It lêste liet fan de ierde

Toaniel: Sjike hotelkeamer. In grut twa-persoansbêd, kleankast oan ien fan de sydkanten. Oare kant ruten. Kapstok by de doar mei ien jas. Lessener mei partituer. Twa fauteuils mei tafeltsje, buro mei stoel. Minibar. Doar nei baaikeamer ta. Achterkant toaniel is in wand dat ek projeksyskerm is.

EARSTE AKTE

Lorraine: (leit mei klean oan op bêd as der op ’e doar kloppet wurdt. Se stiet muoisum op, rint nei de doar en iepenet dy. OP Christa, mei ien reade klaproas en in porslein faaske) Maestra! Come in. Ik ferwachte dy al, Christa.

Christa: Thanks, Lorraine. (twa luchttútsjes by de wangen) Fansels koest my
no ferwachtsje. Here you are, dear. Ik ha ek in faaske meinommen, fan de resepsje wei.

Lorraine: Dat stel ik op priis, Christa. Dit moat fuortdaliks yn it wetter. (nimt roas en faaske mei nei baaikeamer en komt werom mei blom yn faaske -bytsje wetter-, set dy op tafeltsje by feauteuls. Undertusken rint Christa nei lessener en nimt boppeste partituer yn de hannen)

Christa: Das Lied von der Ierde, it part Von der Schönheit… Ja Lorraine, dêr wie it wat minder, hè?

Lorraine: Dêr hasto it timpo te heech, heger as alle oare kearen. Dat sei ik dochs, fanmiddei.

Christa: Gjin sprake fan, Lorraine, gjin sprake fan! Deselde tempi as ferline jier, yn Petersburg, yn Moskou. Wêrom koesto it niis gewoanwei net bysloffe?

Lorraine: It timpo hast heger as alle foarige kearen. Sa kin dat net, sa kin ik it net goed beärtikulearje, dat is dochs net mooglik? Dan wurdt it brobbeljen, bliksem!

Christa: Lorraine, hoe faak hast Das lied von der Ierde wol net sjongen? Tweintich kear? Tritich kear? Wy tegearre yn alle gefallen al fiif kear.

Lorraine: Ja, ja, sokssawat. Achtstjin kear wol ik…

Christa: Do hast dit stik dochs folslein yn ’e macht? Oant yn dyn fingertoppen ta? Mar hjoed hiesto it timperamint krekt net, hiest de timing krekt net, it timpo wie gewoan net goed. Bist siik, Lorraine? Dan soe ik dat hiel graach witte wolle.

Lorraine: Ik siik? Ikke? Hasto my wol ris siik sjoen? Mei myn sjongen, mei myn stimme, dêr is hielendal neat mis mei. Hast it heard, neat mis mei! Mar do, do setst de sokken deryn as wolst de marathon ûnder de twa oeren rinne. It moat in stokje stadiger, Christa. By it earste part fan Von der Schönheid. (pakt partituer derby) Hjir, by dit stik: Sie zerstampfen jaeh im Sturm, die hingesunk’nen Blüten…

Christa: Do tinkst datsto mý noch dirigearje leare moatst? Meist dan de diva fan de aria wêze, Lorraine, mar ik, ik bin de maestra op de bok! You should know that! Ik doch gjin konsesjes, dat witst. Gjin konseksjes, gjin inkeld dirigint docht dat. Hast it achtsjin kear magistraal dien, de njoggentjende kear silsto krekt like sublym wêze!

Lorraine: Ik hie hjoed tink myn dei net sa bot. Mein Herz war etwas müde.

Christa: Wat? Müde? Müde?! Oh, to hell with it! Wy binne allegear müde, kom net oan mei dat soarte fan shit. In flutargumint, hoe doarst it te sizzen, Lorraine, en dat tsjin my!

Lorraine: Christa, Christa…

Christa: Don’t you ChristaChrista me! Wy binne professionals, Lorraine. De grutste, de bêste, de elite yn dizze wûndre wrâld. Ich bin müde… Noblesse oblige, Lorraine Hunter! Dat witsto dochs! It giet hjir ek oer myn reputaasje, ja! Hearst dat, frou Müde Hunter! …Ich bin müde… Hear dysels dochs praten, shit, wat ís dit?

Lorraine: Komt goed, komt goed, maestra! Witst noch, dat konsert yn Petersburg, dat wichtich konsert doesto yn de…

Christa: Stop it! Don’t sidetrack me! Elts konsert is wichtich, Lorraine, mar dit, dit konsert oaremoarn, hjir yn Brussel is supermega. Hûndert jier ein Earste Wrâldoarloch, Lorraine. The Big War! In once in a lifetime happening, streekrjocht worldcoverage! Seisenfjirtich lannen, and counting! Fjouwer presidinten, twa keningen, twa keninginnen. And counting! En de Bundeskanzlerin! Dêrom ek woe ik krekt dy hjir ha! Do mei dyn deeglikheid, do mei dyn betrouberheid, do mei dyn machtich moaie stimme, de waarmste mezzo-sopraan yn minsketiden. Wy, froulju, tegearre. En foar it earst in froulike dirigint, hin, Lorraine! Ik! Mei ús beide soene wy al dat manfolk wat hearre litte. Of net dan? Müdemüdemüde… Do wurdst my dochs net siik hè, nee hè!

Lorraine: Moarn is it better, Christa. Moarn stean ik der, alhielendal!

Christa: You better, Lorraine, you better! It orkest hat it yn de fingers, komselden sa’n goed orkest ûnder de stok hân, de akoestyk is machtich, alles leit klear om ús ûntsjerlik te spyljen. No do! Fokus, dear! Kon-sin-traasje! Krekt lyk as altiten. Do, do…

Lorraine: (lit Christa út) Christa, do, do, do bist geweldich. Wa altyd stribbet en der muoite foar docht, dy sil ferlosse. Faust. Faust op de bok, Christa. Komt goed, sis ik dy! Fertrouwen. (OF Christa. Lorraine slacht mei fûsten op de muorre, raast it út. Pakt it faaske mei de blom, hellet de blom derút en smyt de faas kapot tsjin de muorre) Damnit! Damnit! Damnit! (rint mei blom de baaikeamer yn, komt werom mei de wc-boarstelhâlder, smyt de boarstel op de grûn, en set ‘faas’ en blom op de grûn nêst de baaikeamerdoar. Skoot mei foet stikjes porslein nei de muorre ta.) Damnit! Damnit! Damnit! (rint muoisum de baaikeamer yn.

It ljocht dimmet. Tsjin de achtermuorre filmbylden fan fjochtsjen yn, en de
gasgranaten oan parasjutes boppe de sjitfuorgen fan de Earste Wrâldoarloch.

 

TWADDE AKTE
Der wurdt kloppe op de doar. Lorraine komt OP út de baaikeamer wei en rint
nei doar -docht sichtber har bêst om aansens wurgens net sjen te litten- en
iepenet dy.

Margje: (OP, rok, bloes, jas oan, rolkoffertsje, bos blommen yn sellofaan) Laurenske!

Lorraine: Margje! Margje, Margje. (Omearmket Margje, hâldt dan Margje op ôfstân mei har hannen op Margje har skouders). Lit my dy sjen. Famke, famke, do hast not changed a bit, not how’d you call it, not a bit of a sprout? (Margje set koffertsje rjochtop en leit blommen der boppe op)

Margje: Gjin sprút bedoelst? No, no, no… bin bang fan wol. En do, wat sjochsto der… kreas út. Fersoarge. A lady, Laurenske, krekt lyk as doe!

Lorraine: …Feemerke…(rint om Lorraine hinne en besjocht har fan alle kanten; fan de weromstuit rint Lorraine om Margje hinne)

Margje: …Ljouwert, woansdeis de keallen, mei ús heit… (Margje knypt Lorraine lichtsjes yn it wang, Lorraine jout Margje in klets foar it bil)

Lorraine: …Unbelekke waar, do bist noch altiten ûnbelekke waar…

Margje: (Margje skuoddet mei it efterwurk)…Goede waar priizget harsels… (beide froulju falle inoar wer laitsjend yn ’e earmen)

Lorraine: As fanâlds, Margje, as fanâlds! Yes! (wurdt wat dwyl, moat ergens tsjinoan stean)

Margje: Wat is der, Laurenske. Bist net goed?

Lorraine: Nee, nee, it giet wol. Allinnich mar in bytsje licht yn ’e holle, wat dizzygizzy Margje, giet oer, giet wer oer. Laurenske, och gut. Dat haw ik yn ieuwen net mear heard. Mar litte wy it op Lorraine hâlde. Laurenske is wol sa allemachtich tweintichste ieus, fynst ek net? Moaie blommen, Margje, hartstikke moaie blommen! Really beautiful! Hartstikkene, seine wy dochs? Hartstikkene…

Margje: Hast in faas? Sil ik se weisette? Se moatte wol yn it wetter, hear!

Lorraine: (Margje docht jas út en hinget dy oan kapstok by de doar) Der stiet wat op de grûn, dêr ergens, mei noch in blom deryn. Blommen. Witst datst dy yn Amearika hast noait sjochst? Dy binne dêr wol se hartstikkene djoer.

Margje: (begjint blommen út it sellofaan te heljen en yn de ‘faas’ te setten – rûkt der efkes oan…) Hjir leit diggelguod en wetter!

Lorraine: Hin? Ja, der is in faas fallen. Ik ha noch gjin tiid hân om…

Margje: Ik rêd it wol op. Hast in doekje of in fegertsje of sokssawat?

Lorraine: Ik soe it net witte, dear. Sjoch mar ris yn de baaikeamer. As der wat is, dan moat it dêr wêze. Ik sjoch ús heit noch mei de gripe dahliawoartels út ’e grûn wei opdollen. Dahlias…, it begjin fan de hjerst, dochs? Dy moaie, waarme donkere kleuren, hjerstmis… Hjerstmis, al sa’n moai wurd.

Margje: (út de baaikeamer wei, teart de mouwen op). Kin neat fine. Ik doch it wol mei it húskepapier. Mar, Lorraine, do krigest dochs faak blommen nei ôfrin fan in konsert? (op knibbels, faaiendewei) Moatst dyn hûs faak fol stean ha mei de moaiste en grutste boeketten. Hiest dy thús ek yn de húskeboarstelhâlder?

Lorraine: Watsei? Dy blommen, en dat op in hotelkeamer en oaredeis mei it fleantúch nei wer in nije stêd ta? Nee dear, sa’n boeket is simpelwei in geste foar de public en de relations… Ik joech dat boeket altiten oan de earste de beste froulike orkestlid… Watsei, dat sei ús heit hieltiden. Watsei en watguod, och heden Margje, dat komt allegearre wer nei boppen ta. Wat bin ik bliid datsto hjir bist!

Margje: (klear mei feegjen, komt oerein en sjocht Lorraine goed oan) No, oars ik wol. Wêr bliuwt ús Regina no, se moast niis noch in rige appjes lêze, sil daliks wol komme, tink. Lorraine, bisto wat bleekjes, of liket dat mar sa?

Lorraine: Bleekjes? Ikke? Wat wolst, november yn Brussel, grau en griis waar, al dagenlang gjin sinne sjoen. Mar wat moai dat jim Regina hjir ek is! Begryp ik dat sy op it konservatoarium sit yn Amsterdam?

Margje: De akademy foar klienkeunsten. Performing arts, soene jimme sizze. Ferdivedaasjekeunsten neame se it ek wol, no ja wat sy dan docht.

Lorraine: Ferdivedaasjekeunsten? Wat binne dat foar keunsten? Dat kinst dochs net serieus nimme?

Margje: No, mar sy wol! En hoe! Dea-serieus!

Lorraine: En dat wurdt dan toanielspiler? Shakespeare? Cat on a hot tin roof, dat spul? En dat neame se tsjintwurdich ferdivedaasje?

Margje: Nee, sa moast it net sjen. Sy is mear fan it kabaret, fan de … (klopjen op de doar) Dêr silst har ha. (rint nei doar en iepenet dy)

Regina: (jas oan, koffertsje, rêchsekje oer ien skouder, tradisjonele swarte Pyt masker op) OP, stekt laitsjend har holle om de hoeke en pipernútstruit) Goeie!

Lorraine: Regina! My girl! Queen of all heavens! En swarte Pyt, for crying out loud! (lûkt Regina de keamer fierder yn en omearmket har, hâldt dan Regina har holle yn har hânnen en jout dikke tut rjochts, dan links en stoppet dan, wylst Regina noch in tredde tút ferwachtet)

Regina: Mem, se hawwe hjir ek Sinterklaas! (docht masker ôf) En de swarte piten binne hjir noch sa swart as de nacht. Wat is it hjir moai! En grut!

Lorraine: Do bist ek grut. En sa stoertsk moai. Ek as swarte pyt.

Regina: Moai net? Dizze masker ha ik bûten op it plein kocht. Dit sil in museumstik wurde, letter, as ik sa âld bin as jim.

Lorraine: Hoe dat sa?

Regina: Swarte piten meije net swart mear wêze, tsjintwurdich. Dat is rasistysk, dat is denygrearjend, dat is diskremenaasje.

Lorraine: No, dat is ek sa, kollega! Dus jo sille letter ek it toaniel op!

Regina: Hat mem dat tante ferteld? Ja, wis! Sjonge en dûnsje, yn musicals spylje. Ik wol kabaretiêre wêze en stand-up comedy dwaan. Ik ha al in set lietsjes skreaun en wy binne begûn mei in eigen Kletzmerband en ik wol noch…

Lorraine: Hup matzeballenbrij en ik sil dy wol krije…

Regina: noch folle… Tante!

Lorraine: Sorry, Regina. Dyn ferdivedaasjekeunsten as swarte pyt wurkje wat op myn lachspegels. Mar do hast lyk, leave, do hast der mar in moaie stúdzje oan. Genietsje derfan, leave, do sitst fol fan talint en mooglikheden. Die blühen auf im Lenz und grüne aufs neu, alle jierren wer.

Margje: ‘De leave ierde alhielendal, bloeit maaitiids en grienet opnij! Alhielendal en ivich, blauich ljocht’ de fierte!’

Lorraine: Watsei? Margje!?

Margje: Das Liet von der Ierde, net Lorraine? Op dyn repertoire hjir yn Brussel. Ik haw it oersetten, ferline wike. En ek de Vier Letzte Lieder.

Lorraine: Margje, Margje, wêrom?

Margje: Húswurk. Ik bin learares Dútsk, witst noch? Mar foaral om it better te begripen. Do en dyn Lieten. En dy ferskriklike earste Wrâldoarloch, hoe slim it wie. Ik ha sels in gedicht oersetten, út it Ingelsk wei, fan ien fan de War Poets.

Lorraine: Wat bysûnder fan dy, Margje! Dat wol ik lêze. Ik haw myn lieten noch nea yn it Frysk sjongen, noch nea. No ja, sinterklaas ferskes as bern. Mar wol sa’n bytsje yn alle oare talen. Regina, dat is ek sokssawat! Moatst op de bühne dyn talen kenne, fanke, tink derom, hear! Floeiend, sûnder aksint. Oefenje, oefenje, oefenje! En yn elts optreden alle dagen wer moast it alder-, alderbêste út dysels peure. Gjin ferlechjes. Wurch wêze mei net, wir sind niemals müde, al ús libbensdagen net, net as wy optrede moatte.

Regina: Ja ja, dat wit ik hiel goed, tante. Dat is ús op de earste les yn it earste jier al ynpepere. The show must go on! Oars gjin pipernuten. En dat hat mem ek fakernôch sein, hè mem? The show must go on. Altyd altiten.

Margje: Nee, gjin ferskil tusken amateurs en divas, hin? By ús op de toanielferiening is it bytiden ek op it kantsje ôf of it wol trochgean kin.

Lorraine: Wat aardige rollen hân, Margje, de lêste tiid?

Margje: No nee, der binne net sa folle ‘aardige’ rollen foar de ripere frou. En ás se der al binne, dan geane dy oer kwaaltsjes en hoe wreed it libben is.

Lorraine: En ik alle kearen ek mar sjonge oer de dea. Dat, en de leafde, fansels. No, après nous le deluge, ladies. Oh, my God, hjir stean ik, mar ik moat wat oars. Nei it húske ta. Toilet meitsje. (Lorraine OF)

Regina: Wat moai hjir, net? Luks en grut. Yeah!… (ploft del op it bêd)

Margje: Spyt it dy, datst net yn dit hotel sitst?

Regina: No, ja en nee. Ik wol alles hearre wat tante Lorraine te sizzen hat, mar net de hiele jûn. Ik wol jim ek jimme tiid tegearre hawwe, hear. For old times sake, soe se sizze, tante Lorraine.

Margje: Wat fideel fan dy!

Regina: Mem, ik tink dat se oan de kokaine sit.

Margje: Ah nee, hoe komst der by?

Regina: Se is drok, praat in protte, sjocht sa wytsjes en hat grutte pupillen.

Margje: No, dat hasto ek wol ris.

Regina: Ja, mar ik kin it hawwe en sy net. Grapke…

Margje: Wat?

Regina: Grapke! Snap dat no! Hâld ris yn de gaten hoe faak se nei it húske moat. Dêr lizze se de lientsjes meastentiids.

Margje: Ik leau der neat fan.

Regina: Mem wól it net leauwe. Read my lips en sjoch yn har eagen. Koke.

Margje: Harrejakkes, dêr wit ik hielendal neat fan ôf. Ofgryslik spul. It begjin fan ôftakeling. De ûnderwrâld. De doar nei de dea.

Regina: No, no, no mem, sa harrejakkes is it ek wer net. Best wol lekker spul, op syn tiid. Wy artysten kicke der op. Oars kinne wy de stress net tackelje, mem. Dêrom hawwe wy de lúkse fan fjouwersterrende hotels sa slim nedich. Wy, artysten. En sjoch ek mar goed ta op har drinken, kokesnúvers sûpe in soad. En dát is net sa harrejakkes, hè mem?

Margje: Net sa pystich, jongedame. Sa kin it wol wer.

Regina: Wat oars. Ik ha nei it iten in date!

Margje: Regina! Hoe hasto dat se gau regele?

Regina: Tinder, Facebook, de nije media, mem!

Margje: (sjocht Regina ynkringjend oan) En?

Regina: In bassist.

Margje: Watguod?

Regina: In bassist! In striker.

Margje: In streaker?

Regina: (docht it strykjen op in bas nei) De bassist, mem! Net sa flau dwaan.

Margje: Ah, in musikus! Fan it orkest dat Lorraine begeliedet?

Regina: Yes! In mu-si-kus, mem. John J. Armstrong hjit er, in Amerikaan. Hat in hiele protte prizen wûn. Sjoch, dit is syn profyl. (lit har mem it op it byldsje fan har mobyltsje sjen)

Margje: Wat! Hy is hartstikke swart! Sorry… Hoe âld? Aardich âlder as dy, soe ik tinke.

Regina: Mem! Net sa flau. Aardige kearel, man mei standing, mem, stan-ding! Nivo! Hat wat fan de wrâld sjoen. Man mei ambysjes, mem. Krekt wat foar my. Krekt wat foar dy, moat mem sizze. (Lorraine OP, komt frijwat enersjyk út baaikeamer wei en heart it petear tusken mem en dochter oan)

Margje: Krekt wat foar dy, ja wis, leave, fansels, fansels. Dochtst it mar wat bêst, net? Genietsje der mar fan, soe ik sizze. Fan dyn John J. Undertekene: dyn mem. Dy treinen silst fannacht wol net hearre.

Regina: Brussels, here I come! Your queen of the night! Yessss!

Lorraine: Dat mei ik hearre! Ja, dat mei ik hearre, Regina, Queen of heavenly nights! Silst ris yn it waar sjen, aansens? De hort op en de bar yn?

Regina: Yip! Mei in sterke man oan myn earm.

Lorraine: Tsja, in man, in man. Noch stees ûnmisber hin, tsjintwurdich. Meist dy liede litte, fanke, mar net twinge, tink der om, blikstiender. Ik ha se meimakke, de manlju yn myn fak, yes me too. Blikstiender, och wat is dat Frysk in moaie taal! Ik fyn dit mei jimme wol sa moai! Alde tiden yn de holle, moaie minsken om my hinne, allinnich mar goeie dingen. (slaat earmen om Regina en Margje harren skouders en tutet beiden)

Regina: It is wol in machogedoch, hè tante, de muzykwrâld…

Lorraine: In moaie én in hurde wrâld. Wolkom yn de keunsten, Regina. In bulte hurde lessen binne it, dy’t leare moast.

Regina: Ja, ja…

Lorraine: Moast egosentrysk wêze, egoïstysk sels. En tagelyk oparbeidzje kinne mei oaren. Dat is ien ding. Want se sjitte dyn kop sa fan it liif, as’t dy der eefkes net by hast. De skerpskutters en de skerpslipers. It is in striid, ja, it is in striid.

Regina: It liket wol dat tante it oer in oarloch hat…

Lorraine: (sjocht Regina strang oan) Krekt, Regina, do seist it, sa is it. De bühne is in fjochtgroppe.

Margje: No, no. skilderest do no net in hiel swart plaatsje, Lorraine?

Lorraine: (stadichoan emosjoneler) Wat witsto der fan, Margje? Wat witsto der fan?

Margje: No ja…

Lorraine: Ien misslach en se hawwe ús op ’e kerrel, bliksem, ien misslach mar. Dit is gjin blijspultsje achter it doarpshûs, hin? Dit is megabusiness, miljarden giet der trochhinne. De ympressarios, de producers, de jildsjitters, de resinsinten. Big business en wy útfierenden binne it kanonnefjoer. Kanonenfutter, wie sie wissen, Frou Oberlehrerin Deutsche Sprache.

Margje: Gut, gut, ich ferstehe es.

Lorraine: Do snapst it? Moai! Mar snapt dyn dochter it ek? Regina, wy wurde allegearre rücksichtslos ôfrekkene op tekoartkommings en foutsjes. Wy moatte eltse kear ús ûnmooglikste bêst dwaan. Wy moatte alle kearen wer fierwei útspringe boppe ússels. Nea op de automatyske piloat, Regina, noaitneanever fan dyn libben! Kon-sin-traasje! Want oars bist wei. Sjoen. Fuort, blikkende stienders! Yn Amsterdam én wis hjir yn Brussel. En dan meist noch sa kreas en skoander en sûn wêze, dan meist noch sa’n reputaasje hawwe, noch sa folle lauwerkrânsen en prizen en status en konneksjes hawwe, se pakke dy! Se strûpe dy út de hûd wêr’st by stiest. En no moat ik ferdomme wer nei it húske, merde! (OF, nei de baaikeamer)

Regina: Hallo! The show must go on. Allemachtich, mem, dy tante Lorraine. Wat moat ik hjir mei?

Margje: (is oanslein) En wat moat ík hjir mei? Dy skat, se is aardich oerstjoer, net? De tol fan te hege pieken? Soe se siik wêze?

Regina: Koke en drank, mem, koke en drank. Yn de gaten hâlde! (pakt har mobyltsje en checkt har berjochten) Ik ha fyftsjin appkes! En ek fan John! (giet yn in fauteuil sitten, noflik mei de fuotten oer de leuning en bliuwt drok dwaande mei har mobyltsje)

Margje: (rint rûn yn de keamer, pakt Regina har jas en hinget dy oan de kapstok, set Regina har rêchsek en koffertsje út de wei -net yn de buert fan de jassen-, rûmet pipernuten op en yt dy op, bliuwt stean by lessener mei blêdmuzyk, rint nei har kofferke ta, pakt papieren út it foarfakje en leit dy op de lessener, stoareaget wat foar har út, sjocht sa no en dan nei de baaikeamer, rint nei de doar fan de baaikeamer) Lorraine? Lorraine? Hoe giet it? Kin ik dy helpe?

Lorraine: Helpe? Hoe komst dêr sa by? Nee, hear. (OP) Wêrom tinkst datst my helpe moatst, op it húske, nota bene? (sjocht glimkjend nei Regina mei har mobyltsje) It is dochs wat, tsjintwurdich, mei dy mobyltsjes, fynst net? Wêr’t wy ek binne op de wrâld, oeral skynt itselde byldsje. Dat wurdt noch wat, de takomst yn. Hoe is it mei dyn Durk?

Margje: Oh, hy is wer ris op reportaazje, yn Texas, of all places. In item oer frustearre wite Amerikanen dy’t gewearen leech sjitte yn tsjerken. Mynhearke sei dat hy er net folle nocht oan hie. Tefolle drokte, tefolle koartsichtigens, te fier fuort, sei er. Tsja, foar him is business business, hin!

Lorraine: Dat is wol myn lân, hin, dêr’st it oer hast. Mar yeah…, the show must go on!

Regina: Mem, tante, ik gean net mei te iten, hear. John noeget my út om my him te iten. Yn Bistro De Mus, in hiele goede, seit er.

Lorraine: No, dan moatte wy ek mar ris, hè Margje. Just the two of ús.

Margje: No? Dan moat ik earst de hannen waskje. (OF, nimt har kofferke mei)

Regina: (komt oerein út de fauteuil wei) Tante, mei ik tante wat freegje?

Lorraine: Ja wis bern, fansels! Freegje mar raak, hear.

Margje: Snúft tante koke?

Lorraine: Watsei?

Regina: (seit neat, sjocht Lorraine inkeld oan; seit dan freegjend sûnder lûd noch ris ‘koke?’; as Lorraine, wat ferbjustere, neat seit, behoarlik lûdop:) KOKE?

Lorraine: Koke? Och leave, of ik.., of ik koke snúf, fregest my? Koke? Hastó dat wol ris brûkt, Regina?

Regina: Wis wol! Mar mem net. En dat moat mar sa bliuwe, fynt tante ek net?

Lorraine: Soa, famke, bisto dyn moeder’s hoeder?

Regina: Tante is aardich fier hinne mei dat snúfjen, hin? Ik ha it wol yn de gaten!

Lorraine: Tûk fan dy, hartstikkene tûk fan dy. Ik hie it witte kinnen, hin? Amsterdam, ferdivedaasjekeunsten…, dêr wurdt in jongedame tûk fan.

Regina: Mem fynt drugs it portaal nei de dea ta.

Lorraine: Krekt! Krekt! Bliuw der fier fan fuort, famke! Don’t you ever use snow! Ik sil it dy sizze, Regina dear, net dwaan! Net dwaan. En ík moat ek gjin line nei de dea. En ek net mei it libben. For that matter. Ik ha it net nedich, Regina, ik ha it net nedich, ferdomme. En wêrom? Wêrom? Omdat ik it op eigen krêft doch, Lorraine. Alles, myn hiele libben al moat ik my de longen út it liif sjonge. Foar de hiele wrâld oer. En dan dit noch, Regina: watst net kenst, kinst ek net witte! Hearst it! Witst der neat fan, neat, damnit!

Regina: (dimmen) Ja, tante…

Lorraine: Kom hjir ris, leave. (spriedet har eamen en Regina lit har omearmkje) Do snotnoas. Myn Amsterdamned lyts snotnoaske. (Regina makket har los en rint wat oerstjoer nei de doar fan de baaikeamer, nimt har mobyltsje mei. Kloppet op de doar)

Regina: Is mem klear? Ik moat sa nedich.

Margje: (komt út de baaikeamer OP, klear om nei it restaurant te gean; Regina OF yn baaikeamer)

Lorraine: Bist der ree foar, Margje?

Margje: Ik wol, ja. Do ek?

Lorraine: Och, iten…

Margje: Hast gjin honger?

Lorraine: (laitsjend) Honger? Honger, Margje?

Margje: Oh ja, dat is ek sa…

BEIDE: ‘…Honger? Dat hiene wy yn de oarloch. Jimme witte net wat honger is…’

Lorraine: As fanâlds.

Margje: As fanâlds. Lorraine, ik woe dy noch wat freegje.

Lorraine: Oh nee, hè.

Margje: Hiest ynfloed op it gearstallen fan dit programma?

Lorraine: Wat tinkst? Fansels net. Sels Christa Goldschmidt, ús ferneamde diriginte net. Mar sy hat der wol foar soarge dat ik hjir bin. Sy wol it froulike…

Regina: (OP út baaikeamer wei) Brussel, de hort op!

Lorraine: …it froulike elemint heech sette, tsjinoer alle manlike masjinaasjes om ús hinne. De lieten? Witste, Margje, wy keunstners binne it gewisse fan de tiid. En wy sjongers de trûbadoers fan alle tiden. Want as de leafde in stimme hat, en de dea ek, dan moat it libben foaral besjongen wurde. Kom op, let’s go eat, Margje, yn it restaurant, hjir ûnder. Dinnertime!

Margje: No, Regina famke, genietsje mar, soe’k sizze, fan dyn Amstrong. Appst my noch, leave, letter?

Regina: Jaaaa!

Alle trije OF. Regina nimt har jas mei. It ljocht dimmet. Tsjin de achtermuorre
propagandafilm fan IS dy’t opropt om te fjochtsen foar it Kalifaat en/of
oanslagen te dwaan yn de westerske wrâld.

 

TREDDE AKTE
(OP Lorraine en Margje. Margje hat tefolle dronken, is wat besnústere, en duort no ek mear. Lorraine is wurch)

Lorraine: Ja, mar de kat siet dy mûs achternei oant yn ’e tinte ta en dy koe fansels gjin kant mear út en ….. (giet fuortdaliks sitten yn in fauteuil)

Margje: en tocht doe dat er my de piama ynkrûpe koe. Och heden, wat skrok ik! En wat wie ik bang! Bin noch hieltyd skitende benaud foar dy misbaksels. Aaklike kringen binne it, mûsen.

Lorraine: (faait swit fan de holle) Ik hear dy noch skrieming, hoe hjit dat, gjalpen. Sprongst echt in gat yn de lucht.

Margje: Nea mear kampeare wollen, neat foar my.

Lorraine: Dat ha ik murken, ja, doe yn Amearika. Durk en Regina woene wol mei my de natûr yn, mar do net.

Margje: Tsja Dirk, Dirk dy woe en dy wol fan alles, mar as it der op oan komt sil en kin er neat. Suertsje! Hy kriget neat mear foar inoar.

Lorraine: (koartôf) Ja ja, dat wit ik no wol. Dêr hawwe wy it oan tafel al genôch oer hân. Hjir biste by my. Dy Durk fan dy kin gearstome down dêr yn Texas, wat dat oangiet. En do, akseptear no ris datsto hjir fannacht by my sliepest!

Margje: Ja mar…

Lorraine: Neat gjin ja mar. Ik wol dy no hjir by mý hawwe.

Margje: Och Lorraine, en do, do draaiste der hjoed alle kearen wer in kont oan, ferdikkeme. (knibbelet foar Lorraine oer en leit de earmtakken op Lorraine har knibbels) En dat sit my hoe langer hoe mear yn de wei, datst dat dochst, Lorraine. Sis it dan, sís it dan, do bist siik, hin?

Lorraine: (skoot nei puntsje fan de stoel, jout har foaroer en leit har hannen op de skouders fan Margje) Siik, ikke?

Margje: Sjoch dan hoe’st der by sitst. As in dweil!

Lorraine: (sjocht Margje wat langer yn de eagen) It sit my yn ’e lea, famke. En it wurdt al mei de wike slimmer. A.L.S.

Margje: A.L.S… dus gjin kanker? Sorry…

Lorraine: Ja kanker, dát soe moai wêze, dat soe hiel moai wêze. Kanker hat teminsten noch medikaasje, mar A.L.S. net. Mei kanker meist noch hoopje, net dan? Yn it begjin. Mei A.L.S. net. It bin fûnise, Margje, en finished! Se jowe my noch trije, fjouwer, fiif jier. Dan ist es schluss! Over and out. No mei ik myn lieten sjonge oer myn eigen dea. En oer God, dy’t ik no o sa nedich ha. En dy’t ik mar net fine kin. (Margje leit har holle op de knibbels fan Lorraine, dy’t har oer it hier striket) Witst wat it is? Siik wêze dochst net allinne. Kínst net allinne dwaan. En as ik God net fine kin, myn leave skat, dan ha ik dy nedich. Ik bin skitende benaud. Foar de shades of night. Foar it ferdwinen fan this endless light. No bin ík skitende benaud, Margje. Das ich mich nicht verirre in dieser Einsamkeit. Hoe hast dat oersetten, leave, fan ’e wike?

Margje: Dat ik mar net ferdwaal yn dizze iensumheid.

Lorraine: O weiter, stiller Friede, so tief im Abendrot.

Margje: O wide, stille frede, sa djip yn’t jûntiidsrea.

Lorraine: Wie sind wir wandermühe, ist dies etwa der Tod?

Margje: Wy binne it swalkjen sêd, is dit sawat de dea?

Lorraine: Ich muss pinkeln. Die Natur moat har gerak ha.

Margje: Ik moat pi…, och hâld op, ju. (komt oerein en is sichtber emosjoneel)

Lorraine: En dan bin ik klear om op bêd te gean. En der nea wer ôf te kommen. Ik bin it swalkjen wol sa sêd. No al. (OF nei baaikeamer)

(Margje faait triennen út ’e eagen, stoareaget nearne hinne, rommet ynhâld
koffer yn de kast, leit nachtguod op tafel om it aansens mei te nimmen nei de
baaikeamer. Leit I-pad op tafel. Dan drinkt se wat fan fleske út har koffer.
Untdekt minibar en pakt/iepenet fleske alkoholysk, drinkt dat steande út de
flesse wylst se de doar fan baaikeamer yn de gaten hâldt. Der wurdt oan de doar
kloppe. Margje ferstoppet flesse en docht doar iepen. OP Regina.)

Regina: Ik wie myn koffer en rêchsek ferjitten. (snúft en rûkt alkohol) Wy hawwe hiel lekker iten, John en ik. Hiel lekker. Stoofkarbonaatsjes yn bier. Grimbergen bier, dat is it lekkerste, seit John. Wêr is tante?

Margje: Dy is wurch, dy wol sliepe, dy is siik, dy is hartstikke siik.

Regina: Hie’k it net tocht?

Margje: (flústerjend mei it each op de baaikeamer) A.L.S.

Regina: A.L.S, dêr ha ik wol ris wat fan heard, ja. Dêr swimme se foar, dochs. Yn de grachten fan Amsterdam.

Margje: In hiel slimme sykte, se hat noch heechút fiif jier.

Regina: Mem! Oooh, wat freeslik! Och dy tante. Mar mem, John sit op my te wachtsjen.

Margje: Wêr? Hjirre? Wêr is er, ik wol him sjen.

Regina: Under, yn de lobby. Alles op syn tiid, mem. Wy sille no nei in coole party! Doch tante Lorraine de groeten, de skat, ik sjoch har moarn wol wer. Dan krijt se in dikke hug fan my. Doeidoei! Net téfolle drinke, hear! (OF, mei kofferke en rêchsek; Margje rint nei it raam en sjocht út oer de strjitten. Pakt dan flesse mei drank en papieren mei oersettingen, iepenet I-Pad en docht as sjongt sy As with rosy steps the morn. Drinkt no en dan streekrjocht út de flesse.
Wylst it ljocht dimmet heart it publyk As With Rosy Steps The Morn út de opera
Theodora, mei de stimme fan Lorraine Hunt Lieberson. LINK

As with rosy steps the morn,
     Advancing, drives the shades of night,
     So from virtuous toils well-borne,
     Raise Thou our hopes of endless light.
     Triumphant saviour, Lord of day,
     Thou art the life, the light, the way!

Allinne de muzyk, net it byhearrende filmke. Op it projeksjyskerm bylden fan jezidyske flechtlingen op in berch. Fryske oersetting fan As With Rosy Steps The Morn ûnder de bylden fan it filmke oer de flechtlingen

 

FJIRDE AKTE
(OP út baaikeamer wei Lorraine, yn nachtklean en ochtendjas. Margje ferstoppet flesse en hâldt beskamsum op mei sjongen. Ljocht bliuwt dimme. Sûnder wat te sizzen rint Margje nei Lorraine, omearmket har en rint dan fierder de baaikeamer yn = OF. Lorraine rint nei de lessener en lêst Fryke tekst fan As With Rosy Steps The Morn lûdop foar (as aktrise goed sjonge kin, sjongt se de tekst akapella).

Lorraine: O sa roazich stapt de moarn
Nei foaren, driuwt it skaad mei nocht,
Want út deugdsum skaai hiel skoan,
Jow Jo ús hoop’ op einleas ljocht.
Almachtich heilân, Hear fan dei,
Jo bin’ it moed, it ljocht, de wei!
O sa roazich stapt…

Oh Margje, Márgje. Dit rint fan gjin kant. (ferskuort it papier in pear kear en lit it op de grûn dwarrelje). Prutswurk! Wiest dronken, doe’st dit oersette? (sjocht streekrjocht it publyk yn) From virtuous toils well-borne. Ut deugdsum skaai hiel skoan… Sa set Margje it oer. Ik wit noch dat Margje en Regina by my wiene, upstate New York, trije jier nei it autoûngeluk fan Peter. Regina in jier of sân, acht? Om ús hinne de bergen fan de Adirondacks. En op in hiel waarme dei, bloody hot wie it, riden wy tegeare, Regina en ik, fjirtich myl de bergen yn, nei Indian Lake. Dêr hawwe wy swommen. Skinnydiving. In the middle of nowhere hast gjin swimpak nedich. It wetter wie kritende kâld, mar Regina wende der fluch oan. Och dat famke, se koe sa goed dûke en ûnder my troch swimme. Se wie al sa moai, Regina, sa linich, sa ljochtsjend. From virtuous toils well-borne. Ja wis! Dat moat ik doe perfoarst tocht hawwe. Sa fry, sa stoertsk moai en gjin poeha. Nature at her best, sa hie ik it yn ’e gaten. Ik tink dat ik dy dei myn libben wer oppakt ha, dat ik dy dei as fansels wer bliid wêze mocht. Ik ha doe, dêr, yn de Adirondacks, de dea ynpakt en fierwei fuortsoald! En ik koe wer sjonge! (yn de fierte begjinne syrenes, dy’t stadichoan tichterby komme) Regina, yn dat wetter dêr. (Lorraine bliuwt noch efkes stilstean, wylst Margje OP. Margje hat in piama oan, lengte krekt boppe de knibbels, koarte mouwen)

Margje: (Pakt stikjes papier op fan de flier, no is ek it wjerskynsel fan blau swaailjochten te sjen) Is it sa min, myn oersetting?

Lorraine: Ehhh, ja. Te houterich. No is dy Ingelske tekst ek net sa briljant fansels.

Margje: Te stiif? It Frysk is sa musikaal.

Lorraine: Kin wêze. Mar dit net. Ik bin tink tefolle wend oan de Ingelske ferzy.

Margje: De psalmen yn it Frysk binne machtich moai.

Lorraine: Hoe komst dêr sa by? Kenst dy dan?

Margje: Ik mei God dan al lang kwyt wêze, mar ik ken myn klassikers, hear. Set de psalmen yn …

BEIDE: lit de trommen hearre
by de tamboeryn
want de moanne is rûn
Dûnsje troch de jûn
jong en âld tegearre

Lorraine: Yn ús fak moat it ék net sasear fan de teksten komme. Mear fan de melody, en foaral fan it sjongen fansels, fan ús sjongers.

Margje: Wat ís dat dochs, al dy sirenes!? (sjocht út it raam) It stikt dêr fan de plysjeauto’s. (pakt har mobyltsje fan de tafel en besiket Regina te skiljen. As der gjin gehoar is dan sjocht se Lorraine ferheard oan) Se nimt net op. Oh jee.

Lorraine: Och kom, net fuortdaliks it slimste tinke.

Margje: Tsja, in mem, hin.

Lorraine: Dyn dochter, Margje, út deugdsum skaai sa hiel skoan, dy rint yn gjin sân sleatten tagelyk, hear! Dy kin swimme as in wetterrôt. Ik tocht der niis oan dat it krekt Regina wie dy’t my doetiids dêr yn New York wer sjongen liet, nei Peter syn dea.

Margje: Hast har dat ek ferteld?

Lorraine: Nee. Nee, dat sil ik har moarn sizze. Hat se nóch in claim to fame.

Margje: Dy fertsjinnet se.

Lorraine: Ja. En ik bin fan doel om fan no ôf oan, en foaral nei it konsert, allinnich mar te sizzen en te dwaan wat ik sels wol. Dat tocht de dea mei dy, nou ja, mei my dan.

Margje: Nei dit konsert? (besiket wer Regina te skiljen)

Lorraine: Myn lêste konsert, Margje. Wat tochtst? En dat sil ferdomme noch in hiele toer wurde. Damnit. Dêrnei is it ôfrûn. En dus ek mei de shit en it moaiwaarjen. Gjin fratsen en ferlechjes mear. Dizze lêste jierren binne fan mysels. And my bucketlist. Foar oare saken ha ik gjin tiid mear.

Margje: (wer gjin gehoar, leit mobyltsje fuort en rint op Lorraine ta) Och Lorraine, it begrut my sa…

Lorraine: Gjin begrutsjen. Ik wol dyn leafde. Ik ha dy nedich! (pakt Margje har holle yn beide hannen en sjocht har yn de eagen) Yn myn earmen. Ik wol dyn earmen om my hinne, dyn antlit foar myn eagen, Margje. Ik wol burgen bliuwe. Yn dyn lijte.

Margje: (sjocht Lorraine setsje oan) Och heden! (makket har los fan Lorraine) En hoe hiest dat tocht? Do dêr en ik hjir? En Dirk dan?

Lorraine: Dy Durk fan dy is net folle soeps. Seist it sels. En dy sit fier fuort.

Margje: Wat ís dit? In soap? (hurde knallen bûten, lju gjalpe)

Lorraine: Holy shit! (efkes stil, dan lûdere sirenes, mear blauwe swaailjochten)

Margje: Regína! (besiket Regina wer te skiljen)

Lorraine: (rint nei it rút ta) Oei, dit is slim, Margje. Plysje, brânweer, ambulânses. Sjoch dêr, dêr drave minsken de oare kant op. Oh my God! (besiket troch it rút rjochts de oare kant op te sjen, de kant fan de seal út. Rjochts achter yn de saal ontploffingen út in lûdsprekker, toanieldamp út in ferstuver) Ai, dit komt ferrekte tichtby. Wat seit it nijs? Wat is der op de telefyzje? (rint hinne-en-wer) Wêr is dat ding? Is der ek gjin radio hjir? Wat is dit foar in shit hotel?

Margje: Gjin gehoar. Mar hjir, op de webside fan De Standaard… in ûntploffing, tinke se. In bomoanslach wierskinlik! Hjir, by ús om de hoeke! It metrostasjon. Lorraine! (rint nei it rút) Dat is dêr, dy kant út, nei it stasjon, de kant op fan Regina har hotel!

Lorraine: Oh my God! (stiet no ek foar it rút, nêst Margje)

Margje: Moat ik nei bûten ta? Har sykje?

Lorraine: Nee, hat gjin sin. Witst net wêr’t se is. En ik tink datst it hotel net iens út meist. Sels net út kinst.

Margje: Regina, Regina, Regina, wêr bisto famke…

Lorraine: (leit earm om Margje har skouder, sa bliuwe se in setsje stean) Wat sei ik niis, Margje? Dat ik dy sa nedich hie? (tutet Margje yn de nekke) Dat ik burgen wêze wol yn dyn waarmte? Aardich egosentrysk, net? Sorry, leave. Allemachtich! Dit moat skriklik wêze, dêrginder.

Margje: Sjoch, dy helikopter dêrre. En in sykljocht.

Lorraine: Se ha my warskôge, kunden yn New York. It is dangerous, seine se, in Europe. Mar net foar my, sei ik. It soe wol sa stom tafal wêze as it my treffe soe, sei ik. En sjoch no ris, damnit!

Margje: Do bist net iens in slachtoffer! Wy binne inkeld mar taskôgers, hjir boppe.

Regina, bélje no, ferdoarje! (we hearre draven op de gong, dan wurdt der earne op in doar bonke. Lorraine rint nei de doar en iepenet dy)

Lorraine: Soldaten! With rifles! Yn de gong. Se stappe de keamer hjir nêst yn. Oh my God, snipers. (docht de doar wer ta, ademet djip) Twa Snipers, hoe neamst dat? Skerpskutters? Mei sa’n teleskoop op ’e loop.

Margje: Ik klaai my wer oan. Hâldsto myn telefoan yn de gaten? (Margje OF nei de baaikeamer ta)

Lorraine: (lûkt ochtendjas tichter om har hinne; se rillet, pakt partituer, giet safier mooglik fan it raam ôf stean, achter it bêd, sjongt -of deklameart- stikje Dútske tekst út it lêste liet (Im Abendrot) fan de Vier Letzte Lieder)
Wir sind durch Not und Freude
gegangen Hand in Hand;
Das wir uns nicht verirren
in dieser Einsamkeit.
O weiter, stiller Friede!
so tief im Abendrot.
Wie sind wir wandermüde
is dies etwa der Tod?

Lorraine: (Margje har mobyltsje giet ôf -It liet fan de ierde as ringtone-) Margje? Margje! (Margje reagearret net, Lorraine nimt mobyltsje op) Regina? Lorraine. Regina? (stimme fan Regina is goed te hearren, mar in soad achtergrûn gelûden; Regina gûlt)

Regina: Mem? Mem? Ik bin…

Lorraine: Nee, ik, Lorraine. Dyn mem is…

Regina: Tante, freeslik, freeslik… Ik sjoch neat, allegear reek, minsken dy’t skreauwe, John, John (Regina praat troch mar dat is net te ferstean want Lorraine is nei de doar fan de baaikeamer en slaat op de doar en seit:)

Lorraine: Margje! Telefoan! Regina!

Regina: Bloed, allegear bloed, dea…, dea…

Lorraine: Wat seist, wat seist? (OP Margje út baaikeamer wylst se rits fan har rok heech lûket) Hjir is dyn mem. (jout mobyltsje oan Margje en bliuwt Margje skerp oansjen)

Margje: Regina, wêr bist… wêr bist?

Regina: Yn it metrostasjon. Allegear reak hjirre, ‘k sjoch neat. John leit hjir foar my. Hy is rekke, beweecht net. Der wurdt sketten, earne. It hâldt net op, mem. It hâld mar net op. Ik kin gjin kant út. Allegear bloed. Mem, bin sa bang! (Dan in lûde knal = ein ferbining, publyk heart toanen fan gjin ferbining; Margje bliuwt ferslein stean mei mobyltsje yn de hân. It blauwe ljocht fan swaailjochten. Beide froulju omearmkje inoar. Ljochten dimje stadichoan.

MUZYK: lêste strofe fan it lêste liet (Der Abschied) fan Das Lied von der Ierde mei Fryske ûndertiteling. FILM: kompilaasje fan ferskillende oanslagen fan de lêste tiid, ôfwiksele mei bylden Earste Wrâldoarloch.

Die liebe Erde allüberall
Blüht auf im Lenz und grünt
Aufs neu! Allüberall und ewig
Blauwen licht die Fernen!
Ewig… ewig…
Ewig… ewig…
Ewig… ewig…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *