Matthijs van Boxsel: De ensyklopedy fan de dommens

Wat is in Amsterdammer? Amsterdammer is wa’t Amsterdammer neamd wurdt. De namme sels blaast de Amsterdammer libben yn. Mar dat is net alles. Eltse Amsterdammer beroppet him op eat wat net te begripen is troch bûtensteanders. Dat kenst of kenst it net; it falt net út te lizzen. De grap is fansels dat dizze mysterieuze kearn bestiet by de graasje fan oarman syn ûnwittendheid. Mar ek de Amsterdammer sels hat gjin flau benul wêr’t er it oer hat!

It Amsterdammerskip bringt twaspjalt tewei tusken de ynwenners oer it antwurd op de fraach wa’t no eins de wiere Amsterdammer is. Sa ferhinderet it Amsterdammerskip de Amsterdammers Amsterdammer te wurden. Dat is de selsdestruktive dommens. Mar tagelyk is dy idioatens in besteansbetingst, want spul oer syn identiteit definiearret no krekt de wiere Amsterdammer. Dêrom hat it ek gjin sin te sizzen dat der gjin echte Amsterdammer bestiet; de Amsterdammer bestiet allinnich yn de mislearring. De Amsterdammer bedijt allinnich yn de ôfstân dy’t him skiedt fan himsels as Amsterdammer. De Amsterdammer is typysk Amsterdams yn de fernuvering, yn de twivel dy’t him oantrunet him te manifestearjen as Amsterdammer. Hy is Amsterdams yn de grêften, flaggen, lieten, draaioargels, gebouwen en oare min ofte mear monumintale bliken fan syn ûnmacht it Amsterdammerskip yn de skjirre te krijen. Hy is Amsterdammer yn de swetserij, yn de ivige rige kleurige, mar mislearre besykjen te bewizen dat er in Amsterdammer is. Reden wêrom de grutste Amsterdammer altiten út de provinsje komt. Nederlân is de haadstêd fan Amsterdam, en Fryslân is in wyk yn Buitenveldert…

In echte Amsterdammer dêrtsjinoer hoecht him net te bewizen, hy draacht neat by ta de identiteit fan Amsterdam. Fan rjochten is er oerstallich. Reden wêrom de Amsterdammers massaal ferhúzje nei de provinsje. Dêr hoedzje se fanatyk dykhúskes, rotguozzen en it grien, koartsein alles wat bydraacht ta de smûke identiteit fan it plattelân.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *