Kontaktadvertinsje

‘Meist lang wêze of lyts, al of net kalkneils of in keunstknibbel hawwe of do bist sa’nen-ien dy’t twa kear wyks allinne by it hierwaskjen ûnder de dûs giet: dat alles is my like folle. En ast no swart biste, brún of wyt mei twa ûngelikense sokken, âld of jong, earm of ryk, út de stêd of fan de klaai, bern ynbringst of net, ast no stiennenskrabber bist of fermogensadviseur, meager of grou, man of frou, ek dat is my om it even. Asto mar 1. serieus en fatsoenlik bist en 2. Frysk praatst en dreamst! Ik: frou fan 44, byldzjend keunstner yn de Wâlden, fytsfanaat en 1.90 meter, bi en blond, tûk en handich, belutsen en belêzen en noch folle mear. Reagearje hjoed noch op dizze blog.’

‘Wat moat ik hjirmei, Lea?’
‘Wat fynst der fan? Ik ha der in hiele dei oer dien, dus sis net dat it neat is.’
‘Wêrom der net by setten datst yn de útferkeap leist en dat der gjin garânsje mear op sit?’
‘Net sa bretaal, hè. Ik bin dea-serieus.’
‘Ja famke, dat wit ik! Hoe faak hasto ús wol net ferteld fan dyn aventoeren op relaasjesites. Mar dizze healwize advertinsje?’
‘Healwiis? Healwiis? Dizze is oars as oars en stekt fier boppe it meanfjild út. It is krekt sa’t ik bin. Wat my yn ’e kop komt, komt my út ’e bek. En do skriuwst dochs in blog yn it Frysk? Moatst dit op dyn blog sette. Dan bin ik der yn alle gefallen wis fan dat in Fries dit lêst. Ik wol gjin Brabanners mear of slûgerts út Utert. Ik wol ferdomme in Fries dêr’t ik gewoan yn myn eigen taal mei neuke kin.’
‘No, sa kin it wol wer, net? Bist sa wanhopich?’
‘Ik wanhopich? Wêr hellest dat no wer wei?’
‘Bist 44, of net dan?’
’47. Mar ik fiel my heechút 44.’
‘Krekt. En mei in ûntsachlik grut ferlet oan in bestindige relaasje. Dat witte wy fan de fytsklup allegearre. Hoe kinne wy dat nét witte. Witsto oars hoefolle minsken myn blog lêze? Noch gjin twa deis.’
‘Ja, mar dat binne dan wol hiel keunstsinnige minsken, lju fan myn slach en fan myn jierren. Krekt de goede doelgroep, marketing-technysk besjoen.’
‘Dat falt dy dan smoarch ôf, want ien fan dy twa dat bin iksels. Of in kunde of ien myn broers. En dêr moasto fier fan bliuwe, hast dat begrepen? Mar wêrom setst dyn treflike advertinsje net yn De Moanne? Hiel keunstsinnige tipen en dat hat folle mear lêzers as ik. Mei ik hoopje.’
‘Dat sil hartstikke djoer wêze en by dy kin ik it foar noppes pleatse, of net dan?’
‘Gjin advertinsjes op myn blog, Lea.’
‘Dan makkest der mar in ferhaaltsje fan. Dêrom hast dochs dy blog? “Om meters te meitsjen mei it skriuwen en te eksperimintearjen mei foarm en ynhâld”. Dyn eigen wurden.’
‘Ha ík dat tsjin dy sein?’
‘Tsjin ús allegearre, hjir yn de kroech nei it fytsen. En net ien kear, wol tsien kear. Is it net sa, jonges? Sjochst wol? En do hast it oer myn deiliks eameljen mei dy mantsjes fan my!’
‘Lea, kinst net folle better by ien fan de elf fonteinen stean gean? Dêr komme in protte minsken op ôf. In hiel soad spuiters! Dat soe marketing-technysk besjoen foar dy hiel wat better wêze. Myn broer yn de belettering sil fêst wol foar in skaplik priiske sa’n sandwichboerd mei dyn needgjalp meitsje wolle.’
‘A: ha ik in fergunning foar nedich, B: dat kost my wer klauwen fol jild, C: sa soe ik ûnderdiel wêze fan dat LFKH en D: ik bin yn natuera LGBT. Ah ju, doch net sa strontferfelend, set it gewoan op dyn blog!’
‘Lea, wy sille moarn trije wike op fakânsje en dan wol ik eefkes hielendal neat mei skriuwen te meitsjen ha.’
‘Set it der dan hjoed noch op en dan sille wy de takommende trije wike wol sjen hoe’t it fierder giet. De minsken kinne dochs reagearje yn it rûntsje ûnder de datum?’

2 gedachtes over “Kontaktadvertinsje

  1. Lea, sykje net fierder! Do hast him fûn, de man en meikeunstner dêr’st op elk momint fan de dei dyn hiele fierdere libben troch Frysk mei konsumearje kinst.
    De namme is Fried van Swieten.

    Moatst witte dat ik musikus bin. Fioelist fan it klassike soart, wurdt der wol sein. Ik spylje yn de Wâldster Fanfare en bytiden yn it Feanster Dweilorkest Hjoed Himmelje. Us Frysk Folksliet kin ik sliependewei fan achter nei foaren spylje. Foar dy meitsje ik der graach in leaflik jazzy nûmmer fan. Ik woe mar sizze, ik bin Frysk ta de teannen út en sa cool ast it hawwe wolst!

    Dyn ‘healwize’ advertinsje koe ik fannacht net fan my ôfsette! Ik lei mar te winen yn bêd, dat hjir sit ik, yn ’e piama om trije oere nachts om dy berjocht te dwaan. Bûten it fluitsjen fan de earste fûgels. Wat moat ik noch mear skriuwe? Niis koe ik it noch sa moai betinke.

    Ik praat Frysk en ik skriuw Frysk. Ik dream Frysk en ik spylje Frysk. Dat is ien.
    Twa: it serieus en fatsoenlik wêzen. Ik wol der net oer opsnije, mar ik kom út in âld en aadlik staach. Ien fan myn foarfaars, Gottfried Freiherr van Swieten, wie freon en opdrachtjower fan Mozart, de heale Bachdynasty, Haydn en Beethoven en folle net mear. Googelje mar. Gottfriet syn heit, Gerard út Leien, wie hôfarts fan Keizerin Maria Theresia fan Wenen. Dy sein heit… No ja, snapst it wol, tink? Ald en aadlik en sa degelik as in âld skoech. Kaiserlich und Königlich!
    En dêrom in degelik man, Lea, en as ik it al net wie dan bin ik it as musikus en komponist wol wurden. Yn de muzyk kinst der net omhinne stippe. Wannear mei ik dy in serenade spylje? The Lark Ascending, fan Vaughn Williams soe ik tinke. Sokssawat kin ik hiel aardich de fioel útstrike.
    En fansels bin ik fatsoenlik. Minsken dy’t dat net binne sitte wol sa aldertigenst yn myn allergy.
    Dus do bist ‘belutsen en belêzen en noch folle mear’. Mei ik dêr wat foarbylden fan ha?

  2. Dus jo wolle neuke yn it Frysk! Hoe dogge wy dat en wat sizze wy dan? Hup sûpengroattenbrij en ik sil dy wol krije? Ik wol der net omhinne wine, op boargerlikheid en fatsoenlikens ha ik it net sa bot. Do ek net, as ik dy wat taksearje kin. Komst ier of let garandearre mei eltsenien dy’t beart dat er fatsoenlik is freeslik oer de wei te lizzen.
    Ik hie al ris wat fan dy en jim fytsklupke fernommen. Dat jimme langer yn de kroech sitte as op de fyts en datsto der by it kultureel feestke dêr yn ús haadstêd aardich ynboarke bist. En datsto net sa fier fan my yn Tynje ôf wennest.
    Oanbean: man fan op it each 65 mar 45 yn gemoed en gemiensums, âld ûnderwizer mei haadakte, Fean- en Van der Veldefan, fytse- en fersemakker, net sa linich mar wol lykskonkich, seesiler, leafhawwer fan sjerpboltsjes, klinksnoerguodsjes en sjaratelsjelatine, warber strider foar de Frije Fryske Beweging, gouddoller en grut leafhawwer fan sûpengroattenbrij sa’t ús mem dat eartiids op tafel sette. Al it oare is net sa wichtich. No ja, ien dinkje dan. Nea oan de frou west, dus meist my ynride op syn Frysk.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *