It Utertsk perspektyf

Mei ús skriuwerskollektyf komme wy, skriuwers fan om utens, om de twa moannen in wykein yn de omkriten fan Utert byinoar om op sûne distânsje fan Fryske grûn en gedonderjei te petearjen oer de essinsje fan it skriuwen yn ús moerstaal. Om de stimming deryn te krijen begjinne wy steefêst sneontemiddeis om fjouwer oere presys mei in oere sjongen út de fiifde druk fan it Algemien Frysk Lieteboek fan âlde en nije sangen, om dêrnei o frede en gjin ein grutsk te sitearjen út it meast magistrale fan it nijste eigen wurk, want de iene nei de oare yn ús yllúster selskip mei o sa graach it eigen lûd hearre.

Nei de pizza of de paella -mar dan binne wy al fier de jûn yn-, bekfjochtsje wy as mosken yn it sân oer bygelyks nut en needsaaklikens fan it yn ferset kommen tsjin de misstannen dy’t folgje út neo-liberale kapitaalferneatiging fan oerleverjende wearden, skriuwe wy opnij in haadstikje yn ús snústerich fraachleardersboek oer bygelyks hokker foarm it meast ferfryskjend is: suverheid of suverens, of krimmenearje wy oer de flaplûken en falkûlen fan it skriuwen fan eroatyske teksten. Guon sykje dêr yn de frijheid fan keunstsinnige krêftfjilden it uterste fan de paslikheid op, of geane der rebelsk oer hinne, oaren bliuwe leaver binnen it feilige frame fan boargerlike gefoelichheden.

Soms sis ik ek wolris wat. Op ús lêste gearkomste ferline wike frege ik my yn oprjochtens ôf wat foar my as hetero-man op jierren mooglik morele ymplikaasjes binne by de beskriuwing fan seksuele hannelingen tusken frouwen ûnderinoar. Ik fertelde dat ik aardich op gong wie mei in ferhaaltsje oer twa fammen, dy’t tegearre ûnder mear de leafde en de lichaamlikheid ûntdekke. Hoe oprjocht is it, frege ik skruten, en ‘kin ik it meitsje’, om út myn fantasy wei yn details sok in yntimens te beskriuwen, in ynlikheid dêr’t ik feitlik gjin weet fan haw?

Ik hie witte kinnen dat as ik skriuwers wat freegje, ik de fragen dûbeld werom krije sil. It binne krekt minsken. It selskip fan fjouwer frouwen en trije mannen, de iene mei noch mear ûnderfining as de oare, gie der ris goed foar sitten. Se fregen my it himd fan it liif en de broek fan it gat. Want wat wie ik no eins fan doel mei dit ûnderwerp, op dizze wize en mei dizze persoanen, en wêrom siet it my dwers? En siet it my eins wol dwers? As wiere coaches spegelen se my myn swakten, myn seurderich selsbeklach, myn ynterferinsjes en myn projeksjes.

No ja, de skriuwer moat it úteinlik sels meitsje, binnen de grinzen fan syn yntegriteit -of fan syn yntegerens, dêr wol ik mis nei wêze-, mar se hawwe tasein dat se it uterst doel en perspektyf fan myn fiersicht blinderse goed yn de gaten hâlde sille, myn Utertske kollektyfgenoaten. Ik doch it der foar.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *