In aai nei Peaske

Hie ik it net tocht! Myn pakesizzer fan trije komt ek hjoed wer fuortdaliks oan mei syn favorite printeboek. In moanne lyn wie syn moaiste boek Knipperke fan Lida Dykstra, dizze lêste pear wiken is it Charlotte Dematons har Sinterklaas. Hy kin werklik net wachtsje om nêst my op de bank te klimmen. Syn broerke fan amper oardel reaget er sûnder pardon oan de kant. Foar de âldste is it lêzen mei pake manljuswurk en dêr kin er, stiif tsjin my oan, dy lytsjonge mei syn taastende hantsjes en wyld swaaiende earmen net by brûke.

It is in prachtboek. Trettsjin mânske printen oer twa siden, sûnder tekst, mei in allemachtich soad grapkes, mei ûntelber Swarte Piten dy’t faaks sa ûndogensk binne as er sels graach wêze wol mar dat fan mem net mei. Och, wat is der in bulte te sjen. It moaie fan sa’n detaillearre en realistysk printeboek is dat wy, mei-inoar oparbeidzjend, stadichoan ús eigen ferhaal opbouwe. In ferhaal dat alle kearen langer en moaier wurdt. Noch in kear, pake! Wy wize inoar oan wat ús opfalt en ik freegje myn lytse keardel wat er sjocht en wêrom dat sa is. No binne dat wer oare saken as de foarige kear. Oer wat er opmerkt hat er sa syn eigen gedachten. En hy sit yn de ‘wêrom’fase! Soene alle pakesizzers sa tûk wêze as dy fan my?

Fan ’e middei petearen wy wat oer de swarte kleur fan dy mannichte piten, want der sitte ek in pear kleurepiten tusken. Dat seagen we pas nei tich kear trochblêdzjen. Swarte Pyt, antwurde hy, is fansels swart om’t it no krekt syn namme is. Snap dat dan ek, pake. En hjit er dan sa om’t er swart is? Ja. Net om’t er troch skoarstiennen krûpt? Nuvere fraach. Dat kin dochs net, pake? Soe er ek Wite Pyt hjitte kenne? Nee, Sinteklaas syn hynder is al wyt. Grien fynt myn pakesizzer gjin moaie kleur. Swarte Pyt is Swarte Pyt en dat is wat it is. Prachtboek, prachtkeardel.

Niis ha ik thús dy Charlotte Dematons ris googele. Dit boek blykt in hiel bekend en populêr sinteklaasboek te wêzen, de yllustrator hat der tsien jier lyn de Gouden Penseel mei wûn. It is net mear te keap, yn alle winkels finaal útferkocht. Foarrich jier hat se har útjouwer, Lemniscaat, de opdracht jûn om gjin werprintingen mear te meitsjen. Se woe der net mear op oansprutsen wurde om dé illustrator fan Swarte Pyt te wêzen. Op skoallen waard se hieltiten mear útmakke foar rasist. Skjin har nocht hie se fan har ferhaal dat sa mei har oan de haal gie.

Op Boekwinkeltjes.nl stean twa eksimplaren te keap, foar respektivelik 100 en 65 Euro. Bol.com freget 125 Euro en op Marktplaats wat de gek der foar jout, te begjinnen mei 45 Euro. Minstens. It is dúdlik, hein? Fryske skriuwers moatte de merk op mei moai en ambachtlik yllustrearre proaza foar bern. Earst noch wat mear pakesizzers de wrâld ynskoppe en dan binne der fierders de Charlotte Dematons en de Lida Dykstras dy’t my pedagogysk stypje mei myn materieel erfguod.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *