It bestjoer fan it lân

It mei dan sa wêze dat it bestjoer fan in lân jo neat oangiet’, sei de twitterpresidint yn de earste moanne fan syn rezjym tsjin de jongfeint dy’t dei út dei yn op ien fan syn golfterreinen as greenkeeper dwaande wie, ‘mar dochs soe ik jo freegje wolle hoe’t dit machtige lân bestjoerd wurde moat.’ Earst woe de jonge net antwurdzje, mar doe’t de twitterpresidint syn fraach werhelle, sei er: ‘Wêryn soe it bestjoer fan in lân ferskille fan de soarch foar in golfterrein? Helje gewoan alles fuort wat yn ’e wei leit of wat it grûngebiet skea docht.’ Doe bûge de twitterpresidint ien, twa kear de holle oant op ’e grûn, rôp de jonge út ta de bêste twittertsjoender fan it lân, en loek him werom as kluzener yn ’e mistige bergen. Nea hat de wrâld wer wat fernommen fan dy twitterpresidint.

Moarns om healwei achten begjint it mei tee setten, wilens nim ik it lêste nijs op teletekst troch en, net te ferjitten, lis ik de earste wordfeudsjes fan ’e dei. Dêrnei mei twa mokken tee werom nei boppen ta om, krekt hoe’t ús sin der by leit, al of net de nije dei mei leafde yn te wijen. Letter dan, nei it brea-iten en toskpoetsen, is der alle tiid fan de wrâld foar twa bakjes kofje mei krekt safolle moalkoekjes, de kranten en it angelsaksysk nijs op ynternet. Oant foar koart soe ik dan de fierdere dei it leafst wat skriuwe, mar dêr ha ik de lêste moannen hieltyd minder nocht oan. Wat falt der te skriuwen as der noch safolle te lêzen is?

De holle stiet my tsjintwurdich it meast nei it lêzen oer sinjouwing (ik meitsje my wiis dat ik wat myn karakter oanbelanget folle mear in skôger as in dwaner bin; it dwaan oan sinjouwing lit ik graach oan oaren oer). Sa ha ik no in boek yn ’e hannen fan René Ransdorp, Zwervend met Zhuang Zi – Wegwijs in de taoïstische filosofie (Utjouwerij Damon, Budel, 2008). In nijsgjirrich boek, dêr’t ik de helte net fan snap, mar wat it grûnbegryp oanbelanget ha ik tink wol it ien en oar yn ’e smizen. Jou altyd bliken fan ienfâld, koesterje it losse en it frije en ferminderje algeduerigen selssucht en it ûnbidich grut begear. No wist ik dit al langer, -sa stadichoan bin ik wol in bytsje betûft yn it libben-, mar krekt as mei de bibel en alle wiken wer in preek yn ’e tsjerke kin it gjin kwea om oannimlik fûnemintele wierheden faker te hearren en te witten dat ek ien as Zhuang Zi (út te sprekken as Dzwang-dze) sokke saken op’e kop ôf 2332 jier lyn al opskreaun hat. Djippe wierheden binne ûnfergonklik en wêrom soe sa’n essinsje fan duorsumens ek net wat betsjutting oan myn tafallich bestean jaan kinne?

Konfucius sei tsjin Jan Hjoed: ‘Jan jonge, hear ris, dyn famylje is earm en dyn wenning liket my hiel rykrakkich. Wêrom soest gjin amtner wêze wolle, dan hast in moai fêst ynkommen en ast tûk bist dêr boppe-op noch aardich wat hânjild.’ Jan antwurde: ‘Nee achte hear, ik winskje gjin amtner te wêzen. Bûten de stedsmuorren haw ik twa bunder lân, dat is genôch om fan te iten. Yn de stêd haw ik in heale bunder, dat is genôch foar it meitsjen fan side en linnen. Mei myn lút kin ik mysels faak genôch fermeitsje. Ik haw foldwaande oan de lear fan de master, dat ik alle dagen ynmoedich bestudearje, om my sels gelok te besoargjen. Nee, ik winskje echt gjin amtner te wêzen.’
Dêr ferblikke Konfucius ryklik fan en sei:’ Hast in treflike hâlding, Jan Hjoed! Ik ha sein heard: Wa’t wit wat genôch is, moardet him net dea om ’e wille fan wat profyt, wa’t wit wat foldienens is, wurdt net benaud as er wat ferliest, en wa’t syn inerlik kultivearret, skammet him net dat er gjin maatskiplike posysje hat. Dat sis ik al hiel lang en no pas sjoch ik it belicheme, yn dy, Jan Hjoed! Sa krij ik it mei.’ ‘Wolle jo, hear, omstean? Jo de bunders lân en ik wat swalkje troch de wrâld?’ frege ús Jan. Mar Konfucius rekke net yn ’e war. Hy hat inkeld alles opskreaun.

As jongfeintsje fan sechstjin, santjin jier mocht ik soksoarte wierheden ek al graach sammelje en úttype. Op in stuit hie ik op ’e muorre fan myn studintekeammerke yn Tilburch trije A-4 siden  fol wiisheden en sûne libbenswizen ûnder inoar. Net dat ik der nei libbe, ûnderweis nei kollege en op de weromreis jûns yn de kroeg fergeat ik se rillegau. Nei’t ik ferhuze nei in gruttere keamer en der famkes oer de flier kamen bin ik myn lange list fan post-puberale of pree-folwoeksen wiisheden kwytrekke en dat spyt my noch hieltyd. No sykje ik se wer, de net brûkte wiisheden út myn libben. Op myn acht en sechstichste, mei in flueske oalje op it wetter, wol ik tinke dat se my mear fan pas komme as doetiids tusken it skarreljen troch. De wiere wearde fan myn ûneachlik bestean, ik sil it fine moatte en fêsthâlde, wol it sa graach wat langer bewarje om my der nachts yn te koesterjen.

Gau no dit stikje op de blog sette en dan fierder mei it útsykjen fan in nije auto. Myn longlist fan langsten ha ik al werombrocht ta in shortlist fan hotrods. Op dit stuit stiet boppe-oan de nijste Tesla, se sizze dat it in hiel seksy auto is. Hy sil yn stimmich swart moai by de kleur fan de foardoar passe. Yn de private lease kin ik mei de rinte op myn liif sa’n auto krekt betelje en oars by de kofje moarns mar in moalkoekje minder.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *