Kurt Tucholsky: Der Mensch, dat wol sizze De Fries

De Fries hat twa skonken en twa oertsjûgingen: ien foar as it min en ien foar as it goed mei him giet. Dat lêste hjit kultuer.
De Fries is in mammochtich wringedier, hat in ûnstjerlike siel en ek, om him net oerdwealsk te meitsjen, in heitelân.
De Fries wurdt op in natuerlike manier produsearre -syn heit wie in greve en syn mem in ko-, mar hy fynt dat ûnnatuerlik en praat dêr leaver net oer. Hy wurdt makke, mar him wurdt net frege oft er wol makke wurde wol.

De Fries hat altyd al in nuttich wêzen west, want troch as slaven te krepearjen foar de feanbazen soarge hy dat de turfpriis heech bleau en troch as molk-en-bakman op it lân te tsjinjen dat de winst fan grutboeren oanwûn en sadwaande kultuer, keunsten en wittenskip befoardere waarden.
Nêst de fuortplantingsdrift en it ynstinkt om te keatsen en te reedriden hat de Fries twa hertstochten: swetse en net harkje. Soest de Fries eins definiearje kinne as in wêzen dy’t nea harket. As er ferstannich is docht hy dêr goed oan, want eat ferstannichs krijt er mar inkeldris te hearren. Dit is wat Friezen hiel graach hearre: beloften, flaaierige en wurdearjende wurden en kompliminten. By it sjerpslikjen is it riedsum om’t it op syn minst trije kear swierder te oerdriuwen ast it foar mooglik holden hast.
De Fries gunt in oarenien neat, dêrom hat er as earste en ienige it âldfrysk rjocht útfûn. Hy mei sels neat, dat oaren meie noch folle minder wat.

Wolst in Fries fertrouwe kinne, dan dochst der goed oan om boppe op him sitten te gean; dan kinst der noch aardich wis fan wêze dat er net fuortrint, teminsten foar’t salang it duorret. Guon fertrouwe op it karakter.

De Fries falt kwa komôf útinoar yn twa parten: in greidkaan dy’t net tinke wol en in wâldpyk dy’t net tinke kin. Beide hawwe sabeare gefoelens: de bêste manier om dy op te roppen is troch bepaalde senuwbanen fan it organisme te kiteljen. Yn soksoarte gefallen skiede guon Friezen Fryske poëzy ôf.
De Fries is in plante- en fleisfrettend wêzen; om sinteklaastiid hinne fret hy hjir en dêr ek wol ris in swart eksimplaar fan syn eigen soart op, mar dat wurdt troch it populisme wer goedmakke.

De Fries is in polityk wêzen, dat it leafst gearkloftsjend yn syn eigen ûnoerdraachber mienskip stiet. Elk homogene kloft hat de pest yn op de oare kloften -om’t dy oars binne- en is ek hatich op syn eigen kloft -om’t dy te eigen is-. Dy lêste haat wurdt heitelânsleafde neamd.
Ider Fries hat in lever, in milt, in pear longen en in pompeblêd; mei-inoar binne dy fjouwer organen fan fitaal belang. Der binne perfoarst Friezen sûnder lever, sûnder mild en mei ien long, mar Friezen sûnder pompeblêden bestean net.

It leafst wekket de Fries syn suterich fuortplantingsgedoch wat op en dêrfoar hat er ûnderskate manieren: kultuerdivedaasje, de taalstriid en Deputearre Steaten. Ienriedige Friezen binne der net. Der binne allinne Friezen dy’t in miening hawwe en Friezen dy’t gjin miening hawwe. Oer himsels hat de Fries gjin miening, en as er dêr al in miening oer hat, is dat yn alle gefallen hiel posityf. De Fries docht net ûnder foar himsels.

As de Fries fielt dat er gjin kant mear op kin, wurdt er eigenwiis en koppich en sa stomp as in boerd; hy moat dan oer alle boegen syn identiteit bewize. Dat wurdt freigong neamd. De ferskate taalgroepen beskôgje inoar as ferskillende rassen: frysktaligen binne gewoanwei ferjitten dat se ek hollânsk prate kinne, of se ferdomme hollânsk te ferstean, en hollânsktaligen begripe dat it tiidfergriemen is om Frysk te learen want it skriuwen is dreger as it ûntsiferjen fan it spikerskrift.

De Fries wol gjin oare talen leare om’t er wit dat hy dêr net fierder mei komt. Tinkt hy dat wol te witten dan docht hy it ek net graach, want oare kant de grins is te fier fuort: hy soe ris net wer werom komme kinne.

Fierders is de Fries in organisme dat kloppet, net sjonge kin en kletst as in hûn mei sân lullen. Ut en troch hâldt hy him koes, mar dan is er ek sa dea as in stien.

Nêst Friezen binne der ek noch Haachse politisy en Amsterdammers, mar dy hawwe wy noch net hân want dierkunde krije wy pas yn de oare klas.

Meidieling mei gefaar fan boete op lêst fan De Autoriteit Identeit, Friezingaweg 69, 2018 AF Amsterdam:
‘Dit lêste is gjin satire mar in stigmatisearjende foarm fan abjekte identiteitspolityk en dêr moatte alle Friezen fier fan bliuwe.’

********************************************************************

Der Mensch hat zwei Beine und zwei Überzeugungen: eine, wenns ihm gut geht, und eine, wenns ihm schlecht geht. Die letztere heißt Religion.
Der Mensch ist ein Wirbeltier und hat eine unsterbliche Seele, sowie auch ein Vaterland, damit er nicht zu übermütig wird.
Der Mensch wird auf natürlichem Wege hergestellt, doch empfindet er dies als unnatürlich und spricht nicht gern davon. Er wird gemacht, hingegen nicht gefragt, ob er auch gemacht werden wolle.

Der Mensch ist ein nützliches Lebewesen, weil er dazu dient, durch den Soldatentod Petroleumaktien in die Höhe zu treiben, durch den Bergmannstod den Profit der Grubenherren zu erhöhen, sowie auch Kultur, Kunst und Wissenschaft. Der Mensch hat neben dem Trieb der Fortpflanzung und dem, zu essen und zu trinken, zwei Leidenschaften: Krach zu machen und nicht zuzuhören. Man könnte den Menschen gradezu als ein Wesen definieren, das nie zuhört. Wenn er weise ist, tut er damit recht: denn Gescheites bekommt er nur selten zu hören. Sehr gern hören Menschen: Versprechungen, Schmeicheleien, Anerkennungen und Komplimente. Bei Schmeicheleien empfiehlt es sich, immer drei Nummern gröber zu verfahren als man es gerade noch für möglich hält. Der Mensch gönnt seiner Gattung nichts, daher hat er die Gesetze erfunden. Er darf nicht, also sollen die anderen auch nicht.

Um sich auf einen Menschen zu verlassen, tut man gut, sich auf ihn zu setzen; man ist wenigstens für diese Zeit sicher, daß er nicht davonläuft. Manche verlassen sich auf den Charakter.

Der Mensch zerfällt in zwei Teile:
In einen männlichen, der nicht denken will, und in einen weiblichen, der nicht denken kann. Beide haben sogenannte Gefühle: man ruft diese am sichersten dadurch hervor, daß man gewisse Nervenpunkte des Organismus in Funktion setzt. In diesen Fällen sondern manche Menschen Lyrik ab.

Der Mensch ist ein pflanzen- und fleischfressendes Wesen; auf Nordpolfahrten frißt er hier und da auch Exemplare seiner eigenen Gattung; doch wird das durch den Faschismus wieder ausgeglichen.

Der Mensch ist ein politisches Geschöpf, das am liebsten zu Klumpen geballt sein Leben verbringt. Jeder Klumpen haßt die andern Klumpen, weil sie die anderen sind, und haßt die eignen, weil sie die eignen sind. Den letzteren Haß nennt man Patriotismus. Jeder Mensch hat eine Leber, eine Milz, eine Lunge und eine Fahne; sämtliche vier Organe sind lebenswichtig. Es soll Menschen ohne Leber, ohne Milz und mit halber Lunge geben; Menschen ohne Fahne gibt es nicht.

Schwache Fortplanzungstätigkeit facht der Mensch gerne an, und dazu hat er mancherlei Mittel: den Stierkampf, das Verbrechen, den Sport und die Gerichtspflege. Menschen miteinander gibt es nicht. Es gibt nur Menschen, die herrschen, und solche, die beherrscht werden. Doch hat noch niemand sich selber beherrscht; weil der opponierende Sklave immer mächtiger ist als der regierungssüchtige Herr. Der Mensch ist sich selber unterlegen.

Wenn der Mensch fühlt, daß er nicht mehr hinten hoch kann, wird er fromm und weise; er verzichtet dann auf die sauren Trauben der Welt. Dieses nennt man innere Einkehr. Die verschiedenen Altersstufen des Menschen halten einander für verschiedene Rassen: Alte haben gewöhnlich vergessen, daß sie jung gewesen sind, oder sie vergessen, daß sie alt sind, und Junge begreifen nie, daß sie alt werden können.

Der Mensch möcht nicht gerne sterben, weil er nicht weiß, was danach kommt. Bildet er sich ein, es zu wissen, dann möchte er es auch nicht gern; weil er das Alte noch ein wenig mitmachen will. Ein wenig heißt hier: ewig.

Im übrigen ist der Mensch ein Lebewesen, das klopft, schlechte Musik macht und seinen Hund bellen läßt. Manchmal gibt er auch Ruhe, aber dann ist er tot.

Neben den Menschen gibt es noch Sachsen und Amerikaner, aber die haben wir noch nicht gehabt und bekommen Zoologie erst in der nächsten Klasse.

(Skreaun ûnder pseudonym fan Kaspar Hauser, Weltbühne 24, Berlyn, 16 juni 1931; it tiidskrift waard ferbean yn 1933.
Kurt Tucholsky: https://nl.wikipedia.org/wiki/Kurt_Tucholsky
Kaspar Hauser (“und nach dem Kriege schlug noch Kaspar Hauser die Augen auf, sah in die Welt und verstand sie nicht”): https://nl.wikipedia.org/wiki/Kaspar_Hauser

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *