Jan J. Bylsma / Ut: It forsin

“Sil wy nou mar begjinne mei it offisiéle fraechpetear? Dan lit ik de bân rinne, hear.”
“Oké!”
Marcel skeakele de rekorder yn.
“Dou hast, Rienk O Nanninga, dit jier de Homme Hindrikspriis woun. Dat is in greate eare. Sjochst it ek sa?”
“Ja, eare! Hwat is nou eare? Sjoch, ik sil dy sizze dat ik fansels bliid bin mei it jild en greatsk dat ik as skriuwer nou de heechste priis yn Fryslân krigen haw. Mar it aldermoaiste fyn ik dat myn fijannen noch lilker op my wurde. Dat is prachtich.”
“Hast dan dyn fijannen nedich?”
“Dat hat elkenien om himsels better to begripen, mar ik ha tige forlet fan har, hwant sy ynspirearje my ta machtige siden proaza.”
“Is it net hwat heechmoedich om fan jinsels to sizzen, dat men machtich proaza skriuwt?’
“Né, hwerom? Hwa’t te biskieden is, fortsjinnet fortrape to wurden. Mei de underdog haw ik neat út to stean. Ast hwat skriuwst, moatst sizze doarre: dit is myn wurk, dit is it bêste oant nou ta en hwat’t it net mei iens is, dat is in kloatsek.”
“Dou doarst it wol to sizzen.”
“Omdat ik wit dat ik gelyk haw. Hwa’t net foar syn eigen wurk ynstiet, kin wol ophâlde mei skriuwen. Dan is de kunst net tsjinne.”
“Dan fielst dy dus wol kunstner?”
“Ja wis en wrichtich wol! Hwat bin ik oars?!”
“It hat der nochal om spand datstou de priis krije soest. Kees fan Bier hie’m krekt like goed fortsjinne.”
“Kees is in goeije skriuwer en hy hie de priis om my ek wol hawwe mocht. Mar ik haw’m sels leaver fansels. En Kees fortsjinnet genôch.”
“Hwat fynstou fan Kees syn wurk?”
“Flot, en goed forteld, mar syn problemen binne to maklik. Hy jowt himsels der net yn. Ik leau ek net yn dy simpele haedpersoanen yn syn boeken. Dat binne fierstento domme minsken. Domme minsken bestean net, naïve wol.”
“Dat bigryp ik net, Rienk?”
“Dat kin ik ek net neijer forklearje. Yn alle gefallen hoechst gjin boek to skriuwen oer domme mantsjes. Boppedat, as Kees oer seks bigjint, is hy fierstento gau útpraet. ’t Is krekt, oft hy dêr in bytsje binaud foar is en dat bigryp ik net.”
“Dat bistou alhiel net.”
“Né, dat is wier, hwant neffens my binne seks en de godstsjinst it wichtichste foar elkenien.”
Underwilens wie Gryt wer súntsjes de keamere ynkommen en gie oan ’e gong mei wat forstelwurk.
“Ik kin my yntinke dat in hiele protte minsken har net safolle bikroadzje om ’e godstsjinst, Rienk.”
“Dat binne dan barbaren dy’t it wûnder fan it libben net bigripe en mei sokke lju haw ik neat oan ’e pet. Sokken ken ik net en wol ik ek net kenne.”
“Dat is nochal diktatoriael.”
Rienk wie wer dwaande in swart sjekje to draaijen, syn safolste yn koarte tiid.

It forsin, roman /  Drukkerij en Utjowerij Laverman N.V. , Drachten 1967, side 56-57

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *