O sa nochteren, dy Friezen

Se lei te wachtsjen op de dea, mei beide bern om har hinne. Sa meager wie se, sa smel en brekber. Se soe kremearre wurde kinne op in teeljochtsje, seine wy tsjin elkoar. Wat wie se eartiids bang foar alles wat oars wie en frjemd en har ûnferwachts yn ’e mjitte kaam. Deabenaud hie se west foar it tsjuster en de tonger en foaral foar it fjûr.

Wy holden har hân fêst en lieten har soms mei in sûchreidsje wetter drinke. Sa sieten wy by har, fol treurige leafde en earbied en mei in hurde brok yn ’e kiel.

Doe flústere se wat, ik koe it noch krekt fernimme. Doch it ljocht mar út, sei se. En dat wie it.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *