Lamentaasje fan in sjeesde boekeskriuwer

yn ’e fûle faasje skuor ik de pyreneeën troch, fierder en fierder omheech, de col d’aubisque op en oer, yn alle fjouwerenfjirtich hierspjelden ryd ik stadich hymjende útpûstende neatsizzende beswitte bealgers mei magnesium foarbehoedmiddels ûnder it gat foarby, allegearre gearten mei baskyske alpinohelmen nonsjalant achter op de holle en mei reklame foar greta thunberg oer it boppeste bil gravearre, allegearre annes en knillessen en jokes jetskes jannekes en lotgenoaten, betûfte skribinten yn de wolken dy’t stik foar stik krom fan it lange krewearjen mar mei tûk ferstân en net te min fidúsje yn de ûneinigens fan harren eigen heechtiidfeest my mûnter yn bochten sûnder tsjinlizzers foarby wiuwe oant ik úteinlik ûnûntkomber fêst kom te sitten tusken it ûndissiplinearre grize fee dat as spûksels yn de mist midden op de dyk mei loeders fan kobellen ûnder de jaren rinnendewei tsiis mei gatten produsearje en ik gjin kant mear út kin

ik hear it húnlaitsjen op de heasouder

krekt begûn mar al lang oer in plat hichtepunt hinne flean ik út selsbehâld berchôfwearts fierder en fierder de delte yn op lourdes ta wêr’t ik middenyn in eksaltearre wûnderwrâld rêstich en fredich foar de grot oer yn de selsgelde benediksje fan it gewisse myn siel te lodderjen lis om in requiem fan verdi te beharkjen mar dêr komme de earste blide susters fan treast en barmhertigens al op my ta om sûnder fierdere betingsten my te stypjen yn de boppesinlikheid fan sûnens dat hjir tusken de basilyk en de boarn fan it ynstrield wetter hingje moat en op ’e nij kin ik gjin kant mear út

it gelach wurdt hurder

o.m.g. ik soe no op hûs oan moatte om de fan my al mar útstelde konfrontaasje oer myn ûnfoltôge opus magnus mei dy oan te gean mar earst moat ik hjir tusken de bernadettefleskes dizze godlike komeedzje ferwurkje om’t earne oan de oare kant fan de ôfgrûn mooglik dochs de profetyske anneks profytlike louteringsberch te beklimmen leit en dus en dat en oars samar net set ik mei de blierhertige moed fan in Don Quichot de earste stappen yn in tiidleas tsjustere wrâld mei om my hinne de noed en nachtmerjes fan myn grutste tekoarten, myn swartste tinzen, al myn swakten en myn ûnophâldlik fealen as piipbaboarterke op lettere jierren dy’t baronspylje woe, in wurdsiker sûnder ynhâld en betsjutting, in moaiskiner mei ôfwaaide alliteraasjes streekrjocht út it almenak en dêr yn de djipte ûnder it opflamjen fan in ergerlike selskwelling trek ik it lêste oardiel as in tekken oer my hinne en bliuw mei myn hipperljochtsjend skerm yn it tsjuster sitten sûnder in kant op te gean

de kûgel is troch de tsjerke

want ik wit dat dy rubikonneske berch foar my net te beskriuwen falt, hjoed net en moarn noch minder, want hoe kin ik echte hurde bûter op in beskútsje of kroissant útsmarre sûnder dy te ferkrommeljen en hoe kin ik sliepe as it my de nacht troch spûket en hoe kin ik it oersicht hâlde as ik kear op kear nustjesykend al stykjen bliuw op de alderearste alinea en hoe soe it wêze ast nochris hûndertfyftich siden fan dizze swetserij trochwrotte moast dat fan no oan breidzje ik myn stikjes mar moai wer binnen tûzen wurden ôf om net noch fierder alle kanten op te gean

2 gedachten over “Lamentaasje fan in sjeesde boekeskriuwer

  1. Tsja, it hat wat fan ûnderskatting fan eigen kapasiteiten..
    Dochs in nijsgjirrich stikje.
    4 ekstreem lange sinnen en 3 koarte. Dat makket it al bysûnder.
    In langere iepeningssin ha ik noch nea lêzen, mar ja, ik haw net alles lêzen dat der skreaun is.
    It liket my in hiele toer om it sa te krijen. It rint ek noch kreas.
    Ik soe dochs mar mei in boek úteinsette…

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *