Hofleveransier


Foar dizze iene kear set kening Kweaskeuk fan Kwierens tee foar de frou en de beide bern. Syn deistige teesetter, de jonge Rikyu Chikafuji fan Kyoto, hat in frije dei om mei ien fan de folle lytsfammen selfies te meitsjen yn de kleurige kontrijen fan de Keukenhof. Al om trije oere hinne hat Kening Kweaskeuk fan Kwierens in ferskuorrende toarst, mar op dat stuit is it sels foar in kening noch wat te betiid foar de Glenlivet. Unoandien jit er no ris sûnder seremoanje siedend wetter yn beppe har teepot oer in teepûdsje út it Pickwickdoaske en pas dan lêst er tusken de fingerseinen troch de ‘teatopicfraach’ fan de dei: ‘Wat soesto dwaan ast kening bist?

No, dat wit er wol. Earst soe er de Prins fan Pronkemoai, syn âldste soan, fêsthâlde boppe syn siedend teewetter, krekt sa lang dat dy puberale oankommeling net langer oerlestich is. Dêrnei soe er de Hartogin fan Harrewarderij wol oandoare en strûp har de klean fan it liif om har dan achterstefoaren yn har fyftich tinten griis fêst te binen op it prinshearlik bêd fan omke Greve Greidebrekker, profeet fan profesje en teanpluzer yn eigen tiid. Underwilens soe er dy hjoeddeiske presidint fan oare kant it wetter, Praatjan fan Pesjantel, earst it leksum lêze en dan ûnderstboppen oan syn groebele galgen ophingje foar de slimste oanstoarmjende tornado dy’t Dorothy Gale ea yn Kansas meimakke hat.

Dan soe it tiid wêze om de top 500 kroaderiders fan kwizekwantsje yn syn keninkryk, de machthawwers fan in stikmannich fierstente komplekse konglomeraten, de CEO’s en de betterwittende bestjoersfoarsitters mei de kammenetsbealgen lekskoaiend skieppe te knippen. Dy net te teamjen manlju en oardel frommes sil er syn lêste manifest troch de strôt triuwe, dy oer ferantwurdlikens foar de fûgeltsjesbeammen en it etysk wolwêzen fan it woekerjild yn dizze tiden fan drege droechte. As de royale ynpalmer Yildsek Ynzonidus fan de ING wer ris net ynskewielich foar de hiele mienskip wêze wol, dan hellet de kjirrelkening by hege need Paus Pakepong  wol fan stâl, ek altyd goed foar twa of trije sinnich Latynske wurdsjes fol tsjepstichtlik tsjerkelear en hoederlike heare-eintsjes.

En wat te dwaan mei de Raspoetin fan de Reine-klaude en skipjeier mei de skiere knibbels, te witten de Diktator fan de Dyksterreed: Kasavoeboe Savannah Poema? No, it Ministearje fan Minsklikens, Direktoraat Generaal fan Djiptinken en Delheljen moat mar mei him ôfweve, sa wier myn namme Kening Kweaskeuk fan Kwierens is. En oars hawwe wy altyd noch Bonkeman Belderdam fan Bekwurk, foarman fan de Feraffrontaasje. Ien inkeld appke en alle problemen fan ljussemer stellen losse op as prinsipen foar it grutkapitaal.

Mei wille wolle wy oan it ein fan dizze teepartij de ivige optocht fan rinkelroaide riejouwers ynkoarte troch fan hjoed ôf oan inkeld mei ús froulike fraksjefoarsitters te petearen. Sa easkje wy yn rjochtfeardigens ús eigen kameleontyske konstitúsje wer op, want wat uzes wie moat uzes as mêntjêntreejers bliuwe en oars soademiterje se mar op, de ûnderdienigen sûnder dregens, dizze droktemakkers sûnder drystens, dy ferslûnzge fuortfarders met tefolle freigong. As ús lân der wer ljordich laitsjend hinne leit, frij fan frjemdfolk en skjin fan skeuperts, dan pas kinne wy jimmerwei ússels wêze yn de gloarje fan ús beroppen bestean. Feestsje sille wy, mei it ryk op de dyk en op ús alve-en-tritichst, de hiele feeljekant om.

Bliuwt oer, de foarsitter fan de Ferfiterknosje Feriening, mear ferneamd ûnder de namme It Republikeinsk Genoatskip. Wy, Kening foar it libben by de graasje fan ús geryflik foargeslacht, Wy, hazzefangers fan it folk en healwei healwizichheid, Wy soene dizze dei dat Wy foar kening boartsje meie troch de marketingmeneuvels fan Jacobs Douwe Egberts, Hofleveransier fan Pikquick sûnt it jier fan weedom, Wy soene yn namme fan de yn ús befêstige machtigings de kroanprins fan dat gerstich genoatskip, Fridser Friestra -de âldste soan fan de foarsitter-, yn konfrontaasje mei ús eigen essinsjele eksistinsje en fûl yn de lettergeastige rituele tradysjes fan dat rabbersgild freegje wolle: ‘Friestra, hjir bin ik, ik kin net oars. Wat mei ik foar Jo dwaan?’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *