It perspektyf fan in iere moarn

Hy woe net fuortdaliks sjen hoe let it wie, doe’t er yn de klamme nacht in twadde kear it bêd út moast. Earst woe er de tiid ynskatte, rekkene mei de fal fan it ljocht, de lûden fan bûten en hoe lang hy tocht dat er sliepen hie. Meastentiids hie hy er wol aardich de roai oer en dat wie dan wer in opstekker tsjin it Mûnster fan Alzheimer. Fiif oere. Hy siet der in kertierke nêst.

Troch it iepen finster fan de badkeamer hearre hy, fier fuort, it libben fan de moarnsfûgels. It soe opnij in waarme dei wurde. Ik moat nei bûten ta, tocht er ynienen, ik moat daliks it opkommen fan de sinne sjen, de stilte hearre, ien wêze mei de natuer, bliksem. No hie er sokke prakkesaasjes wol faker, mar alle kearen wie er te loai en te passyf om der wurk fan te meitsjen. Of it wie it fersliepen of it noflik lizzen op it nije komfortmatras of it wiene syn betingsten oer de frou dy’t net witte soe wêr’t er wie, of, slimmer noch, wêrom er it die. It ôfrûne jier gie er der wol ris yn de iere moarn ôf om te skriuwen. Dêr koe se noch wol begrip foar ha, mar om samar yn it healtsjuster it hûs út te fleanen wie in hiel oar sjapiter, alteast sa ynterpretearre hy, yn it foar, de mooglike opfetting fan de frou. Sokssawat soe er mei har beprate moatte, wist er. Earst mar ris tee sette.

Teletekst hie as wichtichste nijs dat Trump him in bytsje fersprutsen hie, dêr yn Helsinky. Dy ynkompetinte keardel hie Alzheimer, koe net misse. Fierder wiene der dizze kear mar trije nije Wordfeudsjes, fan Bessy fansels. Hy wie der gau mei klear, wylst er wachte op it sieden fan it teewetter. Syn eigen kop tee liet er yn de keuken stean om ôf te kuoljen, dy fan de frou naam er mei nei boppen ta.
Doe’t er de earste kear by har sliepte fertelde se him dat se in hiel lichte sliepster wie: it skiten fan in mich op de finsterbank makke har noch wekker. Mar dat wie in fjirtich jier lyn. Hy wist, nei al dy jierren, presiis wannear’t se sliepte of net, it stadich en lûd sykheljen sei him no genôch.

Har tinne pyama lei kreas opteard nêst it kjessen. Se lei op har side nei it raam ta, der foel ljochtskynsel op har nekke en bleate rjochter skouder. Hoedsum pleatste hy it kopke op it bêdtafeltsje. Hy liet it yn him omgean en tútsje har hier, mar safier kaam it net om’t er fielde dat hy prûste moast. Wol fergeemje noch ta, dat hie er no alle kearen as er wat eroatysk yn gedachten hie. Hy koe noch krekt de noas tichtknipe doe’t er prûste. Hy rûn nei syn kant fan it bêd ta. Bist der fan ’e moarn mar betiid by, sei de frou en se hearde sa wekker as de wacht. Hy fertelde dat er earst fan doel wie om yn de tún de sinne op te wachtsjen, mar dat er no net sa goed mear wist wat er moast. Dat fernaam ik, sei se, mar ik wit it wol. Se kearde har nei him ta, slûch it dekbêd iepen en skonk him de romte tusken har boarsten.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *