Life dream

‘Ik bin hartstikke lokkich op myn boat. Man, ik wol fan myn libbensdagen net mear yn in gewoane wenning sitte. Dan reitsje ik binnen de koartste kearen wer depressyf. En ik bin al sa faak berôve troch alderhande strûkrôvers, de oerheid foarop.’ Earst wenne Markus Olijve (47 jier) yn in rigelhûs by ús yn it doarp. In skieding sette alles op ’e kop. ‘Man, ik hie in hypoteek fan sa’n 1200 euro yn de moanne. Net te beteljen foar in man allinne. Doe die ek noch bliken dat ik skulden hie, dêr wist ik neat fan ôf! En doe krige ik ek noch ris artroaze yn de skouders en koe myn wurk net mear dwaan. ZZP-er yn de bou, swier wurk en ik wie in bêsten-ien, dat kin ik dy fertelle. En op in dei pakte ferdomme de plysje my ek noch myn rydbewiis ôf, dy smearlappen.’

Op dat stuit naam Markus it beslút om de wenning te ferkeapjen om dan mar op syn boat te wenjen, in motorjachtsje dêr’t er yn bettere tiden mei frou en bern de Kager petten op fear. ‘Dat joech my rêst, man, frede yn de kop’. Markus kin oars bêst foar him sels soargje. ‘Ik wol de mienskip net ta lêst wêze, sa min mooglik yn alle gefallen.’ Hy hat in dakleazen útkearing, mar om’t er yn de skuldsanearring sit bliuwt der net folle fan oer. ‘Ik ha no sa’n fyftich euro yn de wike te besteegjen, dan hâld ik twa tientsjes oer om fan te iten. Mar ik rêd my wol, hear, ik rêd my wol. Wolst net witte wat dy supermerken allegearre wol net weismite. Ik tink dat ik faker in byfstikje yt as it gemiddelde húshâlding hjir yn it doarp.’ Hy giet wol ris nei de itensbank oare kant it doarp, mar meastentiids libbet er fan er byinoar skarrelet. Fan wat de minsken en bedriuwen weismite, mar ek fan de natuer. ‘Beien, poddestuollen, brânnettels, flear, dit wurde fansels wer de goede tiden fan it jier. En ik fang geregeldwei in fiskje hjir yn it kanaal of wat rivierkreeft, dat is pas lekker man! Ik sjit ek gauris in strûpein mei de buks. De minsken roppe dan wolris dat se dat gemien fine, of dy suertsjes fine dat o sa begrutlik, mar ik doch it echt net foar de aardichheid! Echt net, ik doch it om wat te fretten te hawwen.’

Wetter en elektra hat Markus net op syn boat, ek gjin rioelearring. ‘Wetter helje ik by in kunde yn de buert. Foar it opladen fan myn mobyltsje en myn dvd-spilertsje ha ik in sinnepanieltsje. Ik ha in húske hjir op it boat en wat ik dêr produsearje is foer foar de fisken. As ik my dûse wol gean ik nei de sporthal, hjir efkes fierderop, en in inkelde kear bring ik de klean nei de waskerette.’ Iten siede en syn boat ferwaarmje docht Paulus mei in selsmakke rocket stove, in soartemint fan heech-rindemint houtkacheltsje. ‘Dat is genôch foar my, ik bin net sa’n kâlden-ien.’

Wat fynt er fan de de nijbou oare kant it wetter? ‘Ferskriklik. Rike stjonkerts, se wolle my hjir wei ha, fansels.’ Eins hie er op ien april al fuort wêze moatten, mar hy mocht noch twa moannen langer lizzen bliuwe. Twa moannen, net mear. Op ien juny moat er hjir werklik wei en Markus wit op dit stuit fan noch gjin kanten wêr’t er hinne kin. ‘Se wolle útsicht op dit park ha, net op myn hâlden en dragen op dizze boat.’

Markus Olijve hat net folle fidúsje yn de mienskip en noch minder yn de polityk. ‘Ferline wike kaam der in frommes lâns dy’t mei har mobyltsje oan it filmjen wie, wylst se de hiele tiid besocht in petear mei my oan te gean. In pear dagen lyn seach ik har werom yn de eftertún fan it hûs dêr op de hoeke. In ferslachjouwer fan de krante hat my fertelle dat dêr de wethâlder fan sosjale saken komt te wenjen. En krek dy man soe, nee, moat in nije plak foar my fine. Mar tinkst dat er by my lâns west hat? Tinkst dat er by my in kofje kofje drinke wol? Hy stjoert ferdomme stikem inkeld syn frou om my út eigen baatsucht sa gau mooglik oan de skandepeal te spikerjen. Ik ha eins skjin myn nocht fan dizze wrâld. As it sa moat, dan hoecht it foar my net mear. Mar ja…’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *