It dilemma fan Djip fan Binnen

Djip is der foarwei. Wêr stiet er tsjintwurdich yn dizze wrâld en wêrom wit er dat net sa krekt mear? Yn it ferline rûn er gewoan achter de Zeitgeist oan, wat dat ek mar wêze koe. As jongfeint stie er links yn de polityk, letter skode er stadichoan nei it midden ta om jierren en jierren by D’66 op de skoat te sitten. Want komme yn in demokrasy úteinlik net de bêste, de iennichst mooglike oplossingen út it midden wei?

Mar dizze wrâld is Djip syn wrâld net mear. It wurdt, fynt er, geandewei in nuver rommeltsje. De ferwurvenheden fan de jierren sechstich en santich binne fuortspiele. Om mar wat te sizzen: syn bern hobbelje fan it iene tydlik kontrakt yn in twadde en hooplik noch in tredde, mar dêrnei kinne se ergens oars wer op ’e nij begjinne. Fakbûnen hawwe minder macht, wylst de grutste bedriuwen inkeld al troch harren ûnmisbere produkten in fierstente grutte finger yn de brij krije. Dan hast noch it miljeu fraachstik, it populisme, it opkommend faksisme, de al mar tanimmende kosten, de ferflakking, it egoïsme en it faaie swurd fan fake-news dat de maatskippij noch fierder útinoar slacht. En wat docht ús Djip fan Binnen? Djip dûkt de hiele dei achter syn mobyltsje wei en krimmenearret hoe slim it is.

Bûten heart er de driuwers op links, de ouwehoeren op rjochts, de miljeukritisy, de giele heskes, de âlderein, de skoallebern, de Brekshiteers, de dierenaktivisten, de Erdoganfanaten, de frije pershaters, de nepnijsbolsjewisten, de wenningleazen, de flechtlingen, de bettermienenden, de selsbegrutsjers, de kastijers en noch folle mear. Eltsenien hat ferdomme in miening, útsein dejinge dêr’t Djip him no krekt net mei assosjearje wol. Djip fan Binnen sit thús en fersûpt yn syn dilemma.

Djip fan Binnen eamelet wat en tinkt it sil myn tiid wol duorje. Hat er net doetiids dêr yn De Haach heech op de barrikaden stien, fjirtich jier lyn? Hat er net eigenmachtich de ME dy iene kear yn Amsterdam rjocht yn it gesicht flibere? Hat er net syn eigen nederwyt ferbout en hat er net in kear frije seks hân? Djip fan Binnen tinkt, ik ha doe myn plicht dien, soargje jimme tsjintwurdich ferdomme sels mar om út de penaarje te kommen. Ik wol fannacht foar alve oere it bêd yn en lekker sliepe.

Apres moi le déluge, jawis, mar hy fersûpt der no al yn. Sliepe kin er net. Hy soe eins wat dwaan moatte. Eins al. Hy ferskimmelet wat op dy smûke skoat fan D’66. Moat er no ek in giel heske oan of better in reade sjaal om de nekke? In hantekening foar Europa sette? Of moarn syn eigen stille tocht kuierje troch de dunen? Hy kin fansels ek syn blogje skriuwe.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *