Flechtsje kin net mear

Simen smyt in kleurige brosjuere mei in eksoatysk palmenstrân op tafel.  ‘Fakânsjeplannen?’ freget Auke, dy’t sels alle jierren twa, trije kear nei Iran op fakânsje giet en dêr mar net genôch fan krije kin. ‘Ferhuzingsplannen.’ seit Simen. ‘De frou en ik, wy hawwe der genôch fan. Wy sille mei de poppe foar har takomst om utens, wy naaie derút, toedeloe en hatsjikidee. Dit lân is ús te lyts, te djoer, te bekrompen en sa stadichoan fierstente gefaarlik.’

‘Gefaarlik?’ ‘Djoer?’ ‘Bekrompen?’ Lea, Auke en ik reagearje tagelyk mar ferskillend en dat sil bêst wat sizze oer hoe ûnderskieden elk fan ús yn it libben stiet. ‘Hartstikke gefaarlik en dat makket it krekt sa djoer.’ Otto sjocht ús striidfeardich oan. ‘Hawwe jim dat dan net meikrigen? Dat hûzen fersakje, dat it lân útdrûget, dat de see meters omheech komt, dat it al tweintich graden yn febrewaris is, febrewaris nota bene! De tsien ferskillende belestingen kin ik by inoar opteld al lang net mear betelje en de soarchfersekering noch minder wylst de hier krekt wer omheech gong is en myn suterich leantsje hieltyd fierder ûnder de streep bliuwt. En dan kin ik jimme ek noch ferhelje dat se by de buorlju fannacht ynbrutsen hawwe en minstens fiif mobyltsjes, trije I-pads en dy prachtige yllustrearre Kamasûtra stellen hawwe dy’t ik ferline wike noch liene mocht. Ik ha hjir wol sa skjin myn nocht fan! It hinget my ta de strôt út. Wy wolle hjir wei!’

‘Wêr silst hinne?’ Ik pak de brosjuere op fan de tafel. ’Salomonseilannen?’ ‘Ja, safier mooglik fuort.’ ‘Wat seidest niis oer hege seeën, Simen? Hoefolle meters?’ Harry de ICT-er is by ús de man fan de feiten. ‘Witst dat de Salomonseilannen heul leechlizzende atollen binne dy’t meikoarten as earste fersûpe sille? As se dat no al net binne?’ ‘No ja, dan wurdt it Fidzjy, of better noch Nij Seelân. Dêr wenje in protte Friezen, binne wy sa ynboargere, fluitsje fan in sint.’

‘Ik tocht it net,’ seit Lea. ‘Myn omke wennet dêr en hy is no noch oan it púnromjen fan de ierdbeving fan trije jier lyn. It giet dêr om de dea, net dêrhinne! As ik dy wie, soe ik earder nei Hawaï gean, dêr drage froulju hoelahoep-rokjes fan gers en tokkelje se op de moaiste gitaren en faaks komst dêr Obama tsjin wylst er tusken syn rike freontsjes it driuwend hâldt op in luchtmatras mei syn safolste cocktail ûnder hannen.’ ‘Nee, do komst nevernea dat lân yn,’ mient Harry. ‘Der stiet in muorre omhinne sa heech as de Vesuvius.’ ‘No ja, dan wurdt it Meksiko. Dêr sille wy it ek wol rêde kinne. Grut lân, moai waar, romte by de rûs en myn kursus Spaansk giet muymuy lubricado.’

‘Hoho, wachtsje eefkes,’ sis ik, ‘in Amerikaanske freon wennet dêr winters in pear moanne en hy is er as gringo syn libben net feilich mear. Ast it oer gefaarlik hast, dat lân is pas gefaarlik. De drugs en de deaden lizze dêr om sa te sizzen moarns foar de doar opsteapele.’ Ik sjoch de oaren oan. ‘Moatst it yn Europa sykje, yn de EU benammen en dan foaral yn it westen. Poalen en Hongarije soe ik links lizze litte, as ik dy wie.’

Dat is Harry mei my iens. ‘De Harz yn Dútslân, goedkeape hûzen, bêst bier, lege hypoteken.’ ‘Neenee, net dwaan!’ Jouke komt achter de bar wei en pleatst it drinken op tafel dat wy yn de konsternaasje hielendal ferjitten wiene. ‘Net dwaan, Simen, net dwaan! It Nazibegryp yn it easten fan Dútslân is noch allemachtich lebendich, se snije dy foar’t it wist sa in hakekrús yn de nekke. En dan blêre se dy dêrby tagelyk it Horst Wessel Lied yn de earen. Die Fahne Hoch, die Reihen fest!’

‘Skandinaavje!’ Lea hat dêr fan ’e oan it simmer fytsen west. ‘Dy lannen binne oer alle boegen better as Nederlân: folle minder korrupsje om’t se betûfte en deeglike politisy hawwe en in stabyl regear dat út koelantens de talen koöperatyf stipet sa’t dêr nóch bettere dichters binne as by ús. En alles wurdt oersetten, werklik alles!’ ‘Witst hoefolle dat kostje moat?’ Harry wer. ‘Dy fiif sosjale paradyskes dêr hawwe priiskaartsjes, jonge, dêrby ferlike is ús belestingjild in foaitsje, spyljild!’

‘By ús yn de Fryske FrijSteat Appelskea,’ seit Jouke en hy jit nochris yn, ‘by ús om de Keale Dunen hinne leit it sânlân heech, de weagjende see sil der noait oan ta komme en de hûzen sille fan dyn libbensdagen dêr nea fersakje. By ús yn de Keale Dunen bloeie op lêst fan Ryksbettersteat de blommen de roggebreabeammen yn, is de mienskip read en waarm en sosjaal want by ús yn Appelskea is nammentlik hûndert jier lyn de revolúsje al begûn. Boppedat lizze by ús de foartunen sûnder stoflike omskotten der oanklaud by, groeit yn de achtertunen de griente de kassen út en leit de wenning fan ús mem mei op alle doarren nije slotten útnûgjend op dy te wachtsjen. Wennest by ús gaadlik en fredich yn it geografysk midden fan de nije provinsje BoppeSwol, kinst oeral komme mar hoechst nearne hinne en do praatst ús taal, of net dan? Ast wolst helpst my mar wat yn de saak, dan kearsto dy moarns mei de lytse noch mar ris om. Kom yn alle bestindigens mar moai by ús te wenjen, oare kant de strjitte nêst de Keale Dunen.’

Simen pakt de brosjuere út myn hannen en sjocht nochris nei de idylle fan it fiere palmenstrân. ‘Ja,’ seit er en drinkt it glês yn ien kear leech.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *