Los fan it liif

Sûnt it Venusbyldsje op myn paad kaam falt it my gauris op hoefolle swierlivige minsken der binne. In pear wike lyn wie soks ek it gefal by de gate fan EasyJet op Skiphol. Der wie in swierich groepke fan sa’n tsien froulju dy’t mei-inoar de measte wille hie. Yn it fleantúch nei Lanzarote siet ik nêst ien fan harren. Se prate Frysk mei in groepsgenoate oan de oare kant fan it middenpaad en beide froulju wiene behoarlik op ’e rattel oer de rest fan de groep. Ik fûn it wol sa fatsoenlik om myn buorfrou witte te litten dat ik as Fries harren petear wurd foar wurd neikomme koe. Sa rekken wy oan de praat.

Ik hie in keammerke boekt yn it iennige kleaster op it eilân, midden yn it sintrum fan de âlde haadstêd Teguise. De sân muontsen dêr, ek net de jongsten mear, ferhiere foar in perioade fan minimaal trije wiken ien sel, en net mear as ien, oan in ûnnut as ik om dy tusken de fjouwer deistige bidstûnen troch ta besinning te bringen oer breklikheid en oare tekoartkommingen. Om ein jannewaris hinne bin ik altyd wurch en siik, en fielt de grûn ûnder de fuotten oan as driuwsân. It leafst bliuw ik dan op bêd lizzen om my yn selsbeklach om te draaien. Troch it jier hinne is myn ûngemak dat ik wol graach skriuwe mei, mar dat it skriuwproses in hiele heikeraazje bliuwt en it einresultaat te faak in desepsje bliket. Wat moat ik hjir no mei? It bliuwt mar oan my fêstheakjen. Moat ik der in ein oan breidzje en myn blog ûnklear meitsje, of sil ik dochs noch wat langer trochwrotte? Gewoanwei bin ik net sa twivelich en ûnwis oer myn hâlden en dragen. Ik sjoch mysels as in frijwat nochteren keardel dy’t it libben maklik temjitte komt en normaliter op basis fan heldere feiten en kleare arguminten sa syn eigen konklúzjes lûkt. Mar winters, mei dat ferdulde skriuwen of net skriuwen fan my, sit it nei myn gefoel krekt wat oars en aardich wat djipper. It wie tiid om wer ris op ’t gat te sitten foar in safolste besinning.

Elly, myn buorfrou oan it gongpaad, wie mei har klupke fan tsien froulju -har Maria Magdalena Genotskip neamde se it- op wei nei in yoga-retrête bûten Yaiza, oan de râne fan it nasjonale park fan de Lanzarotyske lavafjilden. Hoe sei se it ek al wer? Wy wolle op dat spiritueel eilân acht dagen lang yn de kunde komme en de ferdjipping oangean mei ús Godlik Frou-Wêzen. Want, sei se, eltse frou is in goadin yn it djipst fan har siel. Ik moast der muoite foar dwaan net te laitsjen om dizze klearebare ûnsin. Mar se koe it kalm en dúdlik útlizze, en it duorre net lang foar’t ik besefte dat wy beide úteinlik op Lanzarote itselde fan doel wiene: te witten komme wat ús persoanlik oanfitere om dan de krêft of ynspiraasje te finen om op ien of oare manier fierder te gean. Ik sei dat ik, foar’t safier ik mysels kende, net sa leauwich en wis net spiritueel of sokssawat bin, mar dat ik dus op sa’n manier tafallich ek myn eigen god oan it sykjen wie. Tafal bestiet net, sei se mei klam, en se sette entûsjast útein oer har spirituele reis om it froulik prinsipe fan sêft setten en frij wêzen op ’e nij te aktivearjen. Doe begûn se my fragen te stellen. Ik koe en soe en moast har doe eat fertelle oer de empiryske strekking fan myn wrâldbyld, oer dat ik as humanist dochs mar moai in bysûndere belangstelling ha foar it libjen yn kleasters, oer myn passy foar Gregoriaanske lietkeunst en oer myn jierren duorjend projekt om Spaansk yn ’e slach te krijen. Wy koene it tegearre wol pratende hâlde, Frou Visser en ik, dy fjouwer oeren op de flecht nei Lanzarote. Sy kikte op har wrâldbyld en ik op dy fan my, mar binnen de grinzen fan ús tsjinstellingen hiene wy beide, of de goaden yn ús, fan wjerskanten it noflik soarte fan oantreklikens dat se tsjintwurdich op Tinder leau ik in klik neame.

Krekt foar de lâning woe se myn telefoannûmer hawwe. Ik sei dat ik myn mobyltsje net by my hie, want neffens de bepalingen moast ik it hiele ferbliuw yn it konvint troch media-technysk ynkommunikado bliuwe. Stom fansels, om dan ek überhaupt gjin telefoan mei te nimmen. Ik moast wer ris roomsker as de paus wêze. Ik neamde wol út klearebare idelens myn blog dêr’t se wat mear oer my te witten komme koe. Mar se woe my dochs graach in kear treffe dêr op Lanzarote, en dus praten wy ôf op har frije middei, de woansdeis, om twa oere by de stjerke mei de heechste toer op of by de sintrale plaza fan Teguise. Want perfoarst gjin stêd yn de wrâld of der sil wol in plein wêze mei in tsjerke. Ik soe wol in manier fine om dy middeis foar in pear oeren it kleaster út te slûpen.
Sy stie by har genotskipsgenoaten wylst se op de koffer wachte. Ik seach har dêr sa stean, midden tusken de oaren. Net de grouste en net de lytste, net de jongste en net de âldste, mar wat in nijsgjirrige frou en wat in enerzjy. Ik hie gjin koffer by my, dat ik wie sa klear. Ik swaaide noch efkes, mar se seach my net mear gean. Bûten yn de woldiedige waarmte socht ik in taksy om my nei it kleaster te bringen.

De banken sieten hurd en it iten wie sunichjes, mar it sjongen merakels moai en ik slepte as in moalsek op in opfallend sêft matras. Inkeld dy nacht fan tiisdei op woansdei hie ik hinderlike dreamen oer hege beammen, hurde wyn en djippe gatten yn de grûn sa tsjuster as de hel. Woansdeitemiddeis om kertier foar twaen siet Elly al op de motorkape fan in grutte auto op my te wachtsjen. Doe’t se my yn de gaten krige lake se gol en joech se my in dikke knoffel. Ik sei dat se in moai kleurke krigen hie, sy sei dat ik noch wat bleek om de noas bin, mar dat se dêr wat oan dwaan soe. ‘Ik hoopje datsto mei dyn humanistyske fisy op de minskheid net al tefolle keken bist’, sei se. Ik woe witte wêr’t sy it yn de goedichheid oer hie, in wurd as keken kende ik net. Se woe der no neat oer sizze. Underweis nei Yaiza frege se nei myn dagen yn it kleaster. Myn hichtepunten wiene, sei ik, dat in grouwe hommel mei it swaaien fan myn Spaanske bibel net it rút út te krijen wie en dat ik foar de mienskip fan muontsen JOB 3 en 4 foarlêzen hie, eat dat hannele oer it ferwinskjen fan ús lot en wêrta wy yn it libben binne. Dêrnei prate sy hûndert út oer de oare froulju fan it groepke en oer hoe’t se mei-inoar alle moarnen op it meast eastlik puntsje fan it eilân de sinne opkomme seagen. Sa’t it like hie se nei dy pear dagen op Lanzarote noch mear enerzjy opdien as se fan natuera al hie.

By it resort naam se my mei nei har keamer. No komt it, sei se. Ik wol dy ûnderfine litte hoe’t it is om hjir midden tusken de lava yn de natuerlike waarmwetterboarnen te lizzen. Ik doch it alle dagen sa faak en sa lang mooglik, tusken it yogabedriuwen troch. Foar my is it suver genietsjen. Ik kom los fan dat ferrekte liif fan my en kin my dan hielendal ûntspanne. Ut dy klean, do. Hjir hast faktor fyftich om dyn gesicht, hals en skouders mei yn te smarren en ast wolst leit dêr in duster om efkes om dy hinne te slaan foar dy tweintich meter rinnen bûtenom nei de baden ta.

Ik moast it mar oer my hinne komme litte. Ik hie faak lêzen oer hoe wichtich it is om ris in kear bûten de eigen komfortsône te stappen. Blykber wie dit myn tiid en plak. It wetter wie molkeftich ljochtblau en mei de wite muorren tusken de swarte lavastiennen seach it der bûtenierdsk út. Elly stapte op ien fan lizzersplakken yn it wetter ôf en en betsjutte my dat ik nêst har komme lizze moast. Se die in swarte bril foar de eagen. Sa, no kin ik dy net sjen, dus do hoechst net ferlegen te wêzen ûnder myn eagen. Ik sjoch dy net. Ik stel foar dat wy it earste healoere efkes hielendal neat sizze. Jou dy del en lit dy gean. Untspan dy. Wês ien mei de omjouwing. Aansten sille wy prate.
In lyts setsje wie ik my noch bewust fan dat machtich bleate liif nêst my, mar ridlik gau koe ik my konsintrearje op wêr’t ik wie. It wetter fan in folmakke temperatuer, de waarmte fan de sinne fielde o a noflik, yn de fierte hearde ik harpmuzyk en nêst my begûn Elly sêft te snuorjen. Ik hie net de minste behoefte om de holle om te draaien en har oan te sjen. Stadichoan fielde it as sweefde ik yn de romte boppe de ierde. Ik seach mysels yn in komplete fredichheid, hoe moat ik it sizze, as wie ik yn folsleine harmony mei mysels. En ik fleande heger en heger en heger.

Ynienen hearde ik Elly sêftkes praten. ‘….fannacht oer dy. Do sitst as in âld-Grykske filosoof op in swarte stien boppe oan de râne fan ien fan dizze fulkanen hjirre en skriuwst mei in blauwe Bic-pin op wat in lange rol perkamintpapier liket. Dyn sinnen en dyn ferhalen binne as it lava dat oer de griene fjilden streamt. Watsto dêr skriuwst wurdt hoe langer en langer, de wyn waait as in lekken it papier oer de lavafjilden hinne. Do bliuwst mar skriuwen, ik bin de wyn en giselje om dy hinne. Ast opsjochst flean ik dyn eagen yn en sa kom ik yn dy. Ik bin dy. It is net mear in dream, it wurdt in aldermachtichst fisjoen. Ik ha dit sa nea earder meimakke. Ik bin dy, yn al dyn wêzen en it wurdt my kâld om it lea. Ik ferdwaal yn dy, wol derút, ik ha mysels ferlern. Dan tekenest in lemniscaat oan it ein fan it papier, it papier is op, do sjochst my yn de eagen en do lakest my ta. Ik flean út dyn lichem dat ik efter lit. Al mar oan wurdsto lytser. Ik fiel en ik wit: leafde is ien siel yn twa lichems. Ein fan fisjoen.

Wat fynst der fan? Neat sizze. Dit is wat ik tink, ik ha hjir de hiele moarn oer neitocht. Do bist prachtich en moai, en wiis en waarm, mar hast net it fjoer en it gebolder fan de fulkanen yn dy, do mist yntuysje en de spontaniteit fan de spylman. Bist te feitlik en te krekt, it moat dy te moai en te sekuer. Witst, dit eilân sit stiiffol spiritualiteit, oan de kop ta fol mei enerzjy. Dêr moatst foar iepenstean wolle. Moatst it oandoare om fierder te sjen as it opperflakkige. Net sa benaud, blikstiender. De wrâld is safolle mear as inkeld dat watst om dy hinne sjochst. Ast wat mear los komst fan dysels, asto dyn ûnbewuste prate litst, asto de ferwûndering oer dy hinne komme litst, dan silst ûnderfine dat der safolle oare moaie saken binne. Hoechst it allegear net te begripen, hoechst der gjin ferklearringen foar te finen. Der binne ûntychlik wichtigere saken as it feitlik alledeiske.

Mei ik dy, mei dyn nochteren humanistyske ynslach en dyn adagium dat alles psychology is, hjir fan ûnder út it wetter wei en los fan dit grouwélich liif wat tips jaan? Lês Goethe en lês Faust, lês Freud en lês foaral oer Jung en syn analytyske psychology. Doch it no mar, kinst der neat mei ferlieze, inkeld better fan wurde. Ast wolst. Also sprach Sarah Troelstra. Ik ha sein. Dit wie myn fisjoen. Dit hie ik dy te fertellen.
En foar’t daliks myn fleurige kammeraatskes wer weromkomme en ik dy by it kleaster ôfsette moat, wol ik op ’e keamer yn al myn frou-wêzen mei dy frije of mei dy dûnsje, ien fan beiden. Tagelyk kin ek. Do meist it sizze, it is dyn ferhaal.’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *