Generaasjegnoarje

De bern liezen fernuvere myn artikeltsje oer hoe’t ik yn myn tiid op in Amerikaanske universiteit in praktikumkolleezje folge -foar nota bene stúdzjepunten op masternivo- om te besykjen hoe’t it wêze soe om as man my in frou te fielen. ‘What the fuck,’ rôp myn skoansoan de yngenieur ferheard, ‘koest dêr doe jild mei fertsjinje?’ ‘Ja,’ sei ik, ‘en dat is no krekt wat der tsjintwurdich finaal ferkeard is.’

Wat kin der dochs yn in lytse fjirtich jier in soad feroarje. Us soan en dochter (berne om 1990 hinne) en harren generaasjegenoaten hawwe it mar wat dreech tsjintwurdich. Yn dit tiidrek fan neo-liberale ekonomyske en kulturele noarms en wearden draait it benammen om jild, om karriêre en takomstperspektiven en dat yn in wrâld fol doemsenarios foar it miljeu, suterige sosjale fangnetten, swakke fakbûnen, rjochtse rebûljeskoppers, tydlike banen, retedjoere wenningen en stúdzjeskulden sa heech en skeef as de Aldehou. Om mar wat te neamen. En dat ek yn in wrâld dêrt’st alle tiden fan de dei dwaande wêze moatst om dyn libben te dielen mei oaren en it boppedat foar dyn selsfertrouwen essinsjeel is om safolle mooglik ‘likes’ te krijen. Gjin wûnder dat se dizze dagen prate oer de burn-out generaasje fan ús bern.

Ik leau ek echt dat bedriuwen net allinne de ôfrûne desennia aardich wat effisjinter waarden -se moatte earder en makliker as doetiids winst meitsje-, ek dat der hiel wat mear easke wurdt fan de wurknimmers. It iene sil it gefolch wêze fan it oare, mar it betsjut wol dat wurkers no gewoanwei mear, langer en hurder wurkje moatte. Ek it ûnderwiis is eksplisiter en fûleindiger as yn myn jierren rjochte op de fereaske kennis en foaral de nedige feardichheden foar letter op de wurkflier. ‘Ast yn de wrâld wat heechs berikke wolst dan moast der no al mei begjinne,’ sei de master fan groep sân, en de oare deis hong er boppe yn it trepsgat.

Banen moatte tsjintwurdich it leafst in bepaalde standing en status ha, lyksa de lease-autos dy’t dêr by hearre. De funksje -of it bedriuw dêr’tst foar wurkest- moat wat lykje, oars kinst it net grutsk op Facebook diele. Mei in minne baan bist in looser, net inkeld yn eigen eagen mar wrachtsjes ek yn dy fan oaren. Dizze dagen binne der in soad jonge minsken stiif fan de stress drok dwaande om sa gau mooglik de meast ideale baan te finen. Want hoe freeslik soe it net wêze as se troch krekt de ferkearde stappen minder jilde op de dochs ek oerspannen arbeidsmerk.

Wie dat dan eartiids net sa? Ik soe sizze: lang net sa slim. Der lei neffens my yn de measte gefallen in minder benearjende tiidsdrok op. Tsjintwurdich moat it fuortdaliks perfekt wêze, leafst juster al. En it moat hastich, se hawwe gjin tiid mear te ferliezen, moarn wachtet wer in nije útdaging dat jild kostet. En it libben is al sa djoer.

Soe it wêze kinne dat wy babyboomers de iennige generaasje wie dy’t in foarstelling meitsje koe fan in wrâld dêr’t it kapitaal net sa ferskuorrend djip it alledeiske libben ynkrong? Soe it kinne dat wy babyboomers de lêste generaasje wie dy’t -al of net út naïvens- in post-kapitalistyske maatskippij foar in realistyske mooglikheid hold? Miskien moat ik mar in kursus, nee, in workshop organisearje oer it ynlibjen yn in oar har wêzen. Soe ik dêr noch jild mei fertsjinje kinne as oanfolling op in pensjoentsje dat alle jierren meagerder wurde sil?

 

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *