Notysjes út Ingelân (2)

Stratford upon Avon sa tichtby, dêr moast ik wol hinne. It stedsje stelde net folle foar, tefolle Shakespeare, tefolle minsken en tefolle lege winkels. Mar it lei romantysk oan de rivier, hie wat âlde hûzen en in pear winkels mei twaddehânske boeken. Yn de Chaucer Head Bookshop kocht ik Shakespeare fan Bill Bryson. Bryson is de Amerikaanske Geert Mak en skriuwt ek oer fan alles en noch wat, mar mei mear ûnearbiedigens en grapmakkerij. ‘Brilliantly funny and gently insightful’, stie op de omslach. Ik wie ferkocht.

Pas thús seach ik dat der in aansichtkaart fan Ibytsa yn it boek siet. Gjin adres en ek gjin namme fan in ôftstjoerder. In John wurdt frege of er in famylje kent, yn Londen of omkriten, dy’t in jier lang in Frânske au-pair hûzje kin. John, sa hjitte ek de heit fan William Shakespeare, in apart karakter mar dêr siet Shakespeare syn wrâld fol mei. John Shakespeare wie mofmakker en leararbeider, in populêr man en tige respektearre, dy’t úteinlik in soart fan boargemaster waard. Oant er tsjinslach krige yn saken en jildhannel en in stik of tsien skuldeaskers efter de broek krige. Hy sei abrupt al syn politike taken op en naaide derút. Der wurdt sein dat er in skoft yn Portugal as skuonmakker of yn Spanje as taskemakker wurke hat, mar dat is nea bewizen.

William Shakepeare troude novimber 1582 yn a big hurry syn Anne Hathaway, doe’t er achttjin jier âld wie en sy al seisentweintich jier. En trije moanne swier. Yn maaie 1583 waard der in dochter berne, yn febrewaris 1585 in twilling en dêrnei is er sân jier bûten byld. De jierren tusken 1585 en 1592 binne bekend as ‘the lost years’. Der binne gjin bewizen fan wêr’t er wie en wat er die, hielendal neat. Mar no witte wy it. Yn 1586 komt dy ûnbekende Fransêze as au pair foar syn trije lytse bern by William Shakepeare yn hûs en William wit net wat er sjocht. Dy simmer ferlit William hûs, frou en bern om mei har fansels nei Frankryk te gean.
With duty and desire we follow you
Shakespeare: A midsummer Night’s Dream (act 1, scene 1)

They shoot horses, don’t they?
Dizze wike yn de Cotswolds wenje wy yn in cottage op in horsefarm. Moarns om seis oere trippeltrappelje de hynders, alle tweintich, oer de stiennen ûnder ús sliepkeamerrút oan de hân fan pear flinke fammen, deselde froulju dy’t de bisten jûns om njoggen oere ek wer nei it lân taliede. Dit dogge dy stakkers sân dagen yn de wike as frijwillichsters, út leafde, ‘because we love our ponies’.

Great Britain 1 vs Europe 8
Ik ha ien fûn! In frou dy’t oertsjûgjend pro-Brexit is. Har argumint? Al dy sigeuners dy’t troch de EU it lân ynkomme en mar net wurkje wolle. ‘Mar tinke jo net dat dizze oplossing kwealiker is as it probleem?’ Nee, dat wie net sa, de takomst soe it rillegau útwize. ‘Too many bloody foreigners around here!’

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *