eabel en neat net brienich, yn hâlden en dragen in pronkhear –
Struts del op Pallas har boarstbyld, as in hege keamerhear –
Struts del, en siet, en neat net mear.

Doe snippe dy fûgel myn trystens yn in soarte fan drystens,
Troch de sa trêftige en eptige hâlding fan syn affear.
‘Bêst skeard stiet Jo kammestek, Jo’ sei ik ‘binne wis gjin skytsek.
Freeslik oerâlde fearretek, swalkjend út in grime sfear –
Sis my wat Jo nommel namme is yn dy skiere skimesfear!’
Sei de raven: ‘Neat net mear.’

It die my nij dat dy fûgel plan-út prate as in kûgel,
Hoewol’t antwurd neat betsjutte – it wie goedweihinne healgear -;
Mar wy binne dochs fan oardiel: gjin minske, gjin libbene siel,
Hie ea de eare of ’t foardiel mei in fûgel yn petear –
Fûgel of bist op in búste te praten yn twapetear,
Mei sa’n namme as ‘Neat net mear.’

Mar de raven, dêr heechhinne op dat boarstbyld, sei allinne
Dat trijelûd, as hie syn siel inkeld dat trijelûd ta behear.
Neat net mear hat er keuvele, wylst er dêrheech meneuvele –
Oan’t ik súntsjes preuvele, ‘eltse freon fleach hinne in kear –
Moarntemoarn ferlit ek hy my, allyk myn hope eltse kear.’
Sei de fûgel, ‘Nea net mear.’

Untstelt om de stilte brutsen mei in werwurd sa tûk sprutsen,
‘Sûnder mis,‘ sei ik,’ wat er útsprekt is syn ienichst wyn en fear,
Opheind fan in ûngelokspersoan mei tsjinslagen alweroan,
In baas mei in libbenspatroan fan tsjinstjitten kear op kear
Oan’t hy yn deastriid inkeld sei in mankelyk lêste kear:
‘‘Dit Nea net-nea net mear.’’

De raven snippe myn trystens ris wer yn sa’n soarte drystens.
Ik sleepte myn flewielen feauteuil foar búste en fûgelhear,
Sette my del yn myn sitplak en tocht ris ta op myn gemak
Wat dizze faaie fearrepak út dagen fol âldtiidsear –
Wat dy gaaie, gammele, faaie fûgel fan âldtiidsear
No miende mei ‘Nea net mear.’

Sa siet ik te stinnen yn ’t skaad, mar hie hielendal gjin jûnpraat
Mei dy fûgel, syn prymkjende eagen diene my al sa sear;
En sa siet ik te mimerjen, tusken kjessens te flimerjen,
Yn it flewiel te skimerjen by wat lampeljocht yn it near,
Mar it flewielen skimerjen, by dat lampeljocht yn it near,
Och, sil sy nea net mear!

Doe tocht my de lucht waard wat swier, as drifke der wierk oer ’e flier,
Ingelwjukslagen bewijreke my, wreke myn hertsaffear.
‘Dwylkop,’ rôp ik, ‘God skinkt witnis, in útwei út dyn finzenis,
Drink dy beker fan ferjitnis, ferjit dyn langst nei begear:
Swolgje, och swolgje ferjitnis en ferjit dyn hjit begear!’
Sei de raven: ‘Nea net mear.’

‘Profeet!’ sei ik, ‘of divelding, Jo fûgel fol ferrifeling! –
Oft Jo ferliedingsaffear binne of oanwaait yn stoarmgebear,
Yn dit lân sûnder fersoening, bestoarne lân fan betsjoening –
Yn dizze bedoarne bedoening – ik smeekje Jo diskear, –
Is der dan noch treast, freegje ik, nee, smeekje ik Jo diskear!’
Sei de raven: ‘Nea net mear.’

‘Profeet!’ sei ik, ‘of divelding – Jo fûgel fol ferrifeling!
By de himelbôge boppe ús – by ús beider Leavenhear –
Fyn ik, tryst en nearslachtich, fyn ik yn Eden fiermachtich,
Dy faam sa prûs en prachtich, myn Lenore, myn begear?’ –
Omearm ik dêr prûs en prachtich myn Lenore, myn begear?’
Sei de raven: ‘Nea net mear.’

‘Jo ha no Jo lêste wurd sein, fûgelgeast!’ Ik spatte oerein –
‘Flean tebek yn dizze hjerststoarm, wer nei Jo skiere skimesfear!
Lit gjin fear as bewiis benefter, gjin ien leagen hjir efter!
Lit myn iensumens tenefter! – mei Jo bin’k hielendal klear!
Nim Jo snaffel út myn herte, en krimmenear net noch in kear!’
Sei de raven: ‘Nea net mear.’

En de raven, noch eltse dei, sit stiltsjeswei, sa stiltsjeswei
Boppe op Pallas’ bleke búste as in ferstille fjildhear;
En syn eagen krije de benearing fan divelbekearing,
En’t lampeljocht in skakearing fan syn skaad mei alâld sear;
En myn siel bekomt út dat skaad, weidriuwend oer al dat sear,
De ivige rêst – nea net mear!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *