Jaroslav Hašek: De aventoeren fan de brave soldaat Švejk: ûnder tsjinst

Yn de tiid dat de bosken lâns de Raab yn Gallisië it Eastenrykse leger oer de rivier wei seagen fuortflechtsjen en de difyzjes dêr ûnder yn Servje stik foar stik it pak op de hûd krigen dat harren al lang takaam, stie it It Eastenrykse Ministearje fan Oarloch har samar by dat der ek noch in Švejk bestie om de monargy út de niten te heljen.
Doe’t se dizze op de hichte brochten dat er him mei in wike op it Skuttersfjild te kearen hie om dêre medysk keurd te wurden, lei er op dat stuit wer ris ferrimmetike op bêd. Frou Müller wie krekt dwaande om yn de keuken kofje foar him te setten.
‘Frou Müller,’ sei Švejk sêftkes út syn keamer, ‘wolle jo hjir ris komme?’
Doe’t de kostfrou by syn bêd wie spruts Švejk op deselde sêfte toan: ‘gean mar efkes sitten, frou Müller.’ Syn lûd hearde wat heimsinnich-plechtich.
Švejk joech him muoisum oerein en ferkundige: ‘Ik sil by it leger.’
‘Heare godskes,’ krite frou Müller. ‘Wat wolle jo dêr no wer dwaan?’
‘Stride,’ antwurde Švejk mei in grêfstimmich lûd. ‘It giet nammentlik hielendal net goed mei Eastenryk. Dêrboppe tsjogge se al tsjin ús op nei Krakau en fan ûnderen op nei Hongarije. Se rôlje as in stoomwals fan alle kanten oer ús hinne en dêrom hawwe se my no oproppen. Ik ha it jo juster noch sa út de krante foarlêzen: dat fan dy donkere wolken, dy’t pakke boppe ús dierber heitelân!’
‘Mar jo kinne ommers fin noch fear ferwege!’
‘Dat makket neat út, frou Müller, ik sil gewoan yn in karke nei de keuring. Jo kenne de sûkerbakker fan om de hoeke dochs wol? No, dy hat sa’n weintsje. Jierren lyn ride hy er syn segrinige lamme pake dêrmei yn it rûn as’t dy in frisse noas helje moast. En no sille jó my yn dat karke de tsjinst yn ride!’
Frou Müller begûn te gûlen. ‘Kin ik net better efkes gau de dokter komme litte, mynhear?’
‘Jo litte nimmen kommen, begripen? Ik bin op myn skonken nei fan kop ta tean poerbêst kanonnefleis, en yn in tiid dat it misgiet mei Eastenryk hat eltse ynfalide ús lân troch alles hinne te ferdigenjen. En set no dy kofje mar.’
In pear dagen letter liet er frou Müller it karke fan de sûkerbakker regelje, in militêr haaddeksel en in rekrutekorsaasje. Švejk betocht dat er ek krukken nedich hie mar dy hie de bakker noch earne lizzen as oantinken oan syn pake.

En sa spile der op dy memorabele dei yn july 1914 in oandwaanlik staaltsje fan loyalens ôf: in âld frommes dy’t in ynfalideweintsje op har alfentritichst foar har útdreau, dêryn in manspersoan mei in skitend krekte kepie en in glimkpoetse embleem dy’t mei syn krukken siet te swaaien. En dizze man balte it út yn de strjitten fan Praach: ‘Op nei Belgrado! Op nei Belgrado!’
Hy waard folge troch in grutte kliber folk. Švejk hie de gelegenheid te konstatearjen dat de plysjemannen op ferskate strjithoeken foar him saluearren.
Op it Wenceslausplein groeide de kloft mei noch ytlike hûnderten koppen oan dy’t derop dondere om op ’e hoeke fan de Krakaustrjitte in studint mei in Dútsk korpspetsje ôf te huffen om’t er Švejk ‘Heil! Nieder mit den Serben!’ taroppen hie. Pas op de hoeke fan de Wetterstrjitte gripe de hynsteplysje yn en waard de hiele keppel útinoar jage.
Doe’t Švejk de wykynspekteur it dokumint sjen liet dat swart op wyt bewiisde dat er dy dei foar de keuring komme moast, seach dizze lichtsjes teloarsteld. Om fierder rebûlje te foaren te kommen joech er twa plysjemannen opdracht Svejk mei karke en al nei it Skuttersfjild ôf te konfoaien.
Oer dit hiele foarfal waard in dei letter yn de Pražské Uřední Noviny, de steatscourant fan Praach, it neifolgjend artikel ôfdrukt:

Patriottisme fan Gehandikapte
‘Justermiddei hawwe de foarbygongers yn de haadstrjitten fan Praach tsjûge west fan in tafreel dat in sprekkend tsjûgenis ôfleit fan de prachtige bewizen fan trou en oanhinklikens, dy’t ek yn dizze grutske en krúsjale tiden de soannen fan ús Tsjechyske naasje sjen litte foar de Troan fan ús Grize Monarch oer. It wie oft de tiden fan de âlde Griken en Romeinen weromkeard wiene, tiden wêryn in Mucius Scaevola him te striid draagjen liet, sûnder acht te slaan op syn tebrâne hân. De meast ferheven gefoelens waarden juster treflik fertolke troch in manke man mei krukken, dy’t troch syn âld memke foar har út dreaun waard yn in ynfalidekarke. Dizze soan fan it Tsjechyske folk liet him, nettsjinsteande syn lichaamlike handikap, frijwillich nei de militêre tsjinst ride om foar syn Keizer goed en bloed te offerjen. It feit dat syn gjalp ‘Op nei Belgrado’ in sa’n libbene wjerlûd fûn yn de strjitten fan Praach skinkt ús it bewiis dat de boargers fan Praach toanbylden fan leafde foarmje foar it Heitelân en harren Keiserlik Hûs.’

Deselde tinkwize hie ek it Prager Tagblatt, dat syn artikel ôfsleat mei de wurden dat de kreupele frijwilliger, sa krebintich as in kroare, begelied waard troch in mannichte Dútsers dy’t him mei harren lichamen beskerme tsjin it lynchbesykjen fan Tsjechyske Entente-aginten.
De Bohemie liet in soartgelikens berjocht mei de winsk gean de kreupele patriot te beleanjen en kundige oan dat de bydragen fan de Dútske boargers foar dizze ûnbekende yn ûntfangst nommen wurde soe op it kantoar fan de krante.

Koe it lân fan Bohemen, teminsten neffens dizze trije kranten, dan al gjin nommeler boarger opsmite, de manlju fan de keuringskommisje hiene dêroer in hiel oare opfetting. En dan benammen Ofsier fan Sûnens Earste Klasse Bautze, in net te vermurvjen hearskip dat yn letterlik alles in misliedend besykjen miende te gewaarwurden om jin foar it leger, it front, de kûgels en de granaten wei te winen. Ferneamd waard foaral syn útspraak: ‘Das ganze tschechische Volk ist eine Simulantenbande!
Yn de rin fan tsien wike wurk hie’t er út 11.000 boargers 10.999 simulanten skifte – en ek de alvetûzendste hie’t er noch lyts krigen, as dizze geloksfûgel net krekt op it stuit dat de dokter tsjin him ‘Kehrt euch’ raasde in beroerte krigen hie.
‘Bring dy simulant mar wei’, sei Bautze, nei’t er konstatearre dat de man yndied stoarn wie.
En each yn each mei dizze figuer stie op dy bjusterbaarlike dei Josef Švejk – krekt as alle oaren stokneaken en dimmen besykjend syn bleatens te bestopjen mei de krukken dêr’t er op line.
Das is wirklich ein besonderes Feigenblatt,’ sei Bautze. ‘Soksoarte figebledsjes hiene se sels yn it paradys noch net.’
De sersjant-majoar seach de stikken troch en merkbite: ‘Ofkeurd fanwegen idioatens.’
‘En wat mankearret dy noch mear?’ frege Bautze.
Melde gehorsamst: ik haw rimmetyk, mar ik sil de Keizer tsjinje oan ik oant flarden skuord wurd,’ antwurde Švejk beskieden. ‘En ik ha opswolde knibbels.’
Bautze seach lilk op de brave soldaat Švejk del en raasde: ‘Sie sind ein Querulant!’, wêrop hy him ta de sersjant-majoar kearde en mei in izige kalmte spruts: ‘Den Kerl sogleich einsperren!’ En sa eskortearren twa soldaten Švejk mei de bajonet op it gewear nei de garnizoensgefangenis.
Švejk hinke op syn krukken mei en fernaam ta syn ûntsetting dat syn rimmetyk fuortluts.
Doe’t frou Müller, dy’t op de brêge nêst it karke yn de pine op Švejk stie te wachtsjen, dizze ûnder bewaking fan bajonetten gewaar waard, barste se wer yn snokkerjen út en liet it karke sitte om der nea wer nei om te sjen.

En dêr stroffele dan de brave soldaat Švejk beskieden as altyd ûnder it eskorte fan de wapene hoeders fan de steat. De bajonetten skittere yn it sinneljocht. Oankommen op De Lytse Side kearde Švejk him foar it stânbyld fan maarskalk Radetzky nei it folk ta dy’t him folge en raasde:
‘Op nei Belgrado! Op nei Belgrado!’
En maarskalk Radetzky eage dreamerich fan syn sokkel del op de brave soldaat Švejk, dy’t mei de rekrutekorsaasje op syn kolbertke fierder strompele op syn antike krukken, wylst in skynber weardich hear oan it partij folk om him hinne betsjutte dat hjir in ‘deserteur’ opbrocht waard.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *