Ferhaaltsje foar it sliepen

Yn dit tiidrek, mei dizze minsken, hie God de opdracht krigen om almachtich te wêzen. Dat wie foar har gjin ûnredsum wurk, se liet de natuer gewoanwei syn dingen dwaan. O ja, se moast ek noch in treastger wêze en de minsken tsjin it kwea behoedzje. Dat wie hielendal net sa dreech: dizze minsken hoegden mar oan har te tinken en de krêft fan it leauwen die it wurk. God wie wol tefreden. It koe better, mar it hie ek folle minder wêze kind.
De divel, God har oare helte, hie it like maklik. Want net ien wie it kwea, dat wiene alle oaren. Ek sy liet de natuer gewoanwei gewurde. O ja, sy hie de opdracht om bûzeman te wêzen om sa de minsken ta ynkear te bringen. Mar dat waard hieltiid makliker, yn dit tiidrek wiene de minsken skitendebenaud foar al it frjemde om harren hinne. Ja, de divel wie wol tefreden. It koe minder, mar it hie ek folle better wêze kind.
De wetten fan de natuer en de de karakters fan de minsken soargen derfoar dat God en de divel inoar aardich yn lykwicht holden. Sa hie it altiten west en sa moast it fansels bliuwe. Dat hiene dy beide fan it begjin ôf oan goed foar it ferstân.
Mar op in kear stopte de natuer. De natuer stie in nanosekonde stil en yn de ivichheid fan dat eagenblik seagen God en de divel inoar oan. Wat no? No moasten se sels oan de slach. Wie dat de muoite wurdich? Dy twa hiene in lang petear mar fielden inoar genôch oan dat se úteinlik akkordearren. Harren beide opdrachten wiene fansels no ynlutsen. Se wiene wer frij fan de allegeduerige drang en twang fan dizze minsken. Frij wiene se.
God etste in pear miljard sielen op in sweevjend stikje romtegrús en de divel blaasde it koarelkerltsje yn in allemachtich swart gat. Dêr wiene se o sa tefreden mei, beidegearre. Sliep mar lekker.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *