In basis sa breed as Fryslân

Nijjiersdei 2018 is de fyftichste stjerdei fan Eeltsje Boates Folkertsma, ûnderwizer, Afûkman fan it earste begjin, publisist, man fan syn tiid en essayist foar de Fryske saak, de natio frysica. In ‘eabele holle’, in moaie skriuwer.

Ut Selsbestjur foar Fryslân (1929/1930), publissearre yn Eachweiding (1950, side 21):
Foar in sealfol folk hat in enthousiaste sprekker forhelle fan de âldens en swietlûdigens en hege wearde fan ‘e Fryske tael. Of hy hat foardroegen fan it moaiste Fryske proaza en poëzije. Of der is yn in revue de rom fan Fryslân’s forline útbylde. Of it Evangeelje wurdt yn Fryske wurden djip en deun oan it hert forkleare. En de lju binne tige foldien en lûd fan applaus of stil fan oandienens en forwûndering. Hja geane nei hûs en wurde gjin strider foar Fryslân.

Hwerom net? Binne hja dan immún? Nee, mar hja fiele de needsaek en it bilang net, om foar in literair doel to striden. It is harren wol goed, dat dichters en ideälisten en bilearden dêr foar opkomme, mar in folksaksje sjogge hja gjin nut yn. Hja kinne troch ‘en dei Frysk prate en har fierders mei it Hollânsk redde, dat hwat bilang is der by en gean in aksje oan om it Frysk yn allerhanne formiddens to krijen? Op dy psychologyske grins stuitet de literaire biweging en sil hja altiten stuitsje.

Mar kom ta dyselde minsken mei útslútsel oer de pachtfrage, it grounbisit, fuortsterking fan ‘e lânbou, forgreating fan ‘e macht fan de Fryske Steaten en formindering fan Hollân’s oerwicht, en hja sille jin forstean net allinne, mar ek it bilang en de needsaek fan aksje ynsjen. Dan sille hja bigripe, dat de saek fan ‘e biweging har saek is en dat it om it wêzen en it wolwêzen fan it Fryske folk to rêdden is. Hwant polityk is in praktyske kunst en it folk tinkt polityk.

Soe it tsjintwurdich noch sa wêze, dat it folk polityk tinkt? Praktysk wol -eigen eftertún earst-, mar polityk, dy fier fan myn bêd show? Folkertsma pleitet foar selsbestjûr en in Fryske beweging dy’t in sterke ynfloed kriget yn alle bestjûrsynstânsjes dy’t der ta dogge.

Wy fornimme it hjoed de dei al yn ús aksje om Frysk ûnderwiis op skoalle to krijen. Dêrfoar moatte wy wêze yn den Haag, by politike hearen en yn in polityk lichem, dy ’t de saek net allinnich út in each fan taelkultuer, mar ek polityk bisjogge. En hwerom hinget it der dêrre sa swier yn? Omt wy gjin genôch politike macht habbe. (side 24)

Nei-oan njoggentich jier letter en wy hawwe noch hieltiten net genôch praktysk-politike macht. En ús kulturele macht hat lyts te betsjutten.

Wolle wy de takomst fan Fryslân, dan moatte wy oer it hiele front stride en net hiele stikken sûnder forwar yn hannen fan ‘e frjemdsin bliuwe litte. Us basis moat sa breed as Fryslân is. (side 23)

Wa Frysk lit syn taal farre? No, wy allegearre. It Frysk, goede Folkertsma, hat hjoeddeis in ferrekte smelle basis. Sa prate guon it noch wat sljochtweihinne, mar it folk kin it Frysk net skriuwe. En jo folk kín it net fan rjochten skriuwe want it leart it net op skoalle. Neffens my wolle oars de Friezen it foar it grutste part ek net leare want staveringwrakselwurk nukt harren neat. Se binne der ymmún foar. Se hawwe wol wat betters te dwaan. De ratio frysica is sa ferkrommele as wrakke tsiis op peasketiisdei.

Folkertsma en Schurer wiene generaasjegenoaten (beide binne stoarn yn 1968) en bêste maten. Fan Fedde Schurer hjir it Namdicht, of abecedarium, dat er skreaun hat foar syn freon en striidmakker (Fox Humana, 1949). Neffens Tamminga (ynlieding ta de Samle Fersen) behearret it ta in slach fan lofprizingen dat hurd ferjierret en datearret. Dat sil sa wêze mar dizze nijjiersdei efkes net.

Eabele holle, warber wurker,
          earlik hert yn rêst en striid,
Brekker fan in falsk ferline,
          bouwer oan in nije tiid,
Freon út tûzen foar dyn freonen,
          fijân hwa’t dyn folk misdocht,
Oarlochsflamme yn faeije frede,
          opstânsskreau foar frij en rjocht;
Libbensweitser mank de deaden,
          lieder neffens rjocht en lok,
Kunstener by Gods genede,
          kneppel yn ús hinnehok;
Essayist as net in twadden,
          edelman nei styl en geast;
Riedsman fan in riedleas skip,
          rop om greatens aldermeast;
Toer fan trou oan folk en tsjerk,
          trijeman en twaman mei
Siel fan fûle en fruchtbere aksje,
          stim fan Fryslân foar en nei,
Mienskipsman en ienlik minske,
          master, maet en broer dêrta,
As in klokslach klinkt dyn namme:
Eeltsje Boates Folkertsma

De bêste winsken en kâns fan oerlibjen foar alle abeeceeskriuwers.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *