Notysjes út Ingelân

Yn de lounge fan de boat nei Newcastle kaam ik oan de praat mei in âldere man út Denemarken, lang, meager, koart griis burdsje en sa’n mansjestersk broek oan dêr’t ús heit faak mei yn de tún rûn. Hy fertelde my yn in kreas en steatlik Ingelsk dat er op wei wie nei syn soan yn Her Majesty’s Prison yn Morpeth, Northumberland. Sa sei er dat, ‘her majesty’s prison’. Der klonk rankune yn syn stimme. Hy woe my it ferhaal wol dwaan.

De soan, Jesper, hie in jier lyn allinne op reis mei syn motorboat fan Dúntsjerk nei Dover in ferstekkeling oan board. Dat ûntdekke hy pas healwei de reis. De weikrûpster wie in smel famke fan jier of fjirtjin. Se kaam fan Kongo-Kinshasa, hjitte Dayana, hie gjin papieren en wie fan doel om nei har tante yn Londen te gean. No way, sei Jesper, ik moat dy oanjaan by de ymmigraasjetsjinst yn de haven. Mar se rekken oan de praat, it famke yn in nuver soart Frânsk-Ingelsk en Jesper, de arsjitekt, yn syn skoalFrânsk. It waar wie kalm, sels de see wie kalm. Se iten wat en fan praat kaam praat en Jesper krige in skiednis te hearren fan earmoed, tsjinslach, kriich en frouljuspower. Hy rekke ûntdien troch de kracht fan har persoanlikheid, troch it ferskil in kânsen yn dizze ferrotte wrâld, troch it needlot dat befjochtsjen wurde moat. It begrutte him. Sûnder erch lei er op in stuit syn hân op har skouders. It famke stie op, draaide de captainstoel fan Jesper nei har ta en sei dat er eefkes stean gean moast. Doe’t Jesper dat die, makke sy syn broek los, luts alles nei ûnder ta en naam him yn de mûle. Jesper liet it gewurde. Dêrnei rûn it famke fuortdaliks en fluch de kajút yn en Jesper makke kontakt mei Dover Port Control sûnder in wurd te sizzen oer it famke út Kongo-Kinshasa.

Sy stapte mei Jesper it skip ôf en tegearre sochten sy út hoe’t se nei it treinstasjon rinne moast. Jesper joech har trije briefkes fan tweintich pound mei foar de reis. Ek dat noch, sei de heit. Om ien oere nachts stie de plysje by syn boat. Of er mar meikomme woe want der lei in beskuldiging fan verkrêfting fan in minderjierrich famke en minskesmokkeljen. By de rjochtsaak die bliken dat syn DNA fûn wie yn de fagina fan it famke. Hy hie gjin poat om op te stean en waard feroardiele ta fjouwer jier finzenis. Yn Her Majesty’s Prison, dêr’t it libben fan Jesper in hel is. Twa kear hawwe inmates besocht him de termen út it liif te snijen. ‘En der sil noch wol in tredde kear komme,’ sei de heit. Jesper moat op syn minsten noch twa jier dwaan.

Trije boeken kocht oant no ta: Sense and Sensibility fan Jane Austin, Alan Titchmarsh (fan Gardener’s World Fame): Nobbut A Lad, a Yorkshire Childhood en T.S. Elliot: The Waste Land and other poems:
‘I will show you fear, in a handful of dust’.

It Lake District is fyts- en foaral kuierlân. De earste dei hjir hawwe wy in slach fan in kilometer of fiif makke foar ús cottage oer dêr’t wy in wike útfanhûzje. Hûndert meter nei rjochts, by de pub (gjin telefyzje – gjin fuotballen) it dykje de heuvels yn. Oeral stiennen muorkes, oeral skiep en om de twahûndert meter in hikke dat je perfoarst wer efter je dicht dwaan moat. By ien fan de lêste hikken kamen ús twa fytsers efterop. De man en frou kamen út Portugal. Hjoed wie de twadde dei op harren trektocht fan twa moanne troch Europa. Se wiene op wei nei Skotlân, dan oer nei Ierlân om dêrnei mei de ferry nei Cherbourg te gean en lâns de kust omheech nei Denemarken. Wat hie it famke no al in nocht om yn Nederlân te fytsen. ‘Bikeparadise’ rôp se. Se setten wer ôf, o sa foarsichtich. Twa dagen letter hearde ik yn de pub dat by Grasmere, dêr wêr’t William Wordsworth begroeven leit, twa Portugese fytsers jûns oanriden wiene troch in frachtauto en dat de man ferûngelokke wie.
The clouds that gather round the setting sun,
Do take a sober colouring from an eye,
That hath kept watch o’er man’s mortality.
William Wordsworth.

Great Britain 0 vs Europe 4
Oant no ta hjir mei fjouwer minsken sprutsen oer Brexit en alle fjouwer wiene se der fûl op tsjin. Se woene der sels amper oer prate. Itselde fenomeen seach ik ek yn Amearika, dêr’t in soad minsken harren sa skamje oer Trump dat hy in no-go area wurden is. Better look outside, how beautiful the countryside is. Op Orrest Head, in heuveltop mei prachtich útsicht oer it hiele Lake Windermere, in heal oere praten mei in man fan tachtich. Hy sei dat hy wist dat de twa minsken yn syn doarp dy’t by it referindum foar Brexit keazen hiene, it harren no spiet safolle as se hierren op de holle hiene.

Moarn nei de Cotswolds. Ris sjen hoe’t dêr de flagge waait.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *