Moraalridders

Stimme
Wolkom by de bekendmakking fan de Rely Jorritsma Priis 2019! Earst ús ferûntskuldiging foar de fertraging troch dy aksjefierders, mar jimme hawwe der niis sels tsjûge fan west hoe’t de ME lang om let dy lju fan Screw High Tech, sa’t dat rosmos harsels blykber neamt, mei sukses ôffierd hat. Good riddance!
Dus de Rely Jorritsma Priis 2019! It sil heve! Dit jier wiene der mar leafst in totaal fan 243 ynstjoeringen. Dêr kin Fryslân grutsk op wêze! Fierwei de measte ynstjoeringen wiene gedichten, te witten 235.

Broer1
Dy is binnen, tinkst net? Man, ús priis stiet al sa fêst as in hûs!

Broer2
No, ik wit it net, ik wit it net. Wy sieten fansels de swiere kant it neist, mei ús dystopysk ferhaal oer de morele sinjouwing fan in kanonskûgel yn it stimlokaal foar de Europeeske ferkiezingen.

Stimme
Oandacht graach! Foar de útslach jouwe wy it wurd oan de foarsitter fan de sjuery, de hear Arthûr Dytoer!

Arthûr Dytoer
Ik sil it net al te lang meitsje, want wy hawwe al hiel wat tiid ferlern troch dy ferrekte oproerkraaiers en jim binne fansels no noch nijsgjirriger wa wat wûn hat.
Of moat ik dochs sizze, wat wat wûn hat? Op basis fan Frjentsjer Analytics gegevens, tige tank froulju, witte wy nammentlik dat op fjouwer nei alle gedichten yn it Relygister fan dit jier generearre binne troch fers-algoritmes, en wol dy fan it type Sinteklaas. It docht mar wer bliken hoe sterk ús tradysjes binne. Ek de ferhalen dizze kear, op in stikmannich nei, binne produsearre troch algoritmes, benammen dy foar populêr proaza en yn it bysûnder it romantysk sjenre.

Broer1
No hearst it sels, der binne mar inkelde persoanen dy’t sels wat skreaun hawwe. Screw High Tech hat dus wer ris absolút gelyk. Hast alle ynstjoeringen sil turf út de baggerbak fan de kompjûter wêze, brânhout dus: fol fet en sûnder in inkeld streamke sjeu.

Broer2
Ssssst. Ik wit it net, ik wit it net. Wat sei Master Brandsma altyd? Moatst net fan leave grytsjes roppe as se noch yn see swimme? Ik wol mar sizze.

Arthûr Dytoer
Dit witte wy al, it nivo leit heech dit jier! De kwaliteit is wer bjusterbaarlik. Op gesach fan Frentsjer Analytics en mei út namme fan de oare sjueryleden kin ik sizze dat wat de shortlisten oanbelanget it iene fers noch orizjineler en moaier is as it oare en dat de ferhalen ús meislepe troch fassinearjende en bizarre wrâlden dy’t ús dan wer op it ferkearde foet sette en dan wer ferliede en ús werklik fabeleftich konfrontearje mei rûnom it sljochtens fan Jan en Alleman. Mar daliks mear hjiroer.

Broer1
Oh-oh! Oh-oh!

Broer2
Hie ik it net sein?

Arthûr Dytoer
Lokkich hoegden wy fan de sjuery sels net alle ynstjoeringen te lêzen, dat soe wat wêze, ek hjirby wie it Ynstitút Frentsjer Analytics, tankjewol froulju, ús wer o sa behelpsum. Binnen in oere nei slutingstermyn hiene wy fan alle teksten al de meast objektyf kwalitative analyze dy’t mar mooglik is. Sis no sels, wat is earliker as dat? Fan longlist nei shortlist. De kompjûter hat beide shortlisten, alle trije ferhalen en alle tweintich gedichten nochris ekstra analysearre en flink hinnewer hifke en de sjuery hat se ek noch efkes lêzen. Wy kinne jimme sizze dat de sjuery it út soarte unanym iens is mei de deeglike analyzen fan de kompjûter. Wy hiene it sels net better dwaan kinnen!
En dan no de útslaggen. Binne jimme der klear foar? Wat sei? Is Weidum der klear foar? Is it lân der klear foar?

Broer2
Kinst it wol ferjitte, broeder. It is in ferneukte saak, it is allegearre en hieltyd wer deselde skimmele daai fan flokkige Ljouwerter koeke.

Broer1
Sille wy de sporttassen dan mar iepenritse?

Arthûr Dytoer
Ik sjoch eefkes nei de rezjy, de frou by de kompjûter, dy hâldt de tiid yn de gaten… Ja, dêr ik krij ik it sinjaal. Telle jimme mei ôf? Earst de ferhalen, jimme krije op it skerm de titels te sjen en dêrby fuortdaliks de nammen fan de skriuwers. De literêre ferbylding fan Fryslân: de útslach fan de Rely Jorritsma Priis, 2019: Seis… Fiif… Fjouwer… Trije… Twa… Ien… GO!

Broer1
…Nee, hè, wer net! En sjoch ris nei dy titels: “Tút tút, ik leavje dy!” en “Komt in clown by de dokter…” en “Tweet, sei it trekkebekje.” No, dan wist it wol.

Broer2
Hie ik it net sein? Hie ik it net sein? Nim de kneppel yn ’e hannen, broer! Hjir komt diel twa fan de Screw High Tech aksje! Bist der klear foar?

Broer1
Heech, Rely! Ik fal oan, folgje my!

Broer2
Kneppelsneon! Kneppelsneon! Earst de moraal, dan de ferbylding!

Broer1
Wat seist dêr? Earst de moraal? Wat is dat foar klearebare ûnsin?

Broer2
Jawis! Earst betinke wat goed en sinfol is en dan de ferbylding der op loslitte. Sa giet it altyd. Sa hawwe wy beide dizze aksje dochs ek opsetten?

Arthûr Dytoer
Hé, jimme twa! Wolle jim hjirmei ophâlde! Sitte jimme!

Broer1
Broeder, dat is wol sa midsiuwsk! Hat it minskdom har dêrfoar net al jierren lyn ûntwraksele oan de twangbuizen fan de tsjerken? Earst komt de minsklike ferbylding. Altyd! En dêr moatte wy ús eigen moraal stevich oan ophingje.

Broer2
Libbensgefaarlik!

Broer1
Sis, do wolst dochs net beweare dat..

Broer2
Ik kin dy sa de bonken kneppelje!

Arthûr Dytoer
Order! Order!

Broer1
Moast mý net kneppelje! Wy soene ommers dy kompjûter oan barrels slaan, wist noch! Kom op!

Stimme
Wêr is dy ME? Sitten bliuwe! Allegearre sitten bliuwe!

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *