Frederic Charles Lee: brief fan it front; 21 juli 1916

Leave mem,

Mei in tige swier hert sit ik hjir om mem dizze pear rigels te skriuwen. Wy binne krekt út it bosk fan Delwood weromkommen en sitte no in pear kilometer achter de linys. Nei fiif dagen fan ûntsachlike ferskrikkingen is myn maat Angus Brown sneuvele. Hy hat trije oeren freeslik lit. Syn beide fuotten wiene der ôfsketten troch in granaat op 18 july.

Kin mem dit syn âlden witte litte? Ik seach Angus krekt nei’t er rekke wie. Hy wie noch goed by besef en hartstikke flink. Hy frege my sels noch om in sigaret. Ik haw him wat wetter jûn en syn klacht wie inkeld op dat stuit My God, Fred, it docht sa sear en dêr kinne se neat oan dwaan. Doe bin ik nei in tichteby medyske post draaft en ik haw dêr de dokter safier krigen dat ik wat morfinepillen meikrige. Mar doe’t ik weromkaam wie er al ferpleatst en tsjin de tiid dat ik him werom fûn hie wie er al hast dea. Ik haw him noch sizzen heard ik woe dat dy granaat my fuortdaliks deamakke hie. Ik koe net langer wachtsje want ik moast fuortdaliks werom nei de frontliny, wêr’t alderheislikst dêromta gie. Angus wie in wiere held, ik tocht yn it earstoan dat er it wol helje soe; hy wie noch sa fleurich. Doe moast ik efkes hiel hurd gûle, mem, ik koe it net helpe.

Doe’t wy it befel krigen om ús werom te lûken, wie alles wat der fan ús kompanjy oer wie 29 man. Fan de hiele Súd-Afrikaanske Brigade dat de striid yn gie, 4000 man, wiene der sawat 300 oerbleaun, en fansels wie hast eltsenien ferwûne. Der binne gjin offisieren mear. Kapitein Jackson en kapitein MacLachlan en twa luitenanten binne sneuvele en twa oaren ferwûne. Gjin inkeld offisier fan it tredde rezjimint is oant no ta it bosk útkaam. As soldaat earste klasse bin ik noch de heechste yn rang. Sa kin mem har mooglik foarstelle wat wy meimakke ha en dat allinne foar in stikje bosk.

Mem wit wol hoe’t in bosk der by leit as alles bloeit, no sa wie it doe’t wy harren foar de earste kear ferdreaunen. Sûnt dy tiid hawwe se ús ûnophâldlik bombardearre mei hûnderten en hûnderten kanonnen, en no stean der inkeld noch mar in pear stokken yn de grûn.

Juster krigen wy oan ien tried troch tsien oeren lang in bombardemint fan allerhande kanonnen -triengas, gasgranaten, ensfh. en guon Jack Jones dy’t meitsje datst tritich meter fierderop fleachst as se flakby dy delkomme-. Hoe’t ik noch libje, mem, ik soe it net witte en ik bin -ik skamje my net om it te sizzen-, ien fan de safolle dy’t bidden hawwe om delsketten te wurden, bin stikken en dwerstroch, twa dagen lang neat te drinken en te iten hân troch it fjûr-gerdyn fan de fijân, en in wikelang net sliepe. Ik sil my daliks deljaan, ik haw it wol fertsjinne soe ik sizze. Ik haw my yn trije wike net wosken of skeard en myn gesicht is sa ôftobbe dat ik wedzje dat mem my net werom ken as as ik foar ynspeksje foar mem oer stean soe. McCaffery hie in slimme wûne yn de nekke en oft er no al of net út it bosk kommen is, gjinien wit it.

Lit Gracie witte dat Rowe, oer wa’t ik in skoft lyn nei Vilma oer skreaun haw, ek sneuvele is. En mem moat Katie sizze dat ik frege haw nei har neef Fred en it doch bliken dat hy en noch in pear oaren ek kapot sketten binne troch de granaten. Mem, jou harren allegearre mar myn groetnis, en sis mar dat it my spyt dat ik harren net skriuwe kin, mar ik bin skjin op, kin de eagen net mear iepen hâlde.

Mei groetnis en in soad leafde,
Fred

http://www.delvillewood.com/bataille2.htm
http://www.delvillewood.com/lee.htm
https://historiek.net/het-duivelsbos/46270/

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *