Lêze pake!

‘Lêze pake!’ Sietse pakt Jip en Janneke. Hy wol dat ik him foarlês. Foar de tredde kear hjoed. Altyd deselde twa ferhalen. Hy jout my it boek. Sietse klimt op de bank nêst my. Ik lis myn earm om syn rêch hinne.
Jip en Janneke boartsje tegearre.
Jip rûn yn de tún en ferfeelde him o sa. ’Ferfeelsto dy wol ris, Sietse?’ Sietse seit neat. Pake mei syn rare fragen. ‘Moatst nee sizze.’
‘Nee.’
Och heden, wat sjocht er dêr? In lytse iepening yn de hage. ‘Hawwe jimme ek in hage yn de tún?’
‘Lês no!’ Wat soe der oan de oare kant fan de hage wêze, tocht Jip. ‘No? Wat is dêr, oare kant de hage. Dat witsto al, of net?’ In paleis, in hek, in ridder?
‘Nee hè, pake?’
‘Nee hè, Sietse.’ Jip gie op de grûn sitten en seach troch it gat yn de hage. En wat seach er?
‘In noas, in mûle en twa blauwe eagen!’
‘Krekt!’ Dêr siet in famke. Sy wie like grut as Jip. Hoe hjitsto?
‘Janke!’
Janneke, sei it famke. Ik wenje …
‘Nee, Janke! Sy hjit Janke, Pake. Janke!’
‘O ja, dat is ek sa, Janke.’ Komst mei my boartsjen? Ik krûp wol troch it gat, sei Jip. ‘Sjonge, dy Jip dochs.’
‘Net dwaan, Jip! Net dwaan!’
‘Wêrom net, Sietse?’
‘Hy komt fêst te sitten. Dan moat er skrieme.’
‘Och, falt wol ta, juh. Sjoch mar nei it plaatsje. Dit is Jip en dat is Janneke, Janke, sorry. En dat is it gat yn de hage. In grut gat. In hartstikkene grut gat. Dêr kinne Jip en Janke wol tagelyk tegearre trochhinne. Of net dan? Hoe kin er dan fêst komme te sitten, Sietse?’
Sietse sjocht nei it plaatsje. Dan sjocht er my oan. ‘Jip moat earst in protte appels ite. En dan wurdt er sa dik, krekt sa dik as pake. En dan sit hy hartstikkene fêst. En dan moat er skrieme, hè pake?’

Sietse blêdet in pear siden fierder. Hy komt by it oare ferhaal. Pake fynt dat it aldermoaiste ferhaal. In kuorkefol appels foar pake.
No moatte jimme tegearre in kuorke appels nei pake ta bringe, seit Jip syn mem. Elk oan ien kant en it kuorke tusken jimme yn. En jim moatte pake mar fan mem groetsje.
‘Hoi, pake.’
‘Goeie Sietse.’ Wy klappe inoar in heul hege fiif. ‘Sil ik no fierder gean?’ Jip en Janke rinne mei harren kuorke de dyk lâns en in skoftke letter seit Jip…
’Der sitte reade appels yn en griene,’ ropt Sietse.
Ja, seit Janke, en de griene binne lekkerder.
‘Nettes,’ seit Sietse, ‘de reade binne folle lekkerderder.’
Eefkes priuwe, seit Janke. Se sette it kuorke del en Janke byt yn in read appeltsje. Sietse byt yn in grien appeltsje. ‘Hè, Sietse? Do bytst yn in grienen-ien.
‘Dy is lekkerderder, seit Sietse,’ seit Sietse.
Nee, dizze is lekkerderder, seit Janke. Mar dat is nuver. Net alle reade appeltsjes smeitsje itselde. Dizze appel sjocht der moai út, seit Janke.
‘En dizze noch folle moaier, seit Sietse,’ seit Sietse.
‘Wat in moai ferhaal, net Sietse?’
‘Ja, want se ite yn alle appels.’ seit Sietse. ‘Se ite fan alle appels in lyts stikje.’
‘Ja, mar dat kin dochs net, Sietse. Oeioeioei, wat sil dy pake lilk wêze!’
‘Nee, hear,’ seit Sietse, ‘pakes wurde net lilk.’
‘Nee, dat is sa. Sil ik fierder lêze?’
‘Fierder lêze.’
De groeten fan ús mem, seit Jip. En hjir binne in heule protte appels, seit Janke. Mar oeral is in stikje út, seit Jip. We hawwe se al preaun, seit Janke. En se binne beide hiel hiel hiel bang. ‘Foaral Sietse, dy is hiel bang foar syn pake.
‘Nettes!’
‘Want wat seit pake dan?
‘Dy appels binne no folle lekkerderder, seit pake,’ seit Sietse.
‘Krekt, Sietse, en no sille wy beide in lekkere reade appel ite. Want dy binne it lekkerststste, of net?’ Sietse lit him fan de bank glide. Hy wol in appel pakke.
‘Ho Sietse, pake moat noch it lêste lêze. Dat soe er hast ferjitte.’ As Sietse letter oan mem fertelt dat hy en Janke ûnderweis fan alle appels iten hawwe, dan seit mem: Pake is fierstente goed. Soe dat wier wêze, tinkst? ‘Wat tinksto Sietse, is dat wier?’
‘Appel ite, pake?’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *