Literatuer, filosofy en in lofsang op it populisme

In wike yn de Elzas. Madame toant ús, fleurich inkeld Frânsk pratend, wiidweidich it appartemint yn wat eartiids it bûthús west hat. De ynrjochting is modern en fol Ikea-guod, wy fiele ús daliks thús. Ik sjoch in kast mei boeken en ik poch yn myn skoalFrânsk dat ik hiel graach lêze mei, sterker noch, dat ik wolris wat skriuw. ‘Myn man ek,’ seit se. ‘Hy is filosoof, skriuwt filosoafysk-politike essays en boeken. S’il vous voulez, kom moarn lâns foar in apéritif, dan kinne jimme prate as skriuwers ûnder elkoar.’ Blinders, hie ik my no mar stilholden: dy man is fansels fan in gâns oar sjapître! Ik bin net iens in skriuwer.

As wy de koffers leech hawwe en de strieminne wifi oan de praat, googelje ik monsieur et madame. Beide binne dosint filosofy op in lycée en hy hat net minder as trije boeken skreaun. Syn belangrykste boek liket te wêzen Éloge du populisme, Lofsang op it populisme. Och hearkes, myn opfettingen datoangeande soene, foar’t safier ik dy ha, wolris fjouwerkant oars oan sines wêze kinne. En myn Frânsk om serieus in dialooch oan te gean is behoarlik comme si comme ça. Mar dan hat de Billy in surprize foar my. Tusken Le Chat Zen en Les fleurs du Mal stiet in twatalich pocketboekje yn de searje Folio Bilingue: Stefan Zweig syn Schachnovelle / Le joueur d’échecs. Op de linker side Dútsk, rjochts de Frânske oersetting. Ik begjin fuortdaliks: lês earst it Frânsk, dan de Dútske oersetting en dan noch ris lûdop it Frânske part. Sokke moaie lange sinnen sil ik fan myn libben sels nea út de fingers krije. En dan dy iene ferneamde sin oer de tsjinoerstelde mystike aspekten fan it skaken:

(Mar meitsje de minsken harren al net skuldich oan in beledigjende beheining as se skake in spul neame?) Is it ek net in wittenskip, in keunst, eat dat tusken dizze beide kategoryen yn sweeft as de kiste fan Mohammed tusken himel en ierde, in unike ferbining tusken alle pearen tsjinstellingen; oer-âld en dochs ivich nij, meganysk fan opset en dochs allinne wurksum yn de fantasy, begrinzge binnen in geometrysk fêstlizzende romte mar tagelyks ûnbegrinzge yn de kombinaasjes, hieltyd wer ûntjouwend en dochs steryl, in tinken dat neat wurdt, in wiskunde dat neat berekkend, in keunst sûnder produkten, in arsjitektuer sûnder konkreet resultaat en sa’t it bliken docht, lykwols duorsum yn wêzen en bestean, folle mear as boeken en keunstwurken, it iennige spul dat tabeheart oan alle folken en alle tiden en dêr’t nimmen fan wit hokker god it op ierde brocht hat om ferfeelsumheid oan ein te bringen, de sinnen op te skerpjen, de siele fuort te sterkjen.

Dêr kin ik wat mei, al wie it mar om yn in Frânske sfearbesinning te reitsjen. Wat myn ynhâldlike bydrage yn in mooglik filosofyske konversaasje oanbelanget, hie ik no myn ‘Bluff your way in Philosophy’ mar meinommen. Bluffer’s Guides (se binne der oer alle mooglike ûnderwerpen, fan seks oant de Europeeske Uny en fan de keunsten oant en mei wyn en whisky), ‘lêze hurd fuort en sitte grôtfol basisynformaasje dy’t nedich is om troch te gean as in kundige op dit flak.’ Sa stiet it op de flaptekst en sa soe it wêze kinne. De bluffer syn gouden regel wit ik noch wol: kinst oeral in kont oandraaie yn in taal dy’t de minsken net kenne, om de ien of oare reden is dat yn it bysûnder fan tapassing op it Dútsk. En ek datst yn it filosofysk petear punten skoare kinst mei betsjuttingsleaze paradoksen, (‘there is mileage yn mysticism’), lyk as ‘it iennich echte ljocht leit yn it tsjuster’ of ‘eltse stap nei foaren is in stap nei achteren.’

Mar as it safier is blike sokke mâle fratsen hielendal net nedich. De tafel stiet fol mei it lekkerste Elzasser iten en de skoanste wyn. Beide filosofen binne bysûnder ynteressearre yn ús dwaan en tinken, freegje troch en witte ûnderwilens ús subtyl te ferbetterjen yn it knoffeljen fan ús Frânsk. En, hiel oars as ik, beide binne smoute praters dy’t net te keap rinne mei persoanlike opfettingen en besonjes. We kinne de wurden wol fuortkrije, ek al prate beide doktorandy, wûnderbaarlik wier, hast gjin wurd Ingelsk. Dat spyt harren sels noch it meast. ‘Der binne twa folken yn it westen dy’t harren singelier en eigensinnich foar it grutste part op it sels rjochtsje, en dat binne de Amerikanen en de Frânsen,’ seit er. Oer sokke saken prate wy. It wurdt persoanliker. Et moi, ik ferhelje comme si comme ça oer La Frise, les Frisons et ma langue, mon amour.

Twa dagen letter nûget monsieur my jûns út foar in eachweiding oer syn idyllysk pastoraal doarpke dêr yn de delte fan Le Grand Ballon en sa komme wy kuierjend dochs te praten oer syn boeken en analyzes fan it ferskynsel populisme. As ik him freegje oer de Zeitgeist fan tsjintwurdich rekket hy echt oan it ferhaal. It begrip ‘Zeitgeist’ stiet min ofte mear sintraal yn syn tinken en opfettingen. Ha ik wer.

‘Populisme is de weropstanning fan les colsbleus, de janmodalen fan bûten de stêden, de bouwers en de hoeders fan ús maatskippij mar ek de lêste en grutste ferliezers fan ûnferbidlike amorfe neo-liberale krêften. De plattelânsbefolking is troch de jierren hinne ferhânsele en ferkwânsele, yn alle gefallen ferrifele en ferknipt troch de elite fan de ûntwikkele ynternasjonaal oriïntearre baby-boomers, fan de tsjustere, neat sparjende krêften fan ferfrjemde en koartsichtige politisi en fan de multinationals. Populisme is it ûntsjinkearber troch de manlju en froulju op it plattelân oprjocht opkommen foar op ’e nij kontrôle oer eigen belang en begear. Foar eigen lân en eigen regear. In rjochtfeardige revolúsje fan nasjonalisme en entiteit om ús ûnoerdraachbere frijheid, of wat der noch fan oer is, te redden.’ Teminsten, ik tink dat is wat er seit, comme si of comme ça.

Ik wit net folle better as fier Heraclitus op mei syn alles beweecht en wy, wy bewege mei. Yn ien eagenblik kin de wrâld feroarje, en wy ek. Yn in fleach fan dwylsinnigens neam ik ek Montaigne en yn him fine wy op it ein fan ús kuier in mienskiplik platfoarm. ‘Krekt,’ seit de filosoof, ‘mar hoe krije wy de wissichheid dy’t wy sa nedich hawwe, as wy nea in fiksearre punt hawwe?’ Wy komme ta de konklúzje dat wy ússels sjen kinne as hynsteriders. Wy drave mei en wy drave hurd, mar fine ús lykwicht, ús hâldfêst yn ús seal. Hokker seal kieze wy? Hy fjouweret honkfêst Le Gran Ballon op foar in machtich útsicht op eigen lân, ik sil op myn swarte wol ferdwale yn in wide wrâld fol gaos. Kommend jier mar wer ris dy kanten op en dan wol ik minstens ien essay skreaun ha, dat ik mei monsieur beprate wol. Oer tradisjoneel sosjale hierargyen dy’t wy samar net konservearje kinne. Of samar net feroarje kinne? Hjir moat ik noch eefkes oer neitinke.

Stefan Zweig: Schachnovelle/Le joueur d’échecs, Éditions Gallimard, ISBN 978-2-07-045005-3, 2013 (side 36)
Jim Hankinson: Bluff your way in Philosophy, Ravette Books Limited, ISBN 1-85304-136-X, 1985
Vincent Coussedière: Éloge du populisme, Élya Éditions, ISBN 979-1-09-133600-0, 2012

Gîte des pensées sauvages, Geishouse, Haut-Rhin; Gîtes de France, Réf. 68G2935

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *